Intekstdichter is deskriuwer fan inliettekst. Oars as inlietskriuwer (of lietsjeskriuwer), dy't sawoltekst asmuzyk fan inliet makket, skriuwt in tekstdichter inkeld de liettekst. Intoandichter (of komponist) makket demeldij. De meldij kin by de liettekst skreaun wurde, of de liettekst kin op de nij komponearre wize skreaun wurde.
It liettekst kin ek op in bekende wize fan in besteand liet skreaun wurde, it liet is dan inkontrafakt.
It wurd 'tekstdichter' tsjut op in bysûnder soartedichter. In tekstdichter of liettekstskriuwer is letterlik: in dichter dy't lietteksten skriuwt, berime of poëtyske,lyryske teksten, dy't bedoeld binne om songen te wurden. Soms wurde besteande (histoaryske)gedichten efterôf op muzyk setten. De dichter wurdt dan net mei weromwurkjende krêft 'tekstdichter' neamd, omt dy de tekst as fers skreau en net as liettekst.
Foarbylden fan bekende tekstdichters fan Frysktalige lietteksten (folkslietsjes) út de njoggentjinde iuw:
Foarbylden fan bekende tekstdichters fan Fryskeberneferskes (komponist tusken skrapkes):
Foarbylden fan bekende tekstdichters fan Frysktalige lietteksten (poplietsjes),harklietsjes, teäterlietsjes út de tweintichste iuw:
Is de Fryske tekst inoersetting, bygelyks fan in Frânsk chanson of in Dútsk berneferske, dan is der gjin sprake fan in tekstdichter, mar fan in oersetter.
Foar itauteursrjocht is it fan belang oft it liet troch ien of meardere minsken skreaun is. AuteursrjochteorganisaasjeBuma/Stemra makket ûnderskied tusken ûnder mear: tekstdichter(s),komponist(en), oersetter, bewurker, oarspronklike skriuwer fan in oersetten liet, en oarspronklike komponist fan de muzyk yn gefal fan in oersetten liet. Muzyk fan in oar mei in eigen tekst bliuwt auteursrjochtlik beskerme.[2]
- Yn it Ingelsk wurdt in tekstdichter inlyricist neamd, yn it Dútsk inLiedtexter ofTextdichter en yn it Frânsk inparolier.
- In tekstdichter fan opera's, operettes en musicals wurdt inlibrettist neamd.
- Een muziekgeschiedenis der Nederlanden, red.: L.P. Grijp (Amsterdam, 2001)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|