Terni stie yn 'e Aldheid bekend as Interamna Nahars, itjinge stêd tusken twa rivieren betsjut, in ferwizing nei de rivieren deNera en deSerra. Foardat deRomeinen kamen wennen hjir Umbryske stammen. Terni waard nei alle gedachten yn 'e 7e of 6e iuw f.Kr. stifte.
Resten fan it amfiteäter.
Sûnt de 3e iuw f.Kr. wie Terni ûnderdiel fan itRomeinske Ryk. It waard inmunicipium, in stêd mei selsbestjoer, en ûntjoech him ta in wichtige plak oan 'eVia Flaminia, de dyk dy'tRome mei deAdriatyske kust ferbûn. Yn 'e Romeinske tiid hie Terni badhûzen,amfiteäters en timpels. In bekende persoan út dy tiid isSint-Falentyn (San Valentino), dy't asbeskermhillige fan 'e leafde bekend waard. Neffens de tradysje wie Falentyn biskop fan Terni yn 'e 3e iuw en hy ferstoar asmartler.
Nei it Romeinske tiidrek rekke Terni, lykas in protte stêden yn Itaalje, yn ferfal troch ynfallen fanEastgoaten enLongobarden. Om de 8e iuw hinne waard it ûnderdiel fan 'ePauslike Steat. De stêd hie geregeldwei te krijen mei striid tusken pleatslike famyljes en machtige buorstêden lykasSpoleto enPerugia.
Yn 'e 13e en 14e iuw ûntjoech Terni him ta in frije stêd mei in eigen bestjoer, mar wol ûnder pauslik ynfloed. Yn 'e tiid dat de pausen ferballe wienen neiAvignon tusken 1309 en 1377 foel de Pauslike Steat bûten de direkte kontrôle fan 'e paus. De stêden yn 'e Pauslike Steat fochten meiïnoar of tsjin de pauslike autoriteit en Terni hie him by it bredere ferset tsjin de paus yn Umbrje oansletten. Yn 1353 stjoerde pausInnosintius VI deSpaanske kardinaal Gil Álvarez Carrillo de Albornoz nei Itaalje mei de opdracht om it pauslik gesach yn Midden-Itaalje militêr werom te winnen. Nei't Spoleto yn 1355 twongen waard om syn ferset te einigjen kaam ek Terni oan bar. Albornoz liet Terni straffe foar de ûntrou en de poarten waarden ôfbrutsen, in part fan 'e muorren delhelle en de ynwenners moasten har wapens dellizze en trou swarre oan 'e paus.
Stielfabriken.
Yn 'e 19e iuw nei de Unifikaasje fan Itaalje yn 1860 waard Terni ien fan 'e wichtichste yndustriële sintra fan Midden-Itaalje. De stêd krige de bynamme 'Manchester fan Itaalje' troch de iere stiel- en wapenyndustry. Yn 1884 waard de Acciaierie di Terni oprjochte, in grutte stielfabryk dy’t noch jimmeroan bestiet. Dêrnjonken spile wetterkrêft fan 'e Marmorewetterfallen (in troch de Romeinen makke wetterfal) in wichtige rol yn 'e enerzjyfoarsjenning.
Yn 'eTwadde Wrâldoarloch waard Terni swier bombardearre troch deAlliearden om de fabriken lam te lizzen. By de 57 loftoanfallen waard likernôch 40% fan 'e stêd ferneatige en foelen mear as 1000 ynwenners harren libben. Nei de oarloch waard de stêd wer opboud en modernisearre.
Eastlik fan 'e stêd lizze de Marmorewetterfallen, dy't yn 'e 3e iuw f.Kr. yn opdracht fan 'e Romeinske konsul Manius Curius Dentatus oanlein binne. De 165 m hege wetterfal is ien fan 'e heechste en bekendste keunstmjittige wetterfallen fan Jeropa. Dêrfoar waard it ferrin fan 'e rivier de Velino feroare om in ein te meitsjen oan 'e sompige omstannichheden om de rivier hinne. Hjoed-de-dei wurde se brûkt foar wetterkrêft en toerisme.