Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Tanzania

Ut Wikipedy
Jumhuriya Muungano wa Tanzania(Swahily)
United Republic of Tanzania(Ingelsk)
Flagge fan TanzaniaWapen fan Tanzania
FlaggeWapen
Lokaasje fan Tanzania
Offisjele taalIngelsk,Swahily
HaadstêdDodoma
SteatsfoarmRepublyk
Gebiet
% wetter
945.087 km²
6.2­%
Ynwenners (2002)34.443.603
MuntTanzaniaanske shilling (TZS)
TiidsôneUTC +3
LânkoadeKEN
Ynternet.tz
Tillefoan255

Tanzania, offisjeel deFeriene Republyk Tanzania, is in lân ynEast-Afrika. De haadstêd isDodoma.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Lizzing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tanzania wurdt begrinzge troch:

Stêden

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De offisjelehaadstêd is sûnt febrewaris 1996Dodoma, mar yn de eardere haadstêdDar es Salaam binne noch in protte ynstellings fan it regear en ambassaden te finen. Dar es Salaam hat ek likernôch tsien kear safolle ynwenners as Dodoma. Oare belangrike stêden binneArusha, by deKilimanjaro,Mwanza,Tabora enSansibar.

Steatsynrochting

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tanzania is in republyk mei in federale struktuer (Tanganjika enSansibar). De presidint wurdt foar fiif jier keazen en mei himsels ien kear op 'e nij kandidaat stelle. Hy komt meastentiids fan it fêstelân. De earste fise-presidint is dan de premier fan Sansibar, de twadde fise-presidint is premier fan de federale regearing.

It parlemint, de Nasjonale Gearkomste, hat 156 leden: 101 keazen op it fêstelân en 55 fan Sansibar enPemba.

Oant1992 wie de Chama Cha Mapinduzi (CCM), ('Partij fan de Revolúsje') de ienige tastiene partij. Dy partij wie yn1977 ûntstien nei in fúzje fan deTanganyika Afrikaanske Nasjonale Uny (TANU) fanJulius Nyerere en deAfro-Shirazy Partij fanAboud Jumbe. DeNational Executive Committee hie de macht, der wie gjin parsefrijheid, de Tanzaniaanske steatsfoarm ûnder Nyerere wie winliken kommunistysk. Fan1992 ôf waarden ek oare partijen tastien.

Regio's

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tanzania is ferdield oer 26regio's (mkoa), dy't oer 129 distrikten ferdield binnedistrikten. De yndieling sa't dy der no ta leit komt fan de weryndieling fan 2002 doe't Manyara parte waard fan Arusha. In grut part fan de regio's hat deselde namme as de haadstêd fan de regio's. By de regio's dêr't dit net it gefal is stiet de haadstêd apart oanjûn.

Regio(Haadstêd)Oerflak. (km²)Ynwenners. (2002)Kaart
Arusha33.8091.288.088Regio's fan Tanzania
Dar es Salaam13932.487.288
Dodoma41.3111.692.025
Iringa56.8641.490.892
Kagera (Bukoba)28.3882.028.157
Kigoma37.0371.674.047
Kilimanjaro (Moshi)13.3091.376.702
Lindi67.000787.624
Mara (Musoma)19.5661.363.397
Manyara (Babati)46.3591.037.605
Mbeya60.3502.063.328
Morogoro70.7991.753.362
Mtwara16.7071.124.481
Mwanza (regio)19.5922.929.644
Pwani (Kibaha)32.407885.017
Pemba Noard (Wete)574185.326
Pemba Súd (Mkoani)332175.471
Rukwa (Sumbawanga)68.6351.136.354
Ruvuma (Songea)63.4981.113.715
Shinyanga50.7812.796.630
Singida49.3411.086.748
Tabora76.1511.710.465
Tanga26.8081.636.280
Sansibar Sintraal/Súd (Koani)85494.244
Sansibar Noard (Mkokotoni)470136.639
Sansibar Stêd/West (Sansibar)230390.074

It is in republyk mei infederale struktuer (Tanganjika enSansibar), ûntstien yn 1964. De namme Tanzania is gearfoege fan de earste trije letters fan beide parten fan de federaasje: Tan - Zan - ia.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de4e iuw f.Kr. kamen de Arabieren en Perzen hanneljen yn Tanzania. Troch de Arabyske ynfloed op de lokale befolking, meast Bantoe folken ûntstie it Swahili, in Bantoe taal mei in protte arabyske ynfloeden. Tusken de fyftjinde en njoggentjinde iuw hiene de Portugezen in monopoaljeposysje wat de hannel mei Tanzania oanbelanget, mar sy waarden yn1828 troch de Arabieren ferslein.

In1884 sletten fertsjinwurdigers fan de Dútske East-Afrika Feriening ferdraggen mei lokale haadmannen, wêrnei de Dútske East-Afrika FerieningTanganyika kolonisearre. Yn1890 waard Tanganyika in Dútske koloanje. In opstân tsjin it Dútske regear yn1907 (Maj-Maj opstand) waard troch de Dútsers hurdhandich ûnderdrukt. Yn1914 rekke Tanganyika as Dútske koloanje belutsen by deEarste Wrâldkriich. Waarden de measte Dútske koloanjes yn Afrika en Aazje al yn1914 en1915 troch deEntente ferovere, Tanganyika bleau oant it ein fan de oarloch yn Dútske hannen. GûverneurAlbert Heinrich Schnee en de geniale Dútske kolonel (letter: generaal)Paul von Lettow-Vorbeck wisten meiguerrilla-metoaden út de hannen fan de oanfallende Britten, Belgen en letter ek de Portugezen te bliuwen. Sterker noch, it lytse leger dat Von Lettow-Vorbeck kommandearre foel sels mei sukses de Britske stellings ynKenia oan. Fan1918 ôf lutsen de mannen ûnder Von Lettow trochMozambyk. Op14 novimber1918 kapitulearre Von Lettow doe't hy hearde dat de striid ynJeropa oer wie.

Tanganyika gie no oer yn Britsk hannen, maar Dútsers bleauen in aardich grut tal yn Tanganyika wenjen (bygelyks asplantaazjehâlders). Yn1919 waard Tanganyika in Britskmandaatgebiet en waard itlinks riden ynfierd. Nei deTwadde Wrâldkriich groeide it nasjonaal bewustwêzen ûnder de autochtoane befolking en waarden der partijen en ferienings oprjochte. De wichtichste wie deTanganyika Afrikaanske Nasjonale Unie (TANU) dy't yn1954 oprjochte waard trochJulius Nyerere, ei soan fan in haadman. By de ferkiezings fan1958 waard de TANU de grutste partij. Yn maaie1961 krige it lân folslein selsbestjoer en op9 desimber1961 waard Tanganyika in ûnôfhinklik lân. Presys ien jier letter waard it in republyk (as part fan deBritske Mienebest) meiJulius Nyerere as presidint, 'chief minister' (dat wol sizze premier) en foarsitter fan de TANU.

Op26 april1964 ferienige Tanganyika himsels mei de eilannenSansibar enPemba en kaam deFederale Republyk Tanzania ta stân. Presidint fan de federaasje waard Nyerere en fisepresidint waard foarsitter sjeikAbeid Karume fan de Folksrepubliek Sansibar en Pemba.

Yn1979 operearren Ugandeeske troepen fan diktatorIdi Amin op Tanzaniaansk grûndgebiet. Tanzania, dat al langer spul hie mei de diktatuer yn Uganda foel doe mei stipe fan Ugandeesk anti-Amin striders it buorlân binnen en ferjoegen de diktator Amin.

Toerisme

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tanzania hat ferskate bestimmings foarsafarys (it wurdsafari betsjutreis yn itSwahily):

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
1° - 12° SB, 29° - 40° EL
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Tanzania&oldid=1037039"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp