Lizzing Ten BoerDe Romanogoatyske kleastertsjerke yn Ten Boer
Ten Boer is in plak en in eardere gemeente yn de Nederlânske provinsjeGrinslân. De gemeente beslacht in oerflak fan 45,71km² (0,46 km² is wetter) en hat in ynwennertal fan 7.233 (2000).
It lot fan de gemeente hat der om hinge by de gemeentlike weryndieling yn 1990; de noarm wie doe dat in gemeente teminsten 10.000 ynwenners hawwe moast, en Ten Boer foldie net oan dy noarm. In gearfoeging mei de gemeenteBedum gie lang om let dochs net troch. Sûnt 2006 hat Ten Boer op amtlik nivo in nauwe gearwurking mei de gemeente Grins. Ten Boer is in selsstannige gemeente, mar in protte taken wurde troch de gemeente Grins útfierd.
Ten Boer leit sa'n fiif km benoardeasten fan de stêdGrins. Yn de20e iuw hat it him ûntjûn (foar in part) ta inforinzeplak.
Yn 1301 waard der by it doarp infrouljuskleaster fanwege deBenediktinessen stifte. Fan dat kleaster is de hjoeddeiske Nederlânsk Herfoarme Tsjerke oerbleaun. Faaks is de tsjerke al set foar it kleaster, mar it hat der wol diel fan west.