DeTalmoed, yn itHebriuwsk:תַּלְמוּד,Ṯalmūd, wat "Underrjocht" betsjut, is ien fan 'e wichtichste religieuze teksten fan it rabbinalejoadendom, dy't yn dy sin inkeld ûnderdocht foar deTorah. It is de skriftlike fêstlizzing fan 'eMûnlinge Torah, besteande út 'e tradisjonele ynterpretaasjes en beklammings fan 'e skreauneTorah dy't iuwenlang fan generaasje op generaasjeoerlevere binne ûnder de joadske skriftlearden.
DeTalmoed wurdt ek wol oantsjut asŠas, wat in ôfkoarting is fanšiša sedarīm, dat "seis oarders" betsjut en ferwiist nei de seisfâlde yndieling fan 'e âldeMûnlinge Torah.
Der besteane twaTalmoeds, dy't parallel gearstald binne yn 'e beide sintra fan joadske leardheid,Jeruzalim enBabyloanje. DeJeruzalimske Talmoed ofṮalmūd Yěrušalmi stammet út 'e fjirde iuw f.Kr. wylst deBabyloanyske Tamoed ofṮalmūd Bavli om 500 f.Kr. hinne ûntstien is, hoewol't er oant fier yn 'ehellenistyske tiid bewurke en redigearre waard. As men it oer déTalmoed hat, wurdt deBabyloanyske Talmoed bedoeld, of it moat oars oanjûn wurde.
DeTalmoed is opboud út twa dielen, deMishnah, de earste skreaune kompilaasje fan 'e mûnlinge wet fan it joadendom, dy't om it jier200 (n.Kr.) syn hjoeddeiske foarm krige, en deGemara, in beljochting fan 'eMishnah en besibbe wurken, dêr't om500 hinne de lêste hân oan lein waard. De termenTalmoed enGemara wurde gauris trochinoar brûkt. Mei-inoar besteane deMishnah en deGemara út 63 traktaten mei in totale lingte fan mear as 6200 siden.
DeTalmoed is skreaun yn itHebriuwsk en itArameesk en der binne de mienings fan tûzenenrabbinen yn fêstlein oangeande de religieuze wet,etyk,filosofy, seden en pligen,skiednis,teology, folkswiisheden en in ferskaat oan oare ûnderwerpen. DeTalmoed foarmet de basis fan 'e hielerabbinale wet en wurdt oates en toates oanhelle ynrabbinale literatuer.