Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Teksas

Ut Wikipedy
Steat Teksas
State of Texas
flaggewapen
Friendship
(Ingelsk, "Freonskip")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoartingTX
lânFeriene Steaten
status (jier)steat (1845)
haadstêdAustin
grutste stêdHouston
offisjele taalIngelsk(de facto)
sifers
ynwennertal27.695.284(2015)
befolkingstichtens40,8 / km²
oerflak696.241 km² (2,5% wetter)
bykommende ynformaasje
bynammedeLone Star State
tiidsôneUTC –6 (uterste westen –7)
simmertiidUTC –5 (uterste westen –6)
websidewww.texas.gov
Dizze side giet oerde Amerikaanske steat Teksas. Foar oare betsjuttings, sjoch:Teksas (betsjuttingsside).

Teksas (Ingelsk:Texas; útspr.: ['tɛksəs], likernôch "teksus";Spaansk:Tejas ofTexas; útspr. beide kearen ['texas], likernôch "teechas"), offisjeel deSteat Teksas (Ingelsk:State of Texas), is ien fan 'e fyftichsteaten dy't mei-inoar deFeriene Steaten fan Amearika foarmje. Teksas, byneamd deLone Star State, leit yn it suden fan 'e Feriene Steaten, oan 'ekust fan 'eGolf fan Meksiko en tsjin 'egrins meiMeksiko oan.Histoarysk heart it ta de regio fan itAmerikaanske Suden. Dehaadstêd isAustin, mar de grutstestêd isHouston. Neffens in skatting út2015 hie de steat doe krapoan 28 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwabefolkingsgrutte de 2e steat fan 'e Feriene Steaten is, neiKalifornje. Oangeandeoerflak is Teksas mei goed 696.000 km² ek de 2e steat, neiAlaska. Teksas stiet bekend om syncowboykultuer, synierdoaljeyndustry en in 'eigenheid' dy't gjin inkele oare steat belykje kin en dy't troch de Teksanen koestere wurdt.

Etymology

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Denamme Teksas is inferfrysking fan itIngelskeTexas (útspr.: ['tɛksəs], likernôch "teksus"), dat wer ôflaat is fan 'eSpaanske foarmTejas ofTexas (útspr. beide kearen ['texas], likernôch "teechas"). Uteinlik giet de namme tebek op it wurdtáyshaʔ, dat ôfkomstich is út 'eYndiaanskeKeddo-taal, mei de betsjutting "freonen" of "bûnsmaten". Oarspronklik wie it in oantsjutting dy't troch deSpaanskekolonisators brûkt waard foar deKeddo (Caddo), dy't harren, oars as in protte oare Yndiaanskefolken, tagedien wiene. De offisjelebynamme fan Teksas isLone Star State, de "Steat fan 'e Iene Stjer", in oantsjutting dy't op 'e Teksaanskeflagge slacht.

Itheuvellân fan eastlik Teksas.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Teksas hat inoerflak fan 696.241 km², wêrfan't 2,5% útwetter bestiet. Dêrmei is it de op ien nei grutsteAmerikaanske steat, neiAlaska. Teksas leit foar it meastepart yn 'eSintrale Tiidsône (UTC –6,simmertiid –5), mar dewestlike punt makket diel út fan 'eBerchtiidsône (UTC –7,simmertiid –6). De steat leit yn it midsuden fan 'e Feriene Steaten en hearthistoarysk ta de regio fan itAmerikaanske Suden. Teksas grinzget yn iteasten oanLouisiana, yn itnoardeasten oanArkansas, yn itnoarden oanOklahoma en yn itwesten oanNij-Meksiko. Yn it noardeastlike part fan 'e steat foarmet deReade Rivier de grins mei Oklahoma; yn it noardwesten stiket dePanhandle fan Teksas in hiel stik nei it noarden ta út, dêr't dy krite grinzget oan 'ePanhandle fan Oklahoma. Yn itsúdwesten foarmet de meänderjendeRio Grande de ynternasjonalegrins meiMeksiko en de Meksikaanske steatenChihuahua,Coahuila,Nij-Leön enTamaulipas. Yn itsúdeasten leit Teksas oan 'ekust fan 'eGolf fan Meksiko, wêrby't itfêstelân ôfskerme wurdt troch in rigebarriêre-eilannen.

Teksas kin ferdield wurde yn in fjouwertalgeografysk-geologyske regio's. DeKustflakte fan de Golf fan Meksiko omfiemet it hiele, flakke súdeasten fan 'e steat, meigreidlân en ferspratebosken. ItYnlânsk Leechlân foarmet in oergongssône mei licht gloaiendeheuvels dy't oarspronklik oerdutsen wiene meimingd wâld. Sintraal Teksas wurdt behearske troch de súdlike útein fan 'eGrutte Flakten, dêr't behalven dePanhandle fan Teksas ek deLlano Estacado en de heuvelige krite om 'e steatshaadstêdAustin hinne ta hearre. De Flakten binne oerdutsen meigerzigeprêrje dy't mear nei it westen ta stadichoan oergiet yn insteppe. De Llano Estacado is inplato dat foar in diel ta de krite fanWest-Teksas rekkene wurde moat. It uterste westen fan Teksas, ek wol deTranspecos neamd, is inwoastyngebiet meisândunen,dellings, itStocktonplato en ferskateberchtmen, wêrûnder itGuadalupeberchtme en itDelawareberchtme.

Yndianereservaten yn Teksas.

Wichtigerivieren yn Teksas binne deReade Rivier, deRio Grande, dePecos, deBrazos, deKolorado (Teksas) en deSabine, dy't de eastgrins meiLouisiana foarmet. It heechste punt yn 'e steat isGuadalupe Peak, op 2.667 m boppeseenivo, en it leechste punt is itstrân oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko, dat op seenivo leit. Hoewol't Teksas net folle natuerlikemarren omfiemet, binne der mear as hûndertopslachmarren oanlein. Der binne yn Teksas trije lytseYndianereservaten:

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Prekoloniale tiid

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Foarôfgeande oan 'ekolonisaasje fan Teksas troch deJeropeänen waard it gebiet bewenne troch in grut talYndiaanskefolken. Itsuden fan 'e lettere steat stie yn itearste milennium ûnder ynfloed fan 'eMiddenamerikaanskekultueren, yn 't bysûnder dy fanTeotihuacan, dy't om it jier500 hinne syn hichtepunt berikte en tusken deachtste en detsiende iuw stadichoan ferdwûn. Westlik Teksas hearde ta it domein fan 'ePûeblo-Yndianen, wylst eastlik Teksas diel útmakke fan 'eMississippiaanske kultuer fanheuvelbouwers. Tsjin 'e tiid dat de earsteblankeûntdekkingsreizgers Teksas oandiene, yn 'esechstjinde iuw, waard it gebiet bewenne troch û.m. deAlabama,Apachen,Atakapa,Karankawa,Kajowa (Kiowa),Keddo (Caddo),Koäwylteken (Coahuiltecans),Komantsjen (Comanche),Tsjoktou (Choctaw),Kûsjatta (Coushatta),Tonkawa enWitsjitta (Wichita).

Oarlochfiering op 'eGrutte Flakten: inKomantsjekriger (rj.) besiket inOsadzjekriger dea te stekken mei inspear. (Skildere trochGeorge Catlin,1834.)

De earste Jeropeaan dy't Teksas besocht, wie deSpaanskeûntdekkingsreizgerAlonso Álvarez de Pineda, dy't yn1519 inlânkaart fan 'e Teksaanske kust makke. Op6 novimber1528 waardenÁlvar Núñez Cabeza de Vaca en synbemanning de earste Jeropeänen dy't der oan lân giene doe't harrenskip foar de Teksaanske kustbreksloech. Yn1541 wieFrancisco Vázquez de Coronado de earste Jeropeaan dy't Teksas mei opsetsin besocht. Yn1685 stifte deFrânsmanRené-Robert Cavelier de La Salle by fersin inkoloanje op 'e kust fan 'eMatagordabaai (de bedoeling wie om in koloanje oan 'eMississippy te fêstigjen). Dizze delsetting hold it fjouwer jier út ear't de oerlibbenen fuortteagen fanwegen de drege libbensomstannichheden en de fijannigens fan 'e Yndianen.

De Spanjerts, dy't Teksas as ûnderdiel fan harren koloanjeNij-Spanje (it lettereMeksiko) beskôgen, waarden har om dyselde snuorje hinne bewust fan 'e bedriging dy't de Frânsen foarmen, en stiften yn1690 ferskatemissyposten yn eastlik Teksas om harren oanspraken krêft by te setten. Tagelyk waard Teksas doe ta inprovinsje fan Nij-Spanje útroppen. Doe't Frankryk oan it begjin fan 'eachttjinde iuw it gebiet kolonisearre dat letter de steatLouisiana wurde soe, wie dat foar Spanje oanlieding om yn1716 in nije rigemissyposten yn eastlik Teksas op te rjochtsjen, en yn1718 stiften se boppedatSan Antonio, de earste permaninte delsetting op it grûngebiet fan Teksas.

In byld út 'e begjintiid fanEl Paso, dat yn1680 troch deSpanjerts stifte waard.

Troch de fijannige hâlding fan in protte Yndianestammen en teffens fanwegen de ôfstân ta it sintrum fan Nij-Spanje loek Teksas yn 't earstoan mar in bytsje Spaanskekolonisten en bleau it lange tiid ien fan 'e tinst befolkeprovinsjes. Yn1749 sleaten de Spanjerts inferdrach mei deLipan-Apachen, dat in protte oare stammen tsjin harren yn it harnas jage, yn 't bysûnder deKomantsjen en deTonkawa. Yn1785 waard der in ferdrach sletten tusken Spanje en de Komantsjen, wêrnei't dy de kolonisators holpen om 'e Lipan-Apachen en deKarankawa te ferslaan. Underwilens waarden desedintêre folken, lykas de Pueblo-Yndianen, troch Spaanskemisjonarissen ta itkristendom brocht. Tsjin 'e ein fan 'eachttjinde iuw wiene inkeld denomadyske stammen noch netbekeard.

Doe't deFeriene Steaten yn1803 de Frânskekoloanje Lousianaoankochten, holden se lange tiid fol dat ek Teksas dêrta hearde, wat dúdlik net sa wie. Uteinlik waard yn1819 in oerienkomst sletten dy't de eastgrins fan Teksas fêststelde as lykfallend mei de rivier deSabine. In protte Amerikaanske kolonisten negearren dy grins lykwols en setten har dochs yn Teksas nei wenjen. Nei deMeksikaanske Unôfhinklikheidsoarloch makke Meksiko (it eardere Nij-Spanje) him yn1821 los fan it memmelân. Teksas kaam doe ek ta it nije steatsferbân te hearren, mar om't dêr amper in kop wenne, dielde it Meksikaanske bestjoer it gebiet yn by de dielsteatKoäwila en Teksas (Coahuila y Tejas).

Deflaggen fan allelannen dy't sizzenskip oer Teksas hân hawwe. Fan loftsboppen ôf mei de klok mei:Spanje, deFeriene Steaten, deRepublyk Teksas, deKonfederearre Steaten fan Amearika,Frankryk (keninklike leeljebanier) enMeksiko.

Meksikaansk Teksas

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'e hope dat mear kolonisten de oanhâldende oanfallen fan 'eKomantsjen enLipan-Apachen tsjinkeare kinne soene, liet Meksiko ta dat har yn 'e desennia dêrnei grutte oantallen Amerikanen yn Teksas nei wenjen setten. Dêrmei hellen se lykwols itHynder fan Troaje binnen. Yn1825 hie Teksas 3.500 (blanke) ynwenners, wêrfan't fierwei it grutste part útMeksikanen fanSpaanskkomôf bestie. Tsjin1834 wiene der krapoan 38.000 (blanke) ynwenners, wêrûnder mar 7.800 Meksikanen. In soad fan 'e Amerikaanske nijynkommelingen lapen iepentlik de Meksikaanskewet oan harren lears, ynklusyf it ferbod opslavernij. Dat feit, yn kombinaasje mei it oanhâldende besykjen fan 'e Feriene Steaten om Teksas fan Meksiko te keapjen, wie yn1830 foar it Meksikaanske regear oanlieding om 'e grins op slot te smiten en gjin nije Amerikanen mear ta te litten.

Tsjin dy tiid wie it lykwols al te let. Nijetolheffings opynfier enútfier út en nei de Feriene Steaten makken de saak noch helte minder. Yn1832 fûn de saneamdeOpskuor fan Anahuac plak, in rige gearkomsten fan protestearjende Teksanen tsjin it almar autoritêrdere Meksikaanske bewâld yn 'e provinsje, dy't laten ta in stikmannich opstjitsjes en gewelddiedige konfrontaasjes foarôfgeande oan it útbrekken fan 'e eigentlike oarloch.Rebûlje yn súdliker dielen fan syn lân setten de MeksikaanskepresidintAntonio López de Santa Anna der omtrint dyselde tiid ta oan om hurd fanwegen te kommen tsjin eltse foarm fan opstannigens. Desteat fan belis waard yn it hiele lân útroppen, en dedeastraf waard beoardere foar in elk dy't him iepentlik tsjin it Meksikaanske regear kearde.

Meksiko yn1824.Koäwila en Teksas is de meastnoardeastlikeprovinsje.

Yn Teksas, mei syn grutte befolkingsgroep fan Amerikaansk komôf, wie soks krekt oalje op it fjoer. De Amerikanen yn Teksas, dy't kwaleauwe,taal enkultuer frijwol neat gemien hiene mei Meksiko, mar nammenste mear mei de Feriene Steaten, wiene it Meksikaanske regear stadichoan as in útlânske oerhearsking begûn te beskôgjen. De Teksaanske Meksikanen, de saneamdeTejanos, dy't yn Meksiko eins neat yn 'e molke te krommeljen hiene om't se yn Teksas alhiel oan it fuottenein sieten, stiene yn dizze saak foar in grut part oan 'e kant fan 'e Amerikanen. By deKonvinsje fan 1832 easken de Teksanen dat Teksas in selsstannige dielsteat fan Meksiko wurde soe, los fanKoäwyla. It jiers dêrop werhellen se harren easken by deKonvinsje fan 1833.

Unôfhinklik Teksas

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Begjin1835 begûnen de Teksanen 'komitees foar korrespondinsje en feilichheid' te foarmjen, wat delkaam op in soarte fanboargerwacht. Yn it neijier briek einlings en te'n lêsten in iepentlike striid út doe't deSlach by Gonzales plakfûn tusken Teksaanskeopstannelingen en Meksikaansketroepen. Dat wie it begjin fan 'eTeksaanske Unôfhinklikheidsoarloch, wêrby't de Teksanen ûnder oanfiering fan foaroanmannen asStephen F. Austin enHenry Smith binnen in fearnsjier alle Meksikaanske troepen yn 'e provinsje fersloegen en nei it suden ta ferdreaune. Neitiid fûn der inferkiezing plak fan ôffurdigen nei de saneamdeKonsultaasje, dy't in provysjoneel regear ynstallearre dat lykwols al rillegau te sink gie oan ynterne deilisskippen. Sadwaande bestie der de earste pearmoannen fan1836 gjin dúdlik bestjoer yn Teksas.

DeAlamo, bySan Antonio.

Under dy snuorje fan polityk trelit late de Meksikaanske presidint Santa Anna persoanlik inleger nei it noarden ta om foar iens en foar altyd in ein oan 'e rebûlje te meitsjen. Yn 't earstoan wie it Meksikaanskeoffinsyf súksesfol.GeneraalJosé de Urrea drukte alle Teksaanske ferset by de Golfkust lâns de kop yn, mei as hichtepunt itBloedbad fan Goliad. By deSlach om de Alamo wist Santa Anna sels op6 maart, nei inbelis fan trettjin dagen, deAlamo te oerweldigjen en yn te nimmen. Dat wie in tafêsting omboude âldemissypost bySan Antonio. By dat barren kamen hast alle 180 oant 260 Teksaanske ferdigeners om, en de inkelingen dy't har oerjoegen waarden neitiid op befel fan Santa Annaeksekutearre. Under de deaden wieneJames Bowie enWilliam B. Travis, dy't tegearre it befel oer de fêsting fierd hiene, en teffens de ferneamdeTennesseeskefrontiersmanDavy Crockett.

Underwilens hie de mei tûzen hasten gearroppenKonvinsje fan 1836 op2 maart deTeksaanske Unôfhinklikheidsferklearring útfurdige, mei as gefolch dat deRepublyk Teksas as ûnôfhinklik lân ûntstie. Nei't der nije bestjoerders oanwiisd wiene, waard de konvinsje opheft en joech it nije regear him by de oare Teksanen yn in weromtocht mei oanhâldende efterhoedegefjochten dy't bekend waard as deRunaway Scrape. Nei ferskatewiken tebekwykt te wêzen, fersloech itTeksaanske Leger ûnder lieding fanSam Houston de Meksikanen yn 'eSlach oan de San Jacinto, wêrby't Santa Annakriichsfinzen nommen waard. Doe't dyselde neitiid twongen wie om 'eFerdraggen fan Velasco te ûndertekenjen, waard dêrmei de ûnôfhinklikheid fan Teksas feilichsteld, en kaam der in ein oan 'e oarloch.

Antonio López de Santa Anna, depresidint fanMeksiko, jout him oer oan 'e Teksanen nei syn nederlaach yn 'eSlach oan de San Jacinto.

Teksas waard doe it toaniel fan bittere politike strideraasjes tusken twa partijen binnen de nijerepublyk. Denasjonalisten, oanfierd trochfise-presidintMirabeau B. Lamar, stiene de trochgeande ûnôfhinklikheid fan Teksas foar, dedeportaasje fan alle Yndianen nei it bûtenlân en de útwreiding fan 'e republyk nei it westen oan 'e kust fan 'eStille Oseaan ta. Defederalisten, oanfierd troch oarlochsheld Sam Houston, dy't ûnderwilens ta presidint fan Teksas keazen wie, seagen mear yn oansluting by de Feriene Steaten enfreedsum gearlibjen mei de Yndianen. Dit konflikt waard karakterisearre troch in ynsidint dat bekend kommen is te stean as deTeksaanske Argyfoarloch, wêrby't Houston-en-dy in ynfal diene yn itargyf fan 'e nije (troch Lamar-en-dy beävensearre)haadstêdAustin, mei as doel om 'e argyfstikken werom te stjoeren nei eastlik Teksas, dêr't neffens harren de haadstêd bliuwe moast (mar dat waard harren behindere troch de skandalisearre boargerij fan Austin).

Underwilens seach Meksiko Teksas noch altyd as in opstannige provinsje, en die yn1841 en1842 ferskate healslachtige ynfallen yn súdlik Teksas, wêrby't de stêdSan Antonio twaris yn Meksikaanske hannen foel en de Teksanen ferslein waarden by itBloedbad fan Dawson. Meksiko sette lykwols net troch, en sadwaande koe de Republyk Teksas bestean bliuwe nettsjinsteande syn dúdlike ûnfermogen om himsels ôfdwaande te ferdigenjen. Dy sitewaasje joech de federalisten ekstra munysje yn harren striid foar oansluting by de Feriene Steaten, dêr't al yn1837 oerûnderhannele waard.

DeRepublyk Teksas fan1836 oant1845:
     gebiet dat Teksas behearske
     gebiet dêr't Teksas oanspraak op makke
     (de rest fan) Meksiko
     de Feriene Steaten

Amerikaansk Teksas

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hoewol't de wjerstân fan 'e nasjonalisten yn Teksas en deabolysjonisten yn 'e Feriene Steaten (de Republyk Teksas hie ntl. deslavernij legalisearre) de saak fertrage, koene se de opname fan Teksas yn 'e Feriene Steaten net tsjinkeare. DeAnneksaasje fan Teksas troch itAmerikaanske Kongres fûn úteinlik plak op29 desimber1845, nei't de op geografyske útwreiding taleineJames K. Polk deAmerikaanske presidintsferkiezings fan 1844 wûn hie. Sadwaande waard Teksas op dy datum fan in ûnôfhinklike republyk ta indielsteat fan 'e Feriene Steaten.

Nei de anneksaasje ferbriek Meksiko dediplomatike relaasjes mei de Feriene Steaten. Noch ôfsjoen fan it feit dat Meksiko Teksas as in opstannige provinsje beskôge, lei de histoaryske súdwestgrins fan Teksas by de rivier deNueces. De Republyk Teksas hie oanspraak makke op alle gebiet oan 'eRio Grande ta, en hoewol't de Teksanen net it fermogen hiene om harren oanspraken militêr te ûnderstypjen, hiene de Feriene Steaten dat wol. Sterker noch, presidint Polk hie ek de politike wil om dat te dwaan, en op13 jannewaris1846 stjoerde er in ôfdieling fan itAmerikaanske Leger ûnder lieding fan generaalZachary Taylor nei westlik Teksas ta om it hiele grûngebiet fan 'e nije steat oan 'e Rio Grande ta feilich te stellen.

Foarstellen út1850 foar de westgrins fan Teksas.

Doe't Meksikaanske troepen in pear moanne letter by de saneamdeThornton-affêre sechstjin leden fan in Amerikaanskekavalerypatrûlje deaden, wie dat it startsein foar deMeksikaansk-Amerikaanske Oarloch. It die al gau bliken dat de Amerikanen de sterkere partij wiene yn dit konflikt. De earste treffens waarden útfochten yn Teksas; by itBelis fan Fort Texas, deSlach by Palo Alto en deSlach by Resaca de la Palma boekte it Amerikaanske Leger klinkende oerwinnings. Neitiid krongen Amerikaanske troepen djip yn Meksiko troch en nei ferrin fan tiid moasten de Meksikanen belies jaan. Uteinlik kaam yn1848 in ein oan 'e oarloch mei itFerdrach fan Guadalupe Hidalgo, wêrby't Meksiko yn ruil foar$18.250.000 foargoed ôfstân die fanKalifornje en frijwol it hieleAmerikaanske Súdwesten.

By dizze saneamdeMeksikaanske Sesje waard ek de súdwestgrins fan Teksas by de Rio Grande fêststeld. De oare westlike en noardlike grinzen fan 'e steat Teksas waarden fêstlein by itKompromis fan 1850, wêrfoar'tsenatorJames Pearce fanMarylân de úteinliketekst opstelde. Teksas joech doe syn oanspraken op gebieten op dy't letter de eastlike helte fanNij-Meksiko, it sintrale diel fanKolorado en (lytsere) dielen fanKansas,Oklahoma enWyoming wurde soene. Yn ruil dêrfoar naam it Amerikaanske regear de $10 miljoen bedragendesteatsskuld fan 'e Republyk Teksas oer. Omtrint dyselde tiid woeks de befolking fan fralEast-Teksas fluch oan, om't no neat Amerikaanske kolonisten mear yn 'e wei stie om har yn 'ekatoenboukrite deunby de grins meiLouisiana enArkansas te fêstigjen. Deplantaazje-eigners brochten ek harrennegerslaven mei. Tusken1850 en1860 fertrijefâldige it tal slaven yn Teksas fan likernôch 58.000 nei 182.566.

Dútskeymmigranten ûnderweis om har te fêstigjen ynNew Braunfels (Teksas).

Boargeroarloch en Weropbou

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Doe't yn1860, nei de ferkiezing fanAbraham Lincoln aspresidint, de spannings tusken it noarden en it suden fan 'e Feriene Steaten einlings ta útbarsting kamen, skateSúd-Karolina him ôf fan 'e Feriene Steaten, folge troch fiif oare steaten út itDjippe Suden. Yn Teksas waard op28 jannewaris1861 in steatskonvinsje iepene, wêrfan't de leden op1 febrewaris mei 166 tsjin 8 stimmen inOrdinânsje fan Sesesje fan 'e Feriene Steaten oannamen. By inreferindum dat op23 febrewaris holden waard, karde it Teksaanskeelektoraat dy gong fan saken goed, wêrnei't Teksas him op4 maart by de nij oprjochteKonfederearre Steaten fan Amearika oansleat en op23 maart deKonfederearre Grûnwetratifisearre. Net alle Teksanen wiene foarôfskieding; de bekendste útsûndering wie de eardere presidintSam Houston, dy't no degûverneur fan 'e steat wie. Lincoln bea him help fan it Amerikaanske Leger oan om him oan 'e macht te hâlden, mar Houston, dy't it spul net slimmer meitsje woe as it al wie, wegere dat. Nei't er ek wegere hie omtrou te swarren oan 'e Konfederearre Grûnwet, waard er ôfset.

Itmonumint ynGalveston foar de Teksaanske fallenen yn 'eBoargeroarloch.

Under deAmerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) dy't op 'e ôfskieding fan úteinlik alve fan 'e Súdlike steaten folge, waard der net folle yn Teksas fochten, hoewol't Noardlike troepen by deEarste Slach om Galveston koarte tiidGalveston besetten, it wichtichstehavenplak yn Teksas. Likegoed droech de steat in protte troepen en materieel by oan 'e oarlochsynset fan 'e Konfederaasje. Fierders stie Teksas bekend as "de efterdoar fan 'e Konfederaasje", om't in protte guod fia de Meksikaanske grins de Konfederaasje berikte nei't de Noardlikefloat in blokkade foar de Konfederearre kust lein hie. Alle Noardlike krewearjen om dy rûte ôf te snijen waard troch de Súdliken tsjinkeard. Doe't mids1863 nei de Noardlike oerwinning yn 'eSlach by Vicksburg de hiele rin fan 'eMississippy yn Noardlike hannen foel en de Konfederaasje dêrmei yn in eastlik en in westlik diel midstwa snien waard, rekke de rol fan Teksas as befoarrieder fan it Suden útspile. Nei't de Konfederaasje him ynapril1865 al oerjûn hie, mar foar't dat nijs Teksas berikke koe, waard deunbyBrownsville noch deSlach by Palmito Ranch útfochten, de lêstefjildslach fan 'e Boargeroarloch, dy't einige yn in Konfederearre oerwinning.

Nei de Súdlike nederlaach regearre yn Teksas twa moannen lang deanargy, oant de generaalGordon GrangerGalveston berikte om dêr mei in Noardlike besettingsmacht it bestjoer oer te nimmen. Under itTiidrek fan de Weropbou ferklearre presidintAndrew Johnson yn1866 dat it boargerlik regear yn Teksas wer oan 'e macht wie. Op30 maart1870 waard Teksas as tsiende fan 'e alve Konfederearre steaten wer talitten ta deAmerikaanske Uny, ek al hie de steat doe noch net foldien oan alle easken dy't dêr yn 't foar oan steld wiene. Underwilens groeiden, fral yn East-Teksas, demaatskiplike spannings tusken de (no frije)swarten en deblanken, en hie dat diel fan 'e steat ek te kampen mei inlânboudepresje enarbeidsskelen. YnWest-Teksas bloeide yn 'e perioade nei de Boargeroarloch defeehâlderij, wêrby't it fral gie om in lânseigenkoweras, deTexas longhorn. Troch dat diel fan syn skiednis is Teksas foargoed assosjearre rekke mei it byld fan 'ecowboy. Yn dyselde snuorje waarden deKomantsjen,Kajowa,Flakte-Apachen enLipan-Apachen ferslein en ûnderwurpen. De earste trije folken waarden nei itYndiaanske Territoarium (it lettereOklahoma) tadeportearre, wylst de Lipan-Apachen suverhielendal útrûge waarden.

DeSteinhagen-opslachmar.

Op8 septimber1900 waard Teksas troffen troch de deadlikstenatoerramp yn 'eskiednis fan 'e Feriene Steaten, deOrkaan fan Galveston, dy't de havenstêdGalveston mei de grûn lyk makke en nei skatting oan 6.000 oant 8.000minsken it libben koste. Op10 jannewaris1901 waard yn 'e neite fanBeaumont deSpindletop oanboarre, de earste grutteierdoaljeboarne yn Teksas. Neitiid waarden oare grutte oaljefjilden ûntdutsen ynEast-Teksas,West-Teksas en ûnder deseeboaiem fan 'eGolf fan Meksiko. De resultearjendeTeksaanske oalje-boom berikte syn hichtepunt yn1972, doe't der yn 'e steat trochinoar 3 miljoen fetten oalje deis produsearre waarden.

Ek yn1901 waard troch it troch deDemokraten behearske Steatskongres inwet oannommen dy'tbelestingheffing oer itkiesrjocht mooglik makke. Yn 'e praktyk waard dêrmei oan 'e measteswarten en oan in protteearmeblanken enLatino's it kiesrjocht ûntnommen om't se dy belesting net opbringe koene. Dat effekt wie fansels ek wêr't it derike blanke elite yn Teksas om te dwaan wie.

Spindletop, de earste grutteierdoaljeboarne dy't (yn1901) yn Teksas oanboarre waard.

Yn 'e1930-er jierren hie de Teksaanskeekonomy slim te lijen ûnder deGrutte Depresje sawol as deDust Bowl, in perioade fan jierrenlang oanhâldende swierestofstoarmen, feroarsake trochgrûneroazje dy't wer in gefolch wie fan ûngaadlike foarmen fanlânbou op 'e Amerikaanskeprêrjes. Tusken1910 en1940, mar yn 't bysûnder yn 'e tritiger jierren, ferlieten swarte Teksanen by de saneamdeAfro-Amerikaanske Folksferhuzing massaal de steat om yn 'eyndustrystêden fan it noarden enKalifornje in bettere takomst foar harrensels en har bern te sykjen.

DeTwadde Wrâldoarloch hie in grutte ynfloed op Teksas, mei't der meijild fan it federale regearlegerbases,wapenfabriken,kriichsfinzenekampen ensikehuzen oanlein waarden. Goed 750.000 jonge Teksanen giene oersee om oan it front te fjochtsjen en hûnderttûzenen earmeboeren enboere-arbeidersteagen nei de stêden ta foar better betellebanen yn 'eyndustry. Nei de oarloch kaam der yn 'e fyftiger jierren foar it earst betelbereairconditioning beskikber, dy't net allinnich de libbenskwaliteit yn Teksas dramatysk ferbettere, mar it foar gruttebedriuwen oantreklik makke om har der te fêstigjen. It wie yn dy tiid dat deromtefeartorganisaasjeNASA synhaadkertier ynHouston krige.

Inastronaut yn trening yn itLyndon B. Johnson Space Center fan 'eNASA ynHouston.

Ferneamde foarfallen út 'e Teksaanske skiednis wiene fierdersde moard op 'e Amerikaanske presidintJohn F. Kennedy, doe't dy op22 novimber1963Dallas besocht, en debelegering fan de Branch Davidians, inwapenesekte wêrfan't it haadkertier ynWaco yn1993 51dagen lang belegere waard trochATF, in federaleplysjetsjinst. By de bestoarming fan it gebou, op19 april1993 kamen 76 minsken om. Einaugustus2017 waardenHouston en súdeastlik Teksas troffen troch deorkaanHarvey, dy't benammen in ûnbidige soadrein en dêrtroch gruttewettersneed brocht. Der foelen 83 deaden en 194.000 huzen yn Houston en omkriten rekken slim skansearre, mei dêrûnder 9.000 dy't folslein ferneatige waarden.

Bestjoer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Teksas bestiet bestjoerlik út 254countys, it grutste oantal fan alleAmerikaanske steaten. Desteatshaadstêd,Austin, leit ynTravis County, yn it sintrale part fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Teksas bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad degûverneur. Dewetjaande macht is yn 'e hannen fan itParlemint fan Teksas, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 31 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 150 sitten. Yn 'eAmerikaanske Senaat wurdt Teksas, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch twasenators. Yn itAmerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Teksas 36 sitten.

It Steatskapitoal fan Teksas, ynAustin.

It politike lânskip fan Teksas wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanskepolitike partijen, deDemokratyske Partij en deRepublikeinske Partij. Alle oare partijen ferfolje mar in hiel marzjinale rol. Teksas is in tigebehâldende steat, dy't yn it ferline yn grutte mearderheid op 'e Demokraten stimde. Dat feroare lykwols doe't de Demokratyske Partij yn 'e perioade fan 'e1950-er oant de1970-er jierren almarprogressiver waard, wylst de Republikeinske Partij krekt feroare yn in tige konservative partij. Dêrfandinne dat de measte Teksanen sûnt likernôch1980 byferkiezings op 'e Republikeinen stimme. Dêrby giet it lykwols benammen om blanken, wylst swarten en Latino's oer it algemien Demokratysk binne. Mei't it oandiel fan 'e Latino's yn 'ebefolking fan Teksas almar fierder tanimt en dat fan 'e blanken krekt weromrint, wurdt ferwachte dat de Demokraten omtrint2025 wer in kâns meitsje sille om yn Teksas by presidintsferkiezings mear as de helte fan 'ekiesmannen te winnen, wat nedich is om 'e Teksaanske leden fan itElektoraal Kolleezje efter harren partij te krijen.

ItNasjonaal Park Big Bend, oan 'eRio Grande.

De bekendeTexas Rangers binne inparamilitêreplysjetsjinst meijurisdiksje yn 'e hiele steat, dy't ressortearret ûnder itTeksaansk Departemint foar Iepenbiere Feilichheid. Dy organisaasje waard yn1823 ynformeel yn it libben roppen trochStephen F. Austin en wetlik formalisearre yn1835. Yn 'e tiid fan itWylde Westen wiene de Texas Rangers ferneamd om harren ûnbûchsume neifolging fan 'e wet, en troch de jierren hinne hawwe semisdriuwen ûndersocht dy't útinoar rinne fanmoard oantpolitikekorrupsje. Se binne ynset asmobile ienheid en asresjerzje en leverje deliifwachten fan 'e Teksaanskegûverneur.

Ekonomy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn2014 hie Teksas inbruto steatsprodukt fan$1.648 miljard, dat nei dat fanKalifornje it heechste fan alleAmerikaanske steaten wie. It wie ek heger as itbruto nasjonaal produkt fanAustraalje ofSúd-Koreä, dy't dat jiers it tolfde en trettjinde plak ynnamen op 'e ranglist fan grutsteekonomyen fan 'e wrâld. De Teksaanske ekonomy is de op trije nei grutste fan alle lânsdielen yn 'e wrâld, nei dy fanIngelân,Kalifornje en dePrefektuer Tokio. Yn Teksas hawwe de gruttebefolking, it ferskaat oan natuerlike helpboarnen, de groeiendestêden en de heech oanskreauneuniversiteiten allegear bydroegen oan in sterk diversifiëarre ekonomy.

Injaknikker yn Teksas.

Sûnt oan it begjin fan 'etweintichste iuwierdoalje ûntdutsen waard yn 'e steat, hat de oaljeyndustry sterk syn stimpel op 'e Teksaanske ekonomy drukt, al is de ynfloed fan dy bedriuwstûke fan 'e earste helte fan 'e1970-er jierren ôf sterk belune. Likegoed hawwe ferskate Amerikaanskeoaljemaatskippijen harhaadkantoar noch altyd yn Teksas, wêrûnder deAnadarko Petroleum Corporation,Conoco-Phillips,Exxon-Mobil,Halliburton,Marathon Oil,Tesoro, deValero Energy Corporation enWestern Refining. Nettsjinsteande synimago as oaljesteat is Teksas fierders ek in pionier op it mêd fangriene enerzjy, en produsearret it de meastewynenerzjy fan 'e Feriene Steaten. Yn2014 waard 10,6% fan alleenerzjy dy't yn Teksas ferbrûkt waard, opwekke trochwynmûnen.

Delânbou spilet yn Teksas noch in wichtige rol, en de steat hat de measteagraryskebedriuwen en de meastehektares lânbougebiet fan alle Amerikaanske steaten. It is de liedende Amerikaanske steat op it mêd fan 'efeehâlderij, wêrby't it noch altyd benammen omkij giet, hoewol't Teksas ek op it earste plak fan 'e ranglist fan Amerikaanske steaten stiet op it mêd fan 'eskieppe- engeitehâlderij. Fierders is Teksas ek de grutstekatoenprodusint fan 'e Feriene Steaten, en omfiemet it in oansjenlikenôtproduksje, wylst oan 'e kust in soad oanfiskerij dien wurdt. Ekmynbou op it mêd fan 'e produksje fansemint,kalkstien,sâlt,sân engravel wurdt yn Teksas in protte oan dien.

Befolkingstichtens yn Teksas.

Deyndustry yn 'e steat is sterk rjochte op 'e ûntwikkeling fankompjûtertechnology enloft- enromtefearttechnology. De krite oan 'e noardkant fanDallas dêr't har in protte kompjûterbedriuwen fêstige hawwe, wurdt wol de "Silicon Prairie" neamd, in ferwizing neiSilicon Valley, yn noardlikKalifornje.Houston, mei itLyndon B. Johnson Space Center, ithaadkertier fan 'eNASA, is it klopjend hert fan 'e romtefeartyndustry. YnFort Worth binne ferskate loftfeartbedriuwen fêstige, wêrûnderBell Helicopter Textron en indifyzje fanLockheed Martin, dy't û.m. deF-16 Fighting Falcon en deF-35 Lightning II boud hat.

Ittoerisme is yn Teksas net ien fan 'e grutste pylders fan 'e ekonomy, mar likegoed wichtich. Trekpleisters binne û.m. itNasjonaal Park Big Bend, oan 'eRio Grande; itSteatspark Palo Duro Canyon, yn 'ePanhandle; deAlamo ynSan Antonio; itLyndon B. Johnson Space Center fan 'eNASA, ynHouston; itTexas School Book Depository, inmuseum wijd oan 'emoard opJohn F. Kennedy, ynDallas; en deTexas Ranger Hall of Fame and Museum ynWaco.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neffens in offisjele rûzing troch itAmerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanskefolkstelling fan2010) hie Teksas yn2015 27.695.284 ynwenners, wat in groei fan 5,2% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn2010. Debefolkingstichtens wie yn2015 40,8minsken de km². Datselde jiers wennen der nei skatting sa'n 800.000yllegale ymmigranten yn Teksas. De grutstestêd fan 'e steat isHouston, mei 2,2 miljoen ynwenners yn2011. Oare gruttere stêden binne:San Antonio (1,4 miljoen),Dallas (1,3 miljoen), desteatshaadstêdAustin (885.000),Fort Worth (793.000) enEl Paso (674.000).

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanskefolkstelling fan2010 wie deetnyske opbou fan 'e Teksaanskebefolking doe sa: 45,3%blanken; 37,6%Latino's; 11,8%swarten; 3,8%Aziaten; 0,7%Yndianen; 0,1%Polyneziërs,Melaneziërs enMikroneziërs; 0,7% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Deskyline fanHouston, de grutstestêd fan Teksas.

Blanke Teksanen binne fierhinne fanNoardwest- enMiddenjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepenDútsers (11,3% fan 'e totale Teksaanske befolking),Ingelsen (±10%),Ieren (8,2%),Frânsen (2,5%) enItaljanen (2,0%). Fierders libje der yn Teksas ek 200.000 lju fanTsjechyskkomôf, wat mear is as yn hokker oare Amerikaanske steat ek.

De measteLatino's yn Teksas binneymmigranten ofneikommelingen fan ymmigranten út 'etweintichste iuw. Fierwei it meastepart fan harren bestiet útMeksikanen (31,6% fan 'e steatsbefolking). Oare gruttere groepen binneSalvadoranen (0,9%),Portorikanen (0,4%) enHondoerezen (0,4%). Teksas hat ek in lânseigen Latino-minderheid, de saneamdeTejano's, dy't ôfstamje fan 'e oarspronklike Spaanske kolonisten fan Teksas. (Byfolkstellings wurde de Tejano's net as in aparte groep beskôge, mar meiteld mei de Meksikanen; se sitte dan ek by it boppeneamde persintaazje fan 31,6% yn.)

Mank deAziaten yn Teksas wurdt de grutste groep foarme troch deYnjers (1,0% fan 'e steatsbefolking), folge troch deFjetnamezen (0,8%), deSinezen (0,6%), deFilipino's (0,4%) en deKoreänen (0,3%). De grutsteYndiaanskeetnyske groep yn Teksas wurdt foarme troch deSjeroky (Cherokee), dy't mei 19.400 persoanen 0,1% fan 'e Teksaanske befolking útmeitsje. Teksas omfiemet 3federaal erkende Yndianestammen:

In wolkomsboerd byPraha (ferneamd neiPraach,Tsjechysk:Praha), "de Tsjechyske haadstêd fan Teksas".

Dizze stammen hawwe allegear harren eigen (tige lytse)reservaat. Fierders binne der yn Teksas ek noch 2stammen dy't erkenning fan 'e steat, mar net fan 'e federale autoriteiten hawwe. Dat binne:

Teksas hat gjinoffisjele taal dy't as sadanich bywet fêstlein is, marde facto ferfollet itIngelsk dy funksje, dat neffens gegevens fan 'e Amerikaanskefolkstelling fan2010 doe foar 65,8% fan 'ebefolking dememmetaal wie. Dêrby giet it foar it meastepart omTeksaansk-Ingelsk, inaksint ofdialekt dat yn it gruttere ferbân fan itSúdlik Amerikaansk-Ingelsk pleatst wurde kin. Yn guon kriten, benammen de grutte stêden, binneWestlik Amerikaansk-Ingelsk enAlgemien Amerikaansk-Ingelsk yn opmars, wylst deswarte mienskip fierhinneAfro-Amerikaansk-Ingelsk sprekt (fral ek wer yn 'e stêden) en deLatino's (njonken itSpaansk) it saneamdeChicano-Ingelsk, dat benammen wiid ferspraat is yn it suden fan 'e steat.

Deskyline fanDallas.

De op ien nei grutstetaal fan Teksas wie yn2010 itSpaansk, dat doe foar 29,2% fan 'e befolking (oftewol rom 6,5 miljoen Teksanen) de memmetaal wie. Oareminderheidstalen wiene itFjetnameesk (0,75%), alle fariëteiten fan itSineesk (0,56%), itDútsk (ynkl.Teksaansk-Dútsk) (0,33%), itFilipynsk (Tagalog) (0,29%), itFrânsk (ynkl.Kadjunsk-Frânsk) (0,25%), itKoreaansk (0,24%), itOerdû (0,24%), itHindy (0,23%) en itArabysk (0,21%). ItSjeroky wie de meast sprutsenYndiaanske taal yn Teksas. Yn totaal hiene yn2010 34,2% fan 'e Teksanen (oftewol 7.660.406 minsken) in oare memmetaal as it Ingelsk.

Op it mêd fangodstsjinst bestie yn2014 77% fan 'ebefolking fan Teksas útkristenen, wêrûnder 53%protestanten, 23%roomsen en 1%eastersk-otterdoksen. De grutste protestantske denominaasjes wiene yn2010 deSúdlike Baptistekonvinsje mei goed 3,7 miljoen leden en deFeriene Metodistyske Tsjerke mei justjes mear as 1 miljoen leden. Teksas stiet bekend as de "gasp fan 'eBiblegurdle", wêrmei't men oantsjutte wol dat Teksanen oer it algemien tigeleauwich en/ofkristlik-fûnemintalistysk binne.Ateïsten enagnosten foarmen yn2014 18% fan 'e Teksaanske befolking. De oanhingers fan alle oare godstsjinsten mei-inoar makken 5% fan 'e befolking út. Dêrûnder wiene 422.000moslims, 146.000hindoes ensikhs en 128.000joaden.

DePalo Duro Canyon, yn 'ePanhandle fan Teksas.

Klimaat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Teksas makket diel út fan ferskateklimaatsônes, dy't útinoar rinne fan insubtropysk klimaat oan 'ekust fan 'eGolf fan Meksiko oant inlânklimaat yn 'ePanhandle. Sadwaande hat it suden fan 'e steat tige myldewinters, mei ynjannewaristemperatuerenoerdeis fan om-ende-by de 20 °C, wylst it kwik yn it noarden, benammennachts, yn dyselde tiid fan 't jier maklik oant djip ûnder itfriespunt sakje kin.Simmerdeis lizze de temperatueren ynaugustus yn it suden, easten, westen en de midden fan Teksas oerdeis trochinoar om 'e 35 °C hinne, wylst se yn it noarden stykjen bliuwe omtrint de 30 °C. Rekôrtemperatueren wiene 48,9 °C, op12 augustus1936 ynSeymour en jitris op28 juny1993 ynMonahans, en –30,6 °C op8 febrewaris1933 teSeminole.

Ek dedelslachhoemannichten rinne útinoar, wêrby't dewoastinige westpunt, de krite omEl Paso hinne,jiers mar 220 mmrein kriget, wylst yn dielen fan súdeastlik Teksas wol 1.600 mm falt. Foarsniefal moat men winterdeis yn 'e Panhandle en ynbercheftige kriten fan West-Teksas wêze. Rûchwei de noardlike helte fan 'e steat heart taTornado Alley, it diel fan 'e Feriene Steaten dat yn 't bysûnder te lijen hat fan it foarkommen fantornado's. Mei troch syn grutte hat Teksas de measte tornado's fan 'e hiele Feriene Steaten, yn trochsneed 139 jiers, dy't fral ynapril,maaie enjuny foarkomme.

Derotsformaasje El Capitan.

Oan 'ekust hat Teksas bytiden ek slim te lijen fanorkanen, dy't yn 'e regel út itKaribysk Gebiet wei deGolf fan Meksiko ynkomme. Yn1875 kamen der by sa'n orkaan likernôch 400 minsken om ynIndianola, en yn1886 waard datselde plak mei feerwuostge troch in oare orkaan. Yn1900 makke deOrkaan fan Galveston dehavenstêdGalveston mei de grûn lyk, wat nei skatting 6.000 oant 8.000 minsken it libben koste en dêrmei de deadlikstenatoerramp út 'e Amerikaanske skiednis wie. Oare ferwuostgjende orkanen dy't Teksas troffen hawwe, wiene de twaddeOrkaan fan Galveston yn1915;Orkaan Audrey, dy't yn1957 mear as 600 minsken fataal waard;Orkaan Carla yn1961;Orkaan Beulah yn1967;Orkaan Alicia yn1983;Orkaan Rita yn2005;Orkaan Ike yn2008; enOrkaan Harvey yn2017.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enBibliography, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryTexas fanWikimedia Commons.
 
             Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama Alaska Arizona Arkansas Delaware Fermont Firginia Floarida Georgia Hawaï Idaho Illinois Indiana Iowa Kalifornje Kansas Kentucky Kolorado Konettikut Louisiana Maine Marylân Massachusetts Michigan Minnesota Mississippy Missoery Montana Nebraska Nevada Nij-Hampshire New York Nij-Jersey Nij-Meksiko Noard-Dakota Noard-Karolina Ohio Oklahoma Oregon Pennsylvania Rhode Island Súd-Dakota Súd-Karolina Teksas Tennessee Utah Washington West-Firginia Wyoming Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen Amerikaansk-Samoä Gûam Noardlike Marianen Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Teksas&oldid=1151570"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp