Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

The O'Reilly Factor

Ut Wikipedy
The O'Reilly Factor
tillefyzjesearje
makkers
betocht trochBill O'Reilly
ûntwikkele trochBill O'Reilly
produsintFox News
tillefyzjestudioFox News-studio's
skaaimerken
sjenrepraatprogramma
seizoenen21
jierren1996-2017
spyltiid (ôfl.)60 minuten
lân/lannenFeriene Steaten
taalIngelsk

The O'Reilly Factor, dat ynearstenThe O'Reilly Report en op de ein gewoanThe Factor hiet, wie inAmerikaanskpraatprogramma op dekeabeltillefyzjestjoerderFox News dat op7 oktober1996 úteinsette. It programma waard trochkonservatyf politykkommentatorBill O'Reilly presintearre, dy't deaktualiteiten en kontroversjele politike ûnderwerpen bespruts mei gasten. De lêste ôflevering wie op21 april2017 nei't O'Reillydien krigen hie fan it netwurk nei't er beskuldige waard fanseksuele yntimidaasje.

Formaat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

The O'Reilly Factor sette útein daliks neiFox News lansearre op 7 oktober 1996. It hiet doe nochThe O'Reilly Report en waard yn 1998 omneamd taThe O'Reilly Factor. It programma waard almeast foarôf opnommen, ma sa no en dan waard it streekrjocht útstjoerd wannear't der bysûndere foarfallen geande wiene, sa as bygelyks derbreaking news wie, of wichtige politike foarfallen dy't barden yn dehaadstjoertiid. It programma waard ornaris opnommen tusken fiif oere middeis en sân oere jûnsEastern Standerd Time, en waard om acht oere jûns útstjoerd en werhelle om alve oere jûns, en hie in stjoertiid fan 60 minuten, wêrfan't der 17 minuten oanreklame. It programma waard opnommen kreksa as it programma streekrjocht útstjoerd waard, mei ûnderbrekkings foar reklame. Guon gasten waarden wolris earder ynterviewd en dat waard der dan ynplakt. Bill O'Reilly begûn syn programma fan 28 febrewaris 2005 oant 11 april 2017 ornaris mei de slachsin: "Warskôging, do stietst no op it punt de net-ferdraaiïngskrite (No Spin Zone) yn te kommen.The Factor begjint no!", dy't folge waard troch it yntroduksjeliet en dêrnei sei er: "Goeie ik bin Bill O'Reilly, tanke foar it sjen fannejûn". Dêrnei yntrodusearre er syn earste ûnderwerp, wêernei't er sei: "en dat is it ûnderwerp fan deTalking Points Memo fannejûn", dat gauris folge waard mei inynterview oer dat ûnderwerp. Regelmjittige gasten wiene ûnder oaren:Eric Bolling,Monica Crowley,Greg Gutfield,E. D. Hill,Laura Ingraham,John Kasich,Michelle Malkin,Geraldo Rivera,Tony Snow enJuan Williams.

Bill O'Reilly ynterviewt eardere presidintGeorge W. Bush yn novimber 2010

It programma hold út, lykas Fox News, "earlik en lykwichtich" te wêzen, mar kritisy, sa as bygelyks oare stjoerders en programmamakkers twivelen dêr oan, en beskuldigenThe O'Reilly Factorkonservative tinkbylden út te stjoeren.

Publyk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn ier 2009 krige it programma mear sjoggers en yn july fan dat jier hieThe O'Reilly Factor sa'n 3,1 miljoen sjoggers, 37% mear as in jier earder. Yn septimber 2009 wie it programma it meast besjoene programma opkeabeltillefyzje foar 106 opienfolgjende wiken. Yn maaie 2014 wie it noch hieltyd it meast besjoene programma, mar de trochsneed sjoggers wie del nei 2,1 miljoen sjoggers, mei in trochsneed âldens fan 72 jier. Yn maart 2015 wieThe O'Reilly Factor noch hieltyd programma nûmer ien en hie in groei fan 19% fan sjoggers fan 25 oant 54 jier.

It tal sjoggers wie ynearsten nei de beskuldigings tsjin O'Reilly yn april 2017 fanseksuele yntimidaasje noch heech. Yn de wike fan syn frije wike foar syn ûntslach, foel it tal sjoggers mei 26%.

De ein

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Nei'tThe New York Times ferslach makke fan fiif skikkings dy't O'Reilly en Fox News dien hiene oan froulju dy't O'Reilly fanseksuele yntimidaasje beskuldige, ferlearThe O'Reilly Factor mear as de helte fan syn advertearders (60) yn in wike tiid, mar nettsinsteande dat ferhege it tal sjoggers. Op 11 april 2017 make O'Reilly buorkundich dat er twa wike fakânsje nimme soe en op 24 april 2017 wer weromkomme soe.

Op 19 april 2017 krige O'Reillydien. Op it webstee fan Fox News waarden alle fuortendaliks ferwizings nei O'Reilly fuorthelle. It programma waard noch foar trije dagen fuortset sûnder O'Reilly, mar de namme fan it programma waard ferkoarte taThe Factor.Dana Perino presintearre it programma op 19 en 20 april enGreg Gutfield die de lêste presintaasje op 21 april 2017. Dêrnei waardTucker Carlson Tonight, presintearre trochTucker Carlson, op dy tiid ferpleatst.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch neiReferences op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=The_O%27Reilly_Factor&oldid=1034833"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp