Yn1877 ismajoar b.tsj. Marquis Warren innegroïdefeteraan út itLeger fan 'e Uny yn 'eAmerikaanske Boargeroarloch, dy't no aspreemjejager wurket. Yn itwinterskeTerritoarium Wyoming is er mei trijeliken fankriminelen mei inpreemje op 'e holle ûnderweis nei de autoriteiten yn Red Rock as synhynder fan útputting beswykt. Hy wit inlift te krijen yn inpostkoets mei dekoetsier O.B. op 'ebok en in oare preemjejager, John Ruth, yn it passazjierskompartimint. Ruth ferfiert sels ek in krimineel nei de autoriteiten: defroulikebandyt Daisy Domergue, op wa har holle mar leafst$10.000 stiet. Ruth stiet lykwols bekend as The Hangman ("De Boal") om't er syn kriminelen altydlibben by de autoriteiten ynleveret omophongen te wurden. Warren fynt dat gekkewurk: der is gjin manear om sa gau oan jins ein te kommen as om inwanhopigefinzene nei syn (of yn dit gefal har) wissedea te eskortearjen.
Ruth is deabenaud dat oare preemjejagers him Daisy ûntstelle wolle om sels de hege preemje op har holle te ynkassearjen, en hy lit Warren inkeld yn 'e koets ta om't de beide mannen inoar ris earder troffen hawwe. Warren hat him doe ferteld dat er kunde hie oan 'efermoardepresidintAbraham Lincoln, en hat him inbrief fan 'e presidint oan himsels lêze litten. Ruth wol dat brief mei gragens nochris lêze. De postkoets pikt ûnderweis noch inpassazjier op dy't yn 'esnie strâne is: Chris Mannix, in eardere strider foar deFerlerne Saak fan 'eKonfederaasje (d.w.s. in Súdlikmilitêr yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch dy't nei dekapitulaasje fan it Suden noch in skoft trochfochten hat). Hy beweart de nijesheriff fan Red Rock te wêzen en praat himsels sa de postkoets yn om't hy de man wêze soe by wa't Ruth en Warren harren kriminelen ynleverje en harren preemjes útbetelle krije moatte. Ruth fertrout Mannix lykwols mar heal, en hy en Warren prate ôf om gear te wurkjen om inoars preemjes te beskermjen.
Underweis reitsje Warren en Mannix yn in ferhjitte diskusje oer harren beider rollen yn 'e Boargeroarloch. Warren beskôget Mannix' Marauders, de Súdlike ienheid dy't ûnder lieding fan Mannix synheit stie, as net mear as in kliber moardners. Dêrop docht Mannix in boekje iepen oer Warren syn eigen oarlochsferline: de majoar hat inkriichsfinzenekamp ynFirginia yn 'ebrân stutsen, wêrby't net allinnich 47 Súdlike soldaten libben ferbaarnd binne, mar ek 37 Noardlike kriichsfinzenen. Warren is dêrneiûnearfol ûntslein út it leger.
De postkoets jaget foar insniestoarm út en arrivearret krekt op 'e tiid by it halteplak Minnie's Haberdashery, in mânskeblokhutte mei in stikkenedoar, dy't tichtholden wurde moat troch in plankje yn 'e doar en dedoarpost tespikerjen. Dêr is dydeis al in postkoets oankommen wêrfan't de passazjiers har taflecht yn it halteplak socht hawwe. Ruth en Warren-en-dy wurde der ynhelle troch Bob, inMeksikaan, dy't seit dat de eigneresse, Minnie, fuort is om harmem te besykjen en him ûnderwilens de lieding oer it halteplak jûn hat. Warren, dy't wol faker yn Minnie's Haberdashery komt, hat fuortendaliks syn twifels oer dat ferhaal.
De passazjiers út 'e oare postkoets binne Oswaldo Mobray, in rûnreizgjendeboal dy't ûnderweis is nei Red Rock om 'emoardner fan 'e sheriff dy't Mannix ferfange sil op te hingjen; Joe Gage, incowboy dy't ûnderweis is om 'ekryst by synmem op inboerespultsje in ein bûten Red Rock troch te bringen; en Sanford Smithers, in eardereKonfederearregeneraal dy't yn Wyoming is om it (lege)grêf fan syn al jierrenfermistesoan te berêden. Harren koetsier hat yn 'e neite fan it halteplak kunde oan in frou, en is dêr hinne gien om te wachtsjen oant de sniestoarm foarby is. Deerchtinkende Ruth ûntwapenet alle oanwêzigen útsein Warren, dy't opmerkt dat der insnoepke op 'e flier leit en dat ien fan Minnie har potten mei snobbersguod ûntbrekt.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
As yn it halteplak it brief fan Lincoln oan Warren te praat komt, barst Mannix ynlaitsjen út en seit dat it net oars kin as dat it inferfalsking is. Warren jout ta dat dat sa is: it falske brief fan 'e fermoarde presidint is foar him in handich stik ark om insympatike yndruk opblanken te meitsjen. Sa kin er bygelyks oan in rit yn in postkoets komme, wylst er oars efterlitten wêze soe omdea te friezen yn in sniestoarm. Ruth, dy't der moai ynstonken is, wurdtpoerrazen, en it ynsidint soarget foar ferwidering tusken him en Warren.
Underwilens ken Mannix generaal Smithers werom. As Warren heart wa't de âldman is, beskuldiget er him fanoarlochsmisdieden, om't er nei ôfrin fan 'eSlach by Baton Rouge allenegroïdekriichsfinzenen deasjitte litten hat. Smithers, in fûleindichrasist, jout dat grif ta enskammet him der net foar. Warren wol him deasjitte, mar Mannix wiist derop dat de âldman gjinwapens hat en dat soksmoard wêze soe, en dat er Warren dêrfoar ophingje moatte soe. Warren jout belies, mar in skoftke letter smyt er it oer in oare boech. Hy lit ien fan synrevolvers op ittaffeltsje njonken destoel fan Smithers efter en stekt dan in ferhaal ôf oer hoe't er de fermiste soan fan 'e generaalmartele,ferkrêfte en úteinlik fermoarde hat. As Smithers op 't lêst nei de revolver grypt, sjit Warren him dea. Hy kin dan net ferfolge wurde foar moard om't itselsferdigening wie.
Wylst Warren op omslachtige wize syn ferhaal hold, hat immen dekofjefergiftige. Daisy Domergue is de iennichste dy't dat sjoen hat, mar hja hâldt har stil. John Ruth en O.B., de koetsier, drinke fan 'e kofje, en begjinne op in stuit hiele mûlfollenbloed op te jaan. O.B., dy't in hielekop hân hat, rekket al rillegau dea, mar Ruth, dy't fan syn kop inkeld in pear lytse slokjes nommen hat, warskôget Mannix, dy't himsels ek ynskonken hie en op it punt stiet in slok te nimmen. Wylst er alstjerrende is, falt Ruth dêrnei Daisy oan, dy't er foar syn fergiftiging ferantwurdlik hâldt. Se wrakselje oer deflier foar't Daisy de revolver fan Ruth te pakken wit te krijen en him deasjit.
Neitiid wurdt se lykwols ûntwapene troch Warren, dy't har meihânboeiens oan it lyk fan Ruth fêstsitte lit. Hybedriget ek alle oaren mei syn revolver, om't er net wit wa't de kofje fergiftige hat. De iennichste dy't erfertrout is,iroanysk genôch, Mannix, om't dy op in hier nei ek fan 'e kofje dronken hat. Warren oppenearret no iepentlik synwantrouwen foar Bob oer. Hy fertelt dat deswarte Minnie mei eltsenien opsjitte kin, útsein mei Meksikanen, tsjin wa't se in prottefoaroardielen hat. It is dan ek net botte wierskynlik dat se it halteplak oan in Meksikaan op 'e noed jûn hat. Minnie harblanke partner Sweet Dave hie it foar de moade om frijwol de hiele dei yn synstoel te sitten, en hoewol't Warren it fiersocht mar mooglik achtet dat Minnie op famyljebesite gien is by har mem, en dat se Sweet Dave meinommen hat, is er derfan oertsjûge dat as dat sa wêze soe, Sweet Dave perfoarst syn stoel meislepe soe. As er depels fuortlûkt dy't oer derêchlining fan 'e stoel hinget, blykt der yn 'e stof fan 'e rêchlining in grutbloedplak te sitten. Warren liedt dêrút ôf dat Bob in bedrager is dy't Minnie en Sweet Dave en eltsenien dy't de pech hie om op dat stuit yn it halteplak oanwêzich te wêzen,fermoarde hat. Dêrop sjit er Bob dea.
Mar om't Bob ûnder Warren syn monolooch oer it lot fan 'e soan fan Smithers it hiele skoftStille Nacht op 'epiano sitten hat te spyljen, kin hy net dejinge wêze dy't de kofje fergiftige hat. As Warren driget om Daisy om hals te bringen, jout Joe Gage ta dat hy de kofjefergiftiger is. Sûnder erch is Warren lykwols op it kelderlûk stean gien, en in man dy't him al dy tiid yn 'ekelder beskûl holden hat, sjit him troch it lûk hinne yn 'egeslachtsdielen. Dêrop lûkt Mobray in ferburgen revolver en sjit Mannix del, dy't weromsjit en Mobray ferwûnet.
It ferhaal makket dan in stap werom yn 'e tiid. Earder dy deis arrivearje Bob, Mobray, Gage en Daisy harbroer Jody Domergue mei de earste postkoets yn it halteplak mei it plan om John Ruth dêr op te wachtsjen en Daisy te befrijen. Se fermoardzje op ûnmeilydsume wize harren eigen koetsier Ed en dy syn byriidster Six-Horse Judy, Minnie, Sweet Dave, Minnie hartsjinstfaam Gemma en harstâlfeint Charly. Gemma lit dêrby in grutteglêzene pot fol snobbersguod oan diggels falle. Sweet Dave komt om yn syn dierbere stoel. Charly naait út en wurdt troch de doar hinne delsketten, wêrby't de doar nei gychem giet. De iennichste oerlibbene fan itbloedbad is generaal Smithers, dy't troch it oanboazjendewaar al ferskate dagen yn it halteplak fêstsit. Debanditen beslute him yn libben te litten, om't it echter lykje sil as net alle oanwêzigen jongemannen binne. Smithers beswart harren dat er der net waarm of kâld fan wurdt dat se Minnie-en-dy ombrocht hawwe en ûnthjit it spultsje mei te spyljen. Neitiid smite de banditen de liken fan harrenslachtoffers yn 'esaad en romje de diggels en it fersille rekke snobbersguod op. Se himmelje de bloedplakken fan 'ehoutene flier en hingje in pels oer it bloedplak yn 'e stoel fan Sweet Dave. Dêrnei ferskûlet Jody Domergue him yn 'e kelder, wylst Bob beart dat er de lieding oer it halteplak hat en Mobray en Joe Gage harren foardogge as strâne reizgers. Yn 'e fierte sjogge se de twadde postkoets al oankommen.
Werom yn 'e hjoeddeistige tiid binne Mannix, Warren en Mobray alle trijeswierferwûne rekke. Mannix en Warren hâlde Daisy, Gage en Mobray ûnder skot, en as se dermei driigje om Daisy dea te sjitten, komt Jody út 'e kelder foar it ljocht om him oer te jaan. Warren sjit him daliks dea. Neitiid jout Daisy ta dat har broer de lieder fan 'e Domergue-binde wie. "Bob" wie eins Marco the Mexican, Mobray is English Pete Hicox en Gage is Grouch Douglass, allegear banditen mei in preemje fan $10.000 op harren hollen. As Daisy en Mobray Warren fergje, sjit er Mobray dea. Dêrop hellet Gage in revolver foar it ljocht dy't er ûnder de tafel oan in spiker ophongen hie, mar Mannix en Warren sjitte him dea. Warren wol Daisy ek deasjitte, mar dan docht bliken dat synmunysje op is. Warren is net by steat om fan it plak te kommen en in oar wapen te pakken, en Mannix wol it him net jaan.
Daisy wol mei Mannixûnderhannelje en hy wol wol hearre wat se te bieden hat. Se fertelt dat de oare fyftjin leden fan 'e binde yn Red Rock wachtsje foar it gefal dat de befrijing fan Daisy yn it halteplak net slagje soe. Se biedt Mannix oan om him libben gean te litten mei alle deasketten bindeleden útsein har broer (sadat er de preemjes op harren hollen ynkassearje kin). Yn ruil dêrfoar moat er Warren deadzje en har gean litte. As er dêr net mei ynstimt, sil de binde Mannix fermoardzje en Red Rockplonderje. Mannix wiist har foarstel ôf, mei't er tinkt dat de oanwêzige bindeleden de hiele binde foarmen en dat de fyftjin oaren inkeld yn Daisy harfantasij besteane.
As er stean giet,falt er der lykwols hinne fanbloedferlies. Daisy fersleept it lyk fan John Ruth in lyts eintsje en wit inkavalerysabel te pakken te krijen, dêr't se Ruth deearm mei ôfhakket. Wylst Warren hieltyd wanhopiger Mannix opropt om wekker te wurden, hastiget Daisy har nei it lyk fan Gage ta om dy syn revolver te gripen. Krekt op it lêste momint komt Mannix wer by besleur en sjit har del. Neitiid bepraat Warren Mannix om har net dea te sjitten, mar ynstee ta eare fan John Ruth oan inbynt op te hingjen. Nei't se har op dy wize fermoarde hawwe, lizze de beide manlju stadichoan dea te gean fan bloedferlies. Mannix freget oft er it brief fan Lincoln ris sjen mei en as Warren it him oerjout, lêst er it lûdop foar, om Warren dêrnei tekomplimintearjen foar de detailleardheid.
Quentin TarantinoregissearreThe Hateful Eight nei insenario dat er sels skreaun hie. Hy kundige defilm ynnovimber2013 oan, doe't er der noch inferfolch fan meitsje woe op syn foargeande film,Django Unchained, út2012. Hy woe de nije film detitelDjango in White Hell ("Django yn 'e Wite Hel") meijaan, mar meitiid kaam er ta de konklúzje dat itpersonaazje fan Django net by it ferhaal paste. Nei't it senario ynjannewaris2014 útlekte, besleat Tarantino fan it projekt ôf te sjen en it skript om te wurkjen ta inroman. Hy organisearre en regissearre in live foarlêzing fan it senario troch in protte (mar net alle)akteurs dy't neitiid ek foarrollen yn 'e filmcast waarden yn itUnited Artists Theater ynLos Angeles. Mids2014 betocht er him en besleat er de film dochs te meitsjen.
It wie de earste en iennichste film fan Tarantino dêr't Morricone de hiele filmmuzyk foar skreau, hoewol't Tarantino earder wol muzykstikken fan him brûkt hie foar desoundtrack fan syn filmKill Bill, Volume 1,Kill Bill, Volume 2,Death Proof,Inglorious Bastards enDjango Unchained. Morricone skreau ek it orizjinelelietAncora Qui foar dy lêste film, en hie dêrnei sein dat er nea wer mei Tarantino gearwurkje woe. Blykber betocht er him letter.The Hateful Eight wie de earste folsleinewesternfilm yn 34 jier dêr't Morricone de filmmuzyk foar skreau (sûntBuddy Goes West út1981) en syn earste grutteHollywood-film yn 15 jier (sûntMission to Mars út2000). NeffensVariety skreau er de muzyk sûnder dat er de film sjoen hie.
Itgitaar dat yn 'e film troch it personaazje fan akteurKurt Russell stikken slein wurdt, wie gjinrekwisyt, mar in echt antykmuzykynstrumint út 'e1870-er jierren fan itmerkC.F. Martin & Company, dat oan 'e produsinten fanThe Hateful Eight ynbrûklien jûn wie troch itMartin Guitar Museum. It wie de bedoeling dat it gitaar omwiksele wurde soe foar in rekwisyt foar't er stikken slein waard, mar dat wie blykber net oan Russell ferteld. Deûntsetting fan aktriseJennifer Jason Leigh, wa't Russell it ynstrumint út 'e hannen skuorde, wie sadwaande echt en net spile. It gitaar bliek taargewaasje fan itmuseum net mear te reparearjen. Defersekering fan 'e produsinten fergoede de wearde, mar sûnt wegeret it Martin Guitar Museum noch om gitaren yn brûklien te jaan foar de produksje fan films.
Depremiêre fanThe Hateful Eight fûn plak op7 desimber2015 ynHollywood. Op25 desimber folge der in beheinderoadshow release fan in ferzje dy't in spyldoer hie fan 187 minuten, ear't de film op30 desimber yn 'ebioskopen iepene yn in ferzje mei in spyldoer fan 168 minuten. De langere ferzje omfettet seis ekstra minuten aksje dy't hielendal net yn 'e koartere film foarkomme, mei dêropta mearlânskipsbylden, wylst ek ferskatesênes út oare hoeken wei opnommen binne. Nei eigen sizzen makke Tarantino de twa ferzjes om't er fûn dat guon bylden op lytsere skermen net ta har rjochte komme soene. Op25 april2019 waard de film opstreamingstsjinstNetflix op 'e nij útbrocht as inwermontearre fjouwerdieligeminysearje mei de titelThe Hateful Eight: Extended Version.
Defilmkritisy wiene foar it meastepart goed te sprekken oerThe Hateful Eight.James Berardinelli, bygelyks, omskreau de film as "in spannendeskriller, fol masterlik yn byld brochte draaien yn 'eplot, gripendedialooch en in alderraarstfermaaklik ferhaal dat sa hurd fjouweret dat trije oeren foarbyhastigje as wie it mar in momint. Bêste film fan it jier? Jawis." YnThe Daily Telegraph wie ekRobbie Collin lôgjendeentûsjast oerThe Hateful Eight doe't er skreau: "Inkeld Tarantino kin dit dwaan, en hy hat it op 'e nij dien."Peter Bradshaw fanThe Guardian joech de film 5 fan 5stjerren en skreau datThe Hateful Eight "yntym en dochs op 'e iene of oare manear nuveraardich kolossaal" wie. Hy skreau ek "'Skriller' is in generyk label dat syn krêft ferlern hat. MarThe Hateful Eight lit jin skrilje."
Owen Gleiberman fan 'eBBC hie in ôfwikende miening en skreau: "Ik bin net de iennichste dy't fynt dat it de minste film fan Tarantino is: in mei slakkegong foarútkommende,fantasijleaze flop, dy't oerrint fan giftigens mar net fan fernimstigens." YnThe Irish Times skreau Donald Clarke: "Wat is it spitich dat dizze film eltse foarm fan karakter en ferheljende gearhing ûntbeare moat. Wat is it spitich dat sa'n grut part sa ferrekte ferfeelsum is." EnA.O. Scott fanThe New York Times murk op: "In diel fan 'e aaklikheden yn 'e film […] liket dom en min trochtocht, krekt as hawwe Tarantino synyntellektueleambysje en syntalint foar it fertellen fan ferhalen him tagelyk yn 'e steek litten."
Op 'ewebsideRotten Tomatoes, dy'tresinsjes sammelet, hieThe Hateful Eight in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 332 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] biedt in nije, goed rjochte salvo fan 'e miks fanaksje,humor en oerdreaungeweld dêr'tQuentin Tarantino om bekend stiet – dat alles wylst er sjen lit dat er de keunst fan it filmmeitsjen sels noch better ûnder de knibbel krigen hat." OpMetacritic, de wichtichstekonkurrint fan Rotten Tomatoes, behelleThe Hateful Eight in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 51 resinsjes.
Yn infraachpetear mei it blêdGQ sei Tarantino dat de Amerikaanskerasseproblematyk in ûntûntkomber ûnderdiel foarmet fan syn kreätyf proses. Oan 'eBritske kranteThe Daily Telegraph fertelde er dat er meiThe Hateful Eight besocht hie om 'e beladen rasseskiednis fan 'e Feriene Steaten wer te jaan, û.o. mei de opspjalting fan 'e postkoetshalte yn in noardlik en in súdlik diel en troch ien fan 'e personaazjes inmonolooch hâlde te litten oer de gefaren fan "frontier justice" (itlynchen fan fermiendekriminelen yn itWylde Westen, sûnder se teberjochtsjen). De foaroansteandefilmkritikusA.O. Scott skreau ynThe New York Times dat Tarantino ynThe Hateful Eight de westerntradysje fermyt dy't de rasseskiednis fan 'e Feriene Steaten negearret, mar hy fûn de wize dy't Tarantino brûkte om mei sokke gefoelige kwestjes om te gean "dom en ûntrochtocht". Ek skreau er dat Tarantino "net sasear films makket dy't oerras geane, as wol dat er besiket meikamera enpinne it yngewant fan it Amerikaanske rasisme yn te dûken. Der is gjin manear om dat te dwaan en sels net besmodzge te reitsjen."
Guonresinsinten hienekrityk op 'e behanneling fan it personaazje fan Daisy Domergue (spile trochJennifer Jason Leigh), dat yn 'e film oanhâldend itslachtoffer wurdt fanmishanneling enferbale úthalen fan benammen it personaazje fanKurt Russell. Dat kulminearret úteinlik yn harophinging troch de personaazjes fanSamuel L. Jackson enWalton Goggins yn insêne dy't neffensMatt Zoller Seitz "mei suver pornografyske fassinaasje talmet by Daisy har dea."A.O. Scott wie fan miening dat de film "mutearret fan in ferkenning fanrasiale animositeiten ta in orgy fan omslachtich ferantwurdefrouljushaat." Laura Bogart neamde de behanneling fan Daisy Domergue "in ferrie" fan 'e positive froulike personaazjes yn eardere films fan Tarantino, lykas deKill Bill-duology. Ferskate oare froulike filmkritisy brochten fierhinne itselde op 't aljemint.
Oan 'e oare kant priizge Courtney Bissonette fan it tydskriftBust Tarantino om't er al syn personaazjes gelikens (d.w.s. like min) behannele: "Dit is gelikensens, man, en it isfeministysker om derfan út te gean dat in krimineel itselde behannele wurdt nettsjinsteande harsekse. Se behannelje har net as in mearkesprinsesse om't se infrou is, se behannelje har as inmoardner om't se in moardneresse is." Ferskate oare feministen beärgumintearren fierhinne itselde. Matthew Stogdon fûn dy riddenearring lykwols twifelich, om't demisdieden fan Daisy Domergue nea útlein wurde, en nimmen dus mei wissichheid sizze kin dat se dedeastraf fertsjinnet.
De hielecast waard nominearre foar in Critics' Choice Award foar bêste akteurs-'ensemble' en wûn deHollywood Film Award foar 'ensemble' fan it jier.Quentin Tarantino waard foar synsenario nominearre foar in Golden Globe, in BAFTA, in Critics' Choice Award en inEmpire Award. De film sels waard nominearre foar de Empire Awards foar bêste film en bêstesoundtrack en deSaturn Award foar bêsteskrillerfilm. Robert Richardson waard nominearre foar de Critics' Choice Award foar bêste kamerarezjy.Samuel L. Jackson waard nominearre foar de Saturn Award foar bêste akteur, enWalton Goggins foar de Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur.