Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

The Beatles

Ut Wikipedy
De Beatles yn 1964. BoppeJohn Lennon enPaul McCartney, ûnderGeorge Harrison enRingo Starr

DeBeatles wie in popgroep útLiverpool. Se wurde beskôge as de meast ynfloedrike band út de skiednis.

De moeting tuskenJohn Lennon enPaul McCartney op6 july1957 wurdt beskôge as it begjin fan de meast súksesfolle popgroep oait. John Lennon (16) spilet mei de troch him oprjochte bandThe Quarry man op in festival ynWoolton, Liverpool, dêr't Paul McCartney (15) nei hinne komt te sjen. Paul sjongt en spilet al in soad ferskes en hy kingitaar stimme. Hy wurdt by de groep frege. In heal jier letter op6 febrewaris1958 noadet Paul syn freonGeorge Harrison út, hy kin noch better gitaarspylje. Se krije op it poadium de nedige ûnderfining as Johnny and the Moondogs.Stuart Sutcliffe dy’tbasgitaar spilet komt mei de namme: The Beetles. John stelt foar om fan de ee in ea te meitsjen. Dit slacht dan op beat muzyk. Sa is de band en de namme berne.

De opkomst fan de Beatles

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn1960 krijt de Beatles noch in nij lid. DrummerPete Best heart der no ek by. Se meitsje harren earste toernee trochSkotlân. De groep krijt yn 1960 danksy de managerAllan Williams in searje optredens ynHamburch. Fjouwer dagen foardat se neiDútslân gean docht Pete Best in audysje. Fan dy tiid ôf is hy de drummer. De Beatles spylje in oantal moannen yn ferskillende gelegenheden yn Dútslân. Stuart Sutcliffe krijt in relaasje mei Astrid Kirchherr, in fotograaf. Sy heart by in groepke keunstners wêr't ûnder oareKlaus Voormann ek yn sit. Sy drage it hier in it paazjemodel. Sy knipt Stuart syn hier ek sa. Astrid krijt de oare bandleden ek sa fier om it hier ek sa dragen te gean. Drank en peppillen hâlde de muzikanten oerein. Se wurde yn in pear moanne tiid omfoarme fan amateurs nei profesjonele showminsken. Yn desimber giet it mis. George Harrison moat út de klup wêr't se altyd optrede, omdat er sa jong is. Paul McCartney en Pete Best moatte op beskuldiging fan brânstifting Dútslân ferlite. De groep giet hast útelkoar.

Dôchs gean de Beatles troch. Yn jannewaris meie de Beatles optreden yn Liverpool. In freon fan Pete Best,Neil Aspinall wurdt harren roadmanager en sjauffeur fan harren buske. Nei in oantal optredens gean se wer werom nei Dútslân. Se trede op yn Hamburch yn de Top Ten Klup. De Dútske producer Bert Kaempfer hiert de Beatles yn as begeliedingsgroep fan de sangerTony Sheridan. As de Beat Brothers nimme se acht nûmers op. Yn Dútslân ferskynt it alderearste Beatles singeltsje fan de wrâld. Mei de nûmers ‘My bonnie’ en ‘When de saints’. De groep giet yn juny werom neiIngelân. Stuart Sutcliff beslút om te bliuwen. Paul McCartney giet no de basgitaar bespyljen. De Beatles meie weromkomme yn Liverpool. Dêr wurde se hieltyd ferneamder. Op31 augustus1961 wurdt in Beatles fanklub oprjochte.Brian Epstein wurdt letter yn it jier harren nije manager. Hy komt by de Beatles troch it plaatsje dat útbrocht is ynDútslân.

Ferneamd wurde

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Paul McCartney

Op1 jannewaris1962 dogge de Beatles in audysje foar it Decca label. Mar se krije as kommentaar dat yn groepen mei gitaren gjin takomst sit. Yn april gean de Beatles foar in tredde searje optredens foar twa moannen neiHamburch. Dêr oankommen hearre se it berjocht dat harren âlde freon Stuart Sutcliffe deagong is oan inharsensblieding. De groep is der kapot fan.

Op 6 juny dogge de Beatles audysje foarGeorge Martin, in platenproduser. Dizze wol it mei de groep besykje ûnder ien betingst: Pete Best moat de groep ferlitte. Hy kin gjin maat hâlde neffens George Martin. De groep akseptearret. De nije drummer isRingo Starr (echte namme: Richart Starkey). De Beatles binne no kompleet. Op23 augustus troutJohn Lennon mei syn freondinneCynthia Powell dy't yn ferwachting is. De earste single komt út op5 oktober1962. Yn Ingelân ferskynt it ferske nei trije wiken yn de hitparade. It ferske hjit: ‘Love me do’. Se komme foar it earst op telefyzje op7 novimber by Granada Telefyzje. It jier wurdt ôfsletten mei in searje optredens yn de Star Club yn Hamburch.

De earste nûmer 1 hit

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Nei in toernee trochSkotlân yn de earste wike fan1963 komt op11 jannewaris de twadde single út: ‘Please please me’. It wurdt de earste nûmer 1 hit foar de Beatles yn Ingelân. Op 2 febrewaris begjinne de Beatles mei harren earste grutte toernee troch Ingelân, yn it foarprogramma fan sjongsterHelen Shapiro. Dan is it tiid foar de earsteElpee. Op11 febrewaris wurdt it nûmer 'Please please me' opnaam op ien dei. Op7 maart 1963 komt de earste Beatles elpee út yn Ingelân. Dêr sil de plaat seis moannen nûmer ien stean. Yn april komt de tredde single út: ‘From me to you’. Ek dizze single komt op nûmer ien. De Beatles krije hieltyd mear belangstelling fan de parse. Mar ek oarsom is der belangstelling. Paul McCartney wurdt ynterviewe trochJane Asher, de fûnk slacht oer en se binne jierren lang ferlove. De Beatles begjinne healwei maaie oan in toernee troch Ingelân. Dit dogge se tegearre meiRoy Orbinson enGerry and the Pacemakers. Op 23 augustus komt de single ‘She loves you’ út. Dit wurdt in grutte hit yn hielJeropa. Dan giet it hurd mei de Beatles. Se wurde hieltyd ferneamder. Se trede op 4 novimber op foar dequeen-mother yn it Prince of Wales teater yn Linder. John Lennon hellet alle kranten mei syn opmerking: “De minsken mei de goedkeape plakken meie meiklappe, de rest rinkelt gewoan mei harren juwielen“. Op de dei dat PresidintJohn F. Kennedy fermoarde wurdt komt yn Ingelân de twadde Beatles elpee út mei de namme ‘With the Beatles‘. Manager Brian Epstein slút in kontrakt ôf mei Capitol Records, dat de Beatles platen útjaan giet yn deFeriene Steaten. De groep beslút sels pas nei de Feriene Steaten te gean as se nûmer 1 stean.

De Feriene Steaten en de rest fan de wrâld

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De gitaren fan Paul McCartney en George Harrison

De single ‘I want to hold your hand’ komt yn jannewaris1964 yn de Amerikaanske Top 100 binnen. In wike letter stiet it nûmer op 1. De groep giet sa gau mooglik nei de Feriene Steaten. De oankomst is oerweldigjend. Twa dagen letter trede se op yn deEd Sullivan Show. Dizze show wurdt yn it hiele lân útstjoerd. Der sjogge dan ek 74 miljoen minsken. Yn de earste wike fan april skriuwt de band skiednis. De earste fiif plakken yn de Amerikaanske top 100 wurde ynnaam troch de Beatles. Dit is noch nea wer foarkaam. Yn juny begjint in echte wrâldtoernee mei konserten ynDenemarken,Hongkong enAustraalje. Ek komme de Beatles neiNederlân. Flak foar de toernee stoart Ringo Starr yn. Hy wurdt ferfong trochJimmy Nicol. Op 6 july komt de film “A hard day’s night“ út. Hjir spylje de bandleden in rol yn.

It hichtepunt

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Op 11 febrewaris trout Ringo Starr meiMaureen Cox. In wike letter begjint de band mei opnames foar in nije film. Dizze opnames duorje oant healwei maaie. De groep filmet ynTirol en op deBahama’s. Yn july komt de film út mei de namme Help. Ek komt de fiifde elpee ‘Help’ út. Nei in koarte toernee troch Jeropa giet de band nei de Feriene Steaten. Dêr jouwe se in oantal ferneamde konserten lykas it Shea Stadium konsert. Der komme mear as 56000 minsken te sjen. In moanne letter start dêr in tekenfilmsearje op telefyzje basearre op de muzyk fan de Beatles. Yn Ingelân krije de Beatles opBuckingham Palace in keninklike ûnderskieding : Member of the Most Excellent Order of the British Empire (MBE).

George Harrison trout op21 jannewaris1966 meiPatti Boyd, dy hy twa jier earder moete hie. De single ‘Michelle’ wurdt yn de hiele wrâld in hit. Op 1 maaie jouwe de Beatles harren lêste live konsert ynIngelân. Yn de Feriene Steaten komt in sammelelpee út. Op de hoes stean de Beatles yn slachtersjassen mei stikken fleis en poppen sûnder hollen. De hoes wurdt al hiel snel ferfong. Er komme hjir en der mear protesten. Bygelyks opDe Filipinen. De Beatles wurde hertlik wolkom hjitten ynManilla mar as in dei letter blykt dat de band in útnûging foar de lunch fanImelda Marcos negeare hat wurde se hast letterlik it lân út slein. Mar de grutste flater moat noch makke wurde. Op 31 july stiet yn in Amerikaansk blêd in ynterview mei John Lennon. Yn dat ynterview seit hy dat de Beatles op dit momint populêrder binne asJezus Kristus. De Amerikanen binne poer. Oeral wurde Beatles platen ferbrând en in soad radiostasjons ferbiede de Beatlesplaten. Heal augustus gean se dôchs nei Amearika ta. Dit soe harren lêste toernee wurde. By oankomst jout John Lennon in parseferklearring ôf. Hy seit dêryn dat de útspraken net sa bedoeld wienen. Op26 augustus1966 wurdt yn it Candlestick Park ynSan Francisco it lêste optreden jûn. De band hat hiele oare muzikale ideeën krigen. Dizze ideeën kinne net útfierd wurde op in poadium. De band hâldt himsels no allinnich noch mar dwaande mei it opnimmen fan platen.

It begjin fan 'e ein.

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Heal febrewaris1967 komt as foarpriuwke de single ‘Penny Lane’ út. De groep is moannenlang yn de studio’s fan Abbey Road ynLonden oan it opnimmen. As de plaat klear is, wurdt de wrâld der troch ferbjustere. Mear en mear wurde de Beatles der fan fertocht dat sedrugs brûke, se jouwe dit sels ek ta. As reaksje boycottet deBBC de singles ‘A day in the life’ en ‘Lucy in the Sky with Diamonds’. Dit fanwege de begjinletters. In primeur is op25 juny, wannear't se de single ‘All you need is love’ yn in telefyzjeprogramma wrâldwiid presintearje. Op it hichtepunt fan harren rom, slacht it needlot ta. Yn in meditaasjewykein ynWales, by de YndiaaskeGoeroeMaharishi Mahesh yogi, krije se te hearren dat managerBrian Epstein dea yn syn flat fûn is. Syn dea is in gefolch fan te folle sliepmiddels yn kombinaasje meialkohol.Paul McCartney wit de oaren te oertsjûgjen om sa gau mooglik wer oan it wurk te gean om sa gau mooglik oer it ferlies hinne te kommen. Hy komt mei it idee om in telefyzjefilm te meitsjen mei de namme Magical Mystery tour. Se gean mei de bus troch hiel Ingelân hinne en tuskentroch nimme se yn de studio de ferskes op dy der by hearre. Op Twadde Krystdei stjoert de BBC de film út. De parse lit de folgjende dei neat heel fan de film. De band giet foar trije moannen neiRishikesh ynYndia om harsels yn it haadkertier fan de Maharishi fierder te ferdjipjen yn meditaasjetechniken. Ringo Starr hâldt der nei in pear wiken wer mei op krektas Paul McCartney. Yn maart skoart de groep in nûmer 1 hit my ‘Lady Maddonna” en letter mei ‘Hey Jude”.

De Beatles falle hieltyd mear útelkoar. Under it opnimmen fan de nijste elpee hat Paul McCartney himsels opsteld as lieder fan de groep. Hjirmei kaam er op it sear fan John Lennon as oprjochter fan de band. John Lennon sleepte syn nije leafde oeral mei hinne. DeJapanskeYoko Ono gie sels mei de studio’s yn. Dat waard net troch alle oare bandleden wurdearre. Der komt dan ek spul fan. Ringo Starr ferlit lilk de studio. In pear dagen letter wurdt de rûzje wer bylein. John en Yoko bliuwe yn it nijs kommen. Se wurde troch de plysje oppakt omdat se hennep by harren hawwe. Mar it meast skokkende foar dy tiid wie de nije hoes fan de elpee, fan de twa. Se stienen neaken op de foarkant.

Paul McCartney liet himsels net kenne en woe graach oan it wurk. Hy woe wer optrede. Hy hie as idee dat der kameras en bânrekorders mei moasten by de tariedings. Dit wie efterôf gjin goed idee. Op de bân stiet hoe't de spanning te snijen is. En der is in soad spul, benammen tusken George Harrison en Paul McCartney. Mar troch de muzikale en mentale steun fan Billy Preston komt it dôchs noch ta in optreden,30 jannewaris1969 op it dak fan it Apple gebou. Dêrnei gean de Beatles harren eigen paad. Ringo Star spilet yn in film, Paul trout mei Linda Eastman, John en Yoko trouwe op 20 maart. By harren houliksreis dogge se ekAmsterdam oan. Dêr hâlde se harren ‘Bed Peace’ aksje yn itHilton hotel. Se lizze in wike op bêd as in fredesdemonstraasje. Undertusken bliuwt de Beatles muzyk skoaren mei de single ‘Get Back’.

De Beatles komme noch ien kear byelkoar. Se wolle noch ien kear in plaat útbringe. Dy komt ein septimber út mei de namme ‘Abbey Road’. De plaat einiget mei it ferske ‘The End’. John Lennon kundiget yntern oan dat er stopje wol. Mar it nijs wurdt stilhâlden. Yn septimber1969 hawwe se noch ien fotosesje hân. Dêrnei is de groep nea wer byinoar sjoen.

George Harrison

De ein fan de band

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Beatles gean harren eigen paad.Ringo Starr jout syn earste solo elpee út. Paul McCartney begjint syn eigen muzykproduksje maatskippij en bringt syn earste solo-elpee út. Yn de hoes sit in sels ôfnommen ynterview wêryn hy seit dat de Beatles útelkoar binne. Paul: ‘I didn't leave the Beatles. The Beatles have left The Beatles, but no one wants to be the first to admit it’.

Wat barde der fierder

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de jierren santich wurdt meardere kearen besocht om de groep wer byelkoar te krijen. Mar echt slagje wol dit net. It hâldt hielendal op as John Lennon fermoarde wurdt trochMark Davids Chapman op8 desimber1980 foar syn hûs. Op29 novimber2001 stjertGeorge Harrison oan de gefolgen fankanker.

Yn novimber 2003 bringe de twa oerbliuwende Beatles, Ringo Starr en Paul McCartney, it album ‘Let it be…naked’ út. It is in remake fan it âlde album.

Diskografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

AlbumS

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Albums mei in hitnotearring yn de Nederlânske album top 20/50/100
TitelDatum fan
release
Datum fan
binnekomst
 Heechste 
posysje
 oantal 
wiken
 Opmerkingen 
Please please me1963
With the Beatles1963
The Beatles'First featuring Tony Sheridan (opnommen yn 1961, as begeliedingsband)1964
A Hard Day's Night1964
Beatles for Sale1964
Help!1965
Rubber soul1965
Revolver1966
A collection of Beatles oldies(compilaasje)1966
Sgt. Pepper's Lonely Hearts Club Band196720-6-19871517
Magical mystery tour1967
The Beatles(ekThe White Album)1968
Yellow Submarine1969
Abbey Road19696-12-1969116
Let It Be19706-7-1970312
The Beatles 1962-1966(compilaasje)197319-5-1973276
The Beatles 1967-1970(compilaasje)197319-5-1973379
Rock and roll music26-6-1976814
Live! At the Star Club in Hamburg, Germany 1962(concertregistratie)1977
The Beatles at The Hollywood Bowl(konsertregistraasje)1977
Hey Jude(compilaasje)1979
Reel music24-4-1982375
The Complete Silver Beatles(Decca audysje)1982
Past masters(compilaasje)198826-3-1988295
Live at the BBC(radioregistraasje)199410-12-1994316
Anthology 119952-12-1995214
Anthology 2199630-3-1996510
Anthology 319969-11-199699
Yellow submarine soundtrack199925-9-1999453
1(compilatie)200025-11-2000153
Let It Be...Naked200329-11-2003810
Love200625-11-2006*4*1

Singles

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Singles mei in hitnotearring yn deNederlânske Top 40
TitelDatum fan
release
Datum fan
binnekomst
 heechste 
posysje
 Oantal 
wiken
 Opmerkings 
Pré-Top 40
She loves you14-12-1963710
I want to hold your hand4-1-1964128
From me to you1-2-1964288
Please please me/Love me do1-2-1964274
Twist and shout1-2-1964915
She loves you8-2-196491
Money4-4-1964294
Can't buy me love11-4-1964123
All my loving30-5-1964220
Twist and shout4-7-196491
A hard day's night11-7-1964120
Long tall Sally11-7-1964116
Roll over Beethoven25-4-19643810
I should have known better5-9-1964117
And I love her / If I fell10-10-1964312
Matchbox / I saw her standing there28-11-1964352
I feel fine5-12-196414
Top 40
I should have known better2-1-1965401
If I fell2-1-1965213
I feel fine2-1-1965116
Eight days a week / Baby's in black20-2-1965217
Rock and roll music / No reply27-3-1965121
Ticket to ride24-4-1965118
Help!31-7-1965124
Yesterday30-10-1965119
We can work it out / Daytripper25-12-1965114
Michelle22-1-1966116MeiOverlanders
Bad boy21-5-1966325
Paperback writer25-6-196619
Yellow submarine / Eleanor Rigby20-8-1966114
Penny Lane / Strawberry fields forever25-2-1967113
All you need is love15-7-1967113
Hello goodbye2-12-1967113
Magical mystery tour(EP)16-12-1967311
Lady Madonna23-3-196839
Hey Jude14-9-1968114
Ob la di ob la da25-1-196959
Get back26-4-1969110
Ballad of John and Yoko14-6-1969110
Come together25-10-196947
Let it be14-3-197019
The long and winding road4-7-197095
All together now12-2-1972196
Hey Jude10-6-1972tip
A hard day's night16-3-1974tip
Hey Jude15-5-1976207
Yesterday19-6-1976254
The Beatles movie medley24-7-1982353
Love me do23-10-1982tip
Baby it's you / I'll follow the sun8-4-1995tip
Free as a bird16-12-1995105
Real love23-3-1996203

Films

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • A Hard Day's Night (1964)
  • Help (1965)
  • Magical Mystery Tour (1967)
  • Yellow Submarine (1968)
  • Let it Be (1970)
  • The Beatles Anthology (1996)

Boeken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • John Lennon,In his Own Write (1964),
  • John Lennon,A Spaniard in the Works (1965)
  • George Harrison,I Me Mine (1980)
  • The Beatles,Anthology (2000)

Grammy Awards

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • 1964 Best New Artist Of 1964
  • 1964 Best Performance By A Vocal Group (A Hard Day's Night)
  • 1967 Best Contemporary Album (Sgt. Pepper's Lonely Hearts Club Band)
  • 1967 Album Of The Year (Sgt. Pepper's Lonely Hearts Club Band)
  • 1996 Best Music Video, Long Form (The Beatles Anthology)
  • 1996 Best Music Video, Short Form (Free As A Bird)
  • 1996 Best Pop Performance By A Duo Or Group With Vocal (Free As A Bird)
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=The_Beatles&oldid=1167005"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp