Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Tei

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanTeien)
Teiwaar ynSchoonebeek (Drinte).

Detei, itteien of itteiwaar[1] is dewaarstastân as detemperatuer nei in perioade fanfroast wer boppe itfriespunt útkomt. It friest dan dus net mear en alleiis en eventueelsnie, as dy fallen is, begjint dan fuort teranen tawetter. As dat bart, seit men yn itFrysk ek wol: "it is op 'e tei".[1]Meteorologysk wurdt it begryp 'tei' inkeld brûkt foar likernôch ienetmiel nei de ein fan 'e froast. Eventueel kin dedeis dêrop noch sprutsen wurde fan 'oanhâldende tei' of 'trochsettende tei'. Yn 'e folksmûle wurdt de term lykwols brûkt foar de hiele perioade oant alle iis en snie fuortraand is, wat somswiken duorje kin. As de temperatuer net heger komt as 4 °C, sprekt men yn 'e meteorology fan lichte tei; wurdt itwaarmer, dan giet it om swiere tei.

Yn it oergongsgebiet mei de sêftere (waarmere)lucht kin him by teiwaar indelslachgebiet foarmje en ôfhinklik fan 'efaasje dêr't de tei mei ynset, kin der dan earst snie falle, dy't nei ferrin fan tiid oergiet ynrein, mei as eventueel tuskenstadiumwiete snie (mei grouwere, klibjendeflokken). As de tei net trochset, kin de rein letter wer oergean yn snie. By in flugge ynfal fan it teiwaar begjint it faak fuortendaliks te reinen, wêrby't dereindrippen yn 'e nochkâlde frieslucht of op 'e beferzengrûn befrieze ta iis; dat waarsferskynsel hjitizel. Tei sûnder delslach wurdt in drûge tei neamd.[1]

As de sêftere lucht oer it kâldere ierdoerflak streamt wylst dat noch bestiet út in stadichoan fuortranende iis- of snielaach, foarmet him troch de ôfkuolling fan 'e luchtmist. By ynfallend teiwaar wurdt sadwaande it sicht minder en kin tichte oant tige tichte mist mei in sicht fan minder as 50 m ûntstean. Sokke teimist komt inkeld op by de oanfier fan sêfte lucht; dat betsjut dat it by dizze foarm fan mist ek flinkwaaie kin, hoewol't mist normaal inkeld by (fierhinne) wynstil waar foarkomt. By deiggen fan gruttere beferzenoerflaktewetters lâns (lykas yn 'eNederlânske kontekst deIselmar), dêr't de lucht oanfierd wurdt oer in iisflakte hinne, kin it noch dagen nei de ein fan 'e froastperioade mistich wêze. Ek bliuwt op sokke plakken de temperatuer noch in hiel skoft leger as op oare plakken. As it hurd waait, kin boppedat it iis dêr begjinne tekruien.

Nei de ein fan in froastperioade sit de froast noch in skoft yn 'e grûn. It gefolch dêrfan is dat it oan 'e grûn byhelder waarnachts al wer rillegau begjint te friezen. Dat kin in ferriedlike foarm fanglêdens opsmite, dy't tige hommels foarkomme kin enopfriezing neamd wurdt. Ek troch it mooglik foarkommen fanizel is teiwaar yn potinsje tige gefaarlik foar itferkear.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,01,11,2Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik,Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy),ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 2028..

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Tei&oldid=1059404"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp