The Boxer | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Baby Driver | |
artyst | Simon & Garfunkel | |
album | Bridge over Troubled Water | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Folk | |
útbrocht | 21 maart1969 | |
opnommen | Columbia Studio's B and E, novimber1968 | |
doer | 5:10 | |
label | Columbia | |
skriuwer | Paul Simon | |
produsint | Roy Halee, Art Garfunkel, Paul Simon | |
resultaten | ||
hitlisten | ![]() | |
sertifisearre | ![]() |
The Boxer is in nûmer dat oarspronklik opnaam is trochSimon & Garfunkel yn novimber1968 yn de Columbia Studio's B and E ynLos Angeles en útbrocht op it albumBridge over Troubled Water fan Simon & Garfunkel út1970. The Boxer wie it sechsde nûmer op it album en waard op21 maart1969 útbrocht as earste single fan it album.
The Boxer waard skreaun trochPaul Simon. De tekst is in kleisang fan in man dy 't besiket om te gean mei de iensumens en earmoed ynNew York. De earste pear kûpletten binne skreaun yn de earste persoan. Hjiryn fertelt de haadpersoan hoe't er yn syn jeugd yn grutte earmoed libbe hat, wêrby't er al betiid syn thús en famylje ferlitten hat en him faak yn de sloppewiken(...poorer quarters where the ragged people go...) rûn hong. It lêste kûplet is yn de tredde persoan en ferhellet hoe 't de haadpersoan bliuwt by syn striid om te oerlibjen. Dizze striid wurdt beskreaun oan de hân fan in metafoar út de bokswrâld:(In the clearing stands a boxer / And a fighter by his trade / And he carries the reminders / Of ev'ry glove that laid him down / And cut him till he cried out...).