Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Tamyls

Ut Wikipedy
Tamyl famkes ynKalmunay, Sry Lanka
Tamyl yn it heechlân op Sry Lanka by it teeplukken

DeTamyls binne in befolkingskloft ynSúd-Indiaaske steatTamyl Nadu,Sry Lanka,Singapore enMaleizje, alsmede inkelewesterske lannen. Hja sprekke itTamyl, inDravidyske taal. Yn de hiele wrâld wenje om-ende-by 77 miljoen Tamyls[1].

Religy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It meastepart fan de Tamyls ishindoeïstisch. Minderheden foarmjemoslims enkristenen, en in relatyf lytse mannichheidjaïnisten.

De Tamyl-fariant fan it Hindoeïsme hat, lykas oare lokale farianten inkele ferskillen. De populêrstegod isMurugan, dy't wierskynlik deselde is asKarthikeya, de soan fanShiva, mar dy't likegoed oarspronklik in oare god hat wêze kind en in lokale figuer ferfongen hat. It oanbeane fanAmman ofMariamman, dêr't fan tocht wurdt dat dy ôflaat is fan inmemmegodin út de âldheid, is ekk wiidfersprat. Kannagy, de held út iteposSilappatikaram wurdt ûnder de namme Paṭṭiny oanbean, fral op Sry Lanka. Dêrneist wurde ek de gewoane hindoe-goaden troch in protte minske oanbean.

Wichtichste Tamyl-feesten binnePongal, in eachstfeest dat yn het midden fan jannewaris hâlden wurdt, enPuthandu, it Tamyl Nijjier midden yn april. Fierder is ek it festivalDiwali wichtich en binne der in protte oare, benammen pleatslike religieuze feesten.

Sry Lanka

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Tamyls op Sry Lanka wurde yn twa kloften ferdield. Der binneSry Lankaanske Tamyls, de oarspronklike Tamyls fan Sry Lanka dy't ôfstamje fan de Tamyls fan it âlde keninkrykJaffna, en der binneIndiaaske Tamyls, dy't letter troch deBritten fan India út oerbrocht binne nei Sry Lanke om op de teeplantaazjes te wurken. Dy lêste kloft wennet haadsaaklik yn deSintrale Provinsje. DeSry Lankaanske Tamyls wenje meast yn deNoardlike- enEastlike Provinsje. It meastepart fan de Tamyls binnehindoeïstysk en in minderheidkristlik. Hoewol't de Tamyls mar 18% fan de hiele befolking op Sry Lanka útmeitsje, is it in groep mei in sterke eigen identiteit.

De Tamyls op Sry Lanka stribje nei in eigen steat, datTamyl Eelam neamd wurdt. De wichtichste organisaasje dy't al trije desennia foar in eigen steat fjochtsje binne deTamyltigers.

Maleizje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

In grut part fan deIndiaaske Maleizjers is fan Tamyl komôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. Vistawide - World Languages & Cultures: "Top 30 languages of the world"
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Tamyls&oldid=1027871"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp