Tatarstan (Russysk: Республика Татарстан, Respûblika Tatarstan, Tataarsk: Татарстан Республикасы), histoarysk ek wolTatarije neamd, is in autonome republyk yn deRussyske Federaasje. Tatarstan moat net betiizge wurde mei it histoaryskeTatarije, fan de midsiuwen oant de 20e iuw de Europeeske namme foar it gebiet eastlik fan deOeral en deKaspyske See. Haadstêd fan Tatarstan isKazan, dat op 720 kilometer himelsbreed eastlik fan Moskou leit.
Tatarstan leit westlik fan deOeral en sintraal yn it Europeeske diel fan Ruslân op it Russyske Leechlân, dêr't deWolga en deKama tegearre rinne en ferbreedzje ta inopslachmar. Yn de republyk leit mei in oerflak fan 6.450 km² de grutste opslachmar fan Europa: de Kûibysjev-opslachmar. Meiïnoar hat it gebiet sa'n 3000 gruttere of lytsere rivieren.
Tatarstan hat fan noard nei súd in maksimale lingte fan 290 kilometer fan west nei east in maksimale lingte fan 460 kilometer. De republyk grinzget oan acht bestjoersdielen fan de federaasje: yn it noarden oan deoblastKirov, yn it noardeasten oanOedmoersje, yn it easten oanBasjkortostan, yn it suden oan de oblastenOarenburch,Samara,Oeljanovsk en yn it west oanTsjûvasje en noardwestenMari El.
16,2% fan it lânskip bestiet útmingd bosk, dêr't frâl iken, bjirken en linebeammen steane. Likernôch 2% fan it gebiet bestiet út beskerme natoer.
It measte fan Tatarstan leit leger 200 meter boppe seenivo. Oan de rjochterkant fan deWolga en yn it súdeasten fan de republyk is it wat heuveleftiger.
Om 900 n. Kristus ûnstie it Ryk fan de Wolgabulgaren, dêr't yn 922 de islaam as steatsreligy oannommen waard. Sa kaam it ryk ûnder ynfloed fan it Arabyske kalifaat. Nei fûl ferset tsjin de ynfallen fan de Mongoalen foel it ryk fan de Wolgabulgaren lang om let yn 1236 yn hannen fan deGouden Horde. Troch ynterne ûnrêst foel de Horde yn ferskillende semi-ûnôfhinklikeemiraten út inoar. Opfolger op it grûngebiet fan it tsjintwurdige Tatarstan wie yn 1438 itkanaat Kazan. Tusken it kanaat enGrutfoarstedom Moskou, dat in soad te lijen hân hie fan de Gouden Horde, bestie gjin frede.
De oermastering fan Kazan
Ruslân waard stadichoan sterker en lang om let waard it kanaat ûnderIvan de Grousume ferovere. As ûnderdiel fan it otterdokse Ruslân bleau deislaam as religy tastien, al kamen der yn de rin fan de tiid mear otterdokse Russen yn it gebiet te wenjen. Under Russysk bewâld holden de Tataarske keaplju harren ekonomyske belangen, fral yn de hannel mei de moslimlannen fan Sintraal-Aazje. Sa waard Kazan yn it Russyske Ryk ien fan de wichtichste yndustriële en kulturele sintra fan it lân en yn 1708 de haadstêd fan itGûvernemint Kazan.
Yn de 19e en iere 20e iuw wiene de Tataren it meast ûntwikkele fan de islamityskeTurkske folken yn it Russyske Ryk. Yn Kazan waarden in soad islamityske publikaasjes yn Turkske talen printe, dy't ek bûten Tatarstan grutte ynfloed hiene. Yn 1920 ferfong ûnder debolsjewiken de Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk Tatarstan it âlde gûvernemint Kazan.
Yn 1988 waard it Tataarske Sintrum stifte, dat stribbe nei folsleine ûnôfhinklikens en kulturele ienheid mei Tataren dy't libben yn oare dielen fan Ruslân. Doe't de Sovjet-Uny út inoar foel rôp Tatarstan op 30 augustus 1990 de soevereine republyk út, dat yn 1992 mei in referindum befêstige waard. Yn novimber fan dat jier waard ek de grûnwet fan de Republyk Tatarstan oannommen. Oars as de measte oare Russyske republiken hat Tatarstan it yn 1994 sletten federaasjeferdrach net ûnferoare tekene. Tatarstan kaam mei Moskou spesjale rjochten oerien, lykas ek in gruttendiels ekonomyske autonomy. It duorre noch oant 2000, doe't de Republyk Tatarstan de noarmen akseptearre dy't yn de Russyske Federaasje fan tapassing binne op de ôfdracht fan ynkomsten oan de federale begrutting.
Tatarstan is in federale republyk fan de Russyske Federaasje mei bysûndere rjochten. Kêst 1.3 fan de grûnwet seit dat de status fan de Republyk Tatarstan net feroare wurde kin sûnder tastimming fan sawol de Republyk Tatarstan as de Russyske Federaasje. Oan it haad fan it regear stiet in president, dy't de republyk nei ynternasjonaal rjocht fertsjintwurdiget, ôffurdigen yn it bûtenlân en yn ynternasjonale organisaasjes beneamt of dien jout en ferdragen mei it bûtenlân ûndertekent.
Moskou hat relatyf in soad ynvestearre yn Tatarstan. Sa betelle Moskou mear as 50% foar it oanlizzen fan de metro yn Kazan (op oare plakken moasten de stêden sels 80% foar harren rekken nimme).
Nei'tVladimir Pûtin yn 2000 oan de macht kaam, waarden de politike en ekonomyske privileezjes fan de Autonome Republyk Tatarstan stadichoan minder. De oerienkomst tusken Moskou en Kazan, dy't yn 2007 ôfrûn, waard nochris mei tsien jier ferlinge, mar Tatarstan moast foarse besunigings op syn spesjale rjochten akseptearje. Yn july 2017 rûn de oerienkomst ôf en wie Tatarstan de lêste Russyske republyk dy't de spesjale status ferlear. Yn in kommintaar op it beslút sei president Minnichanov: "Under de hjoeddeiske omstannichheden binne de relaasjes mei Moskou belangriker as in stik papier".
De minaret njonken de tsjerke yn Tatarstan (Bolgar)
In mearderheid fan de befolking bestiet útTataren (yn 2010 53,2%), wylst deRussen (yn 2010 39,7%) in foarse minderheid foarmje. Tataren, faak Wolgatataren neamd om betizing mei deSibearyske Tataren,Krimtataren,Lipkatataren en oaren foar te kommen, hawwe in heger bertesifer yn ferlikening mei Russen, sadat de ferskillen tusken de twa groepen grutter wurde sille.
Fan oarsprong binne Tatarenomadyske stammen, dy't tusken de 10e en 13e iuw fanút Súd-Sibearje nei Europa migrearren. UnderStalin waard it gebiet dêr't Tataren wennen ferdield oer ferskillende bestjoersdistrikten, sadat in soad Tataren bûten Tatarstan wenje.
In grut diel fan de Tataarske befolking hinget desoennityskeislaam oan. Der is in lytse Tataarske minderheid dy't harren dope litte en Krjasjens neamd wurde. De Russen, Tsjûvasjen, Mari's, Mordoovjers en Oedmoerten yn Tatarstan binne otterdoks.
Tatarstan is ien fan de meast ûntwikkele regio's fan Ruslân. De oaljeproduksje, gemy en petrogemy, metaalferwurking en masinebou foarmje de belangrykste pylders fan de ekonomy. Ek de lânbousektor spilet in grutte rol yn de ekonomy fan Tatarstan, dy't ien fan de belangrykste regio's fan Ruslân foar de lânbouproduksje foarmet.
De republyk is ûnderferdield yn 43rajon's en twa stedsdistrikten: Kazan en Naberezjnye Tsjelny. De oare stêden binne by in rajon yndield. Meiïnoar hat de republyk 22 stêden en 18 plakken mei in stedsk karakter.