Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Terrorisme

Ut Wikipedy
United Airlines-flecht 175 fljocht yn 'e Sudertoer fan itWorld Trade Center by de terroristyskeoanslaggen fan9/11 yn2001New York.

Terrorisme is it opsetlik brûken fangeweld, sûnder ûnderskie te meitsjen wa't dêr itslachtoffer fan wurdt, om saeangst ûnder de brederebefolking te feroarsaakjen en dêrtroch inpolityk,religieus ofideologysk doel te berikken. Immen dy't soks docht, is interrorist. De term 'terrorisme' is ôflaat fan itLatynskewurdterror, dat "skrik" of "eangst" betsjut. 'Terrorisme' en 'terrorist' waarden foar it earst brûkt yn1793 ynFrankryk foar deJakobinen, de oanhingers fanMaximilien Robespierre, dy't oan it haad stie fan inrezjym dat bekend stie as itSkrikbewâld. Yn 'etweintichste iuw krigen de termen har hjoeddeistige betsjutting en ferspraten se har út itFrânsk nei de measte oareWestersketalen.

Tsjintwurdich wurdt terrorisme as oantsjutting benammen tapast as it giet om geweld ynfredestiid of om geweld tsjinnon-kombatanten (lykasboargers ofmedysk personiel) ynoarlochssitewaasjes. Der bestiet lykwols gjin universelekonsensus oft terrorisme op himsels al inoarlochsmisdie of inmisdie tsjin 'e minsklikheid is. 'Terrorisme' is in tigebeladen term, dêr't yn besletten leit dat de dieders har net hâlde oan 'e gongberenoarmen en wearden en dat se dêromferachtlik binne. De term wurdt tsjintwurdich lykwols gauris brûkt, benammen trochdiktatoriale rezjyms, mar soms ek trochdemokratysk keazenregearings, omopposysjegroepen of selsminskerjochte-organisaasjes mei te besmodzgjen en sa bûtenspul te setten.

Inkele bekende terroristyske organisaasjes (en de doelen dy't se mei har terrorisme besykje of besochten te berikken) binne: deETA (ûnôfhinklikheid fanBaskelân),Hamas (ûnôfhinklikheid fanPalestina en weromjefte fan alteast dielen fanIsrael), deIRA (ienwurding fanIerlân enNoard-Ierlân),Al-Qaida (fêstiging fan inislamistyske wrâldsteat),I.S (fêstiging fan in islamistyske wrâldsteat), deKu Klux Klan (oerhearsking troch deprotestantskeblanken fan alle oareetnyske enreligieuze groepen yn 'eFeriene Steaten), itLjochtsjend Paad (fêstiging fan inmaoïstysk rezjym ynPerû), deReade Brigades (fêstiging fan in kommunistysk rezjym ynItaalje) en deRote Armee Fraktion (fêstiging fan inkommunistysk rezjym ynWest-Dútslân).

Terroristen hoege lykwols net ta organisaasjes te hearren. It komt ek gauris foar dat sokken lykme-allinne op eigen manneboet operearje. Njonken terrorisme fan organisaasjes en yndividuën bestiet der eksteatsterrorisme, dat útgiet fan 'eoerheid fan in steat. Soks komt almeast foar yn diktatueren en gebieten dy't ûndermilitêre besetting steane.Steatsponsore terrorisme is itfinansieren fan in terroristyske organisaasje yn it iene lân troch troch de oerheid fan in oar lân.Kwasy-terrorisme is it brûken fan terroristyske taktiken (ornaris trochkriminelen) om in doel te berikken dat net polityk, religieus of ideologysk fan aard is. Men kin dan tinke oan it mei grou geweld útfieren fan inbankberôving of in oerfal op injuwelierssaak.Djihadisme is terrorisme út it eachpunt fanislamisme.Ekoterrorisme is in foarm fan terrorisme wêrby't òf itmiljeu bedrige wurdt, òf gebrûk makke wurdt fan terrorisme ommiljeubeskerming te ûnderstypjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes,References enFurther Reading, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryTerrorism fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Terrorisme&oldid=1055159"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp