Hannel ofkommersje (fan itLatynskecommercium fia itMidfrânskecommerce) is de oerdracht fan eigendom fan dingen of tsjinsten fan 'e ienepersoan oforganisaasje oan 'e oare, yn ruil foarjild of foar oare dingen en/of tsjinsten. In systeem dat sokke oerdrachten tastiet of fasilitearret wurdt yn 'eekonomy inmerk neamd (net te betiizjen meimerk yn 'e sin fan in spesifike gearkomste foar it bedriuwen fan hannel). In hannelsproses tusken twa partijen wurdt bilaterale hannel neamd, wylst sa'n proses dêr't trije of mear partijen oan dielnimme, bekendstiet as multylaterale hannel. Immen dy't oan hannel docht is inkeapman of hanneler, en produkten dy't ferhannele wurde, binnehannelswaar,keapwaar ofnegoasje. Itpolitike systeem dat basearre is op frije hannel is itkapitalisme.
De oarspronklike foarm fan hannel wieruilhannel, wêrby't guod en tsjinsten rjochtstreeks útwiksele waarden tsjin oar guod en oare tsjinsten. Dat systeem funksjonearre op guon plakken ynJeropa oant djip yn 'eMidsiuwen en yn oare parten fan 'e wrâld noch folle langer. Yn 'e Aldheid begûn op guon plakken lykwols ien partij yn 'e hannel alealmetalen (goud,sulver,brûns,koper) te brûken om foar it guod of de tsjinsten fan 'e oare partij te beteljen. De oare partij koe sokke ealmetalen dan letter brûke om der sels wer guod of tsjinten foar te keapjen. Fan gefolgen ûntstie der in proses fankeap enferkeap, wêrby't debetelling troch de iene partij en itfertsjinjen troch de oare partij barde meijild. Deútfining fan jild (earstmuntjild en letter ekpapierjild,kredyt endigitaal jild) soarge foar in sterke ferienfâldiging fan it hannelsproses en dêrtroch ek foar in groei fan 'e wrâldwide hannel.
Hannel bestiet tanksij de spesjalisaasje en ferdieling fan arbeid, wêrby't de measte minsken har talizze op mar in lyts aspekt fan 'e produksje fan guod of tsjinsten, dat se lykwols brûke om hannel te driuwen foar oare dingen dêr't se ferlet fan hawwe. Sa besjoen docht frijwol eltsenien oan hannel:wurknimmers, bygelyks, 'ferkeapje' harren arbeid tsjin betelling fanlean, dat se dêrnei brûke om yn har eigen nedichheden te foarsjen. En eltsenien dy't wolris wat kocht hat yn 'esupermerk, hat dielnommen oan it hannelsproses. Op wrâldskaal bestiet hannel tusken ferskillende regio's om't sokke ferskillende regio's in (wier of inkeld oannommen)komparatyf foardiel hawwe by de produksje fan beskate dingen (lykaslânbouprodukten).Regearings fanlannen dy't datoangeande yn it neidiel binne, lizze faakymportbeheinings op oan produkten út sokke regio's om 'e eigen produsinten tsjin 'e bûtenlânske konkurrinsje te beskermjen. It ôfskaffen fan sokke ymportbeheinings hjitfrijhannel.