Intalisman is in foarwerp yn de foarm fan, of mei in ôfbylding fan in libbene figuer, god, minske of bist. Troch desjamaan dy't de talisman makke hat, is inritueel útfierd om de talisman krêft te jaan. Guon talismans hawwe de krêft kwea tsjin te hâlden, mar fral hawwe talismans de krêft goed ta stân te bringen. De krêft is lykwols beheind, hy wurket net as de talisman net op it lichem droegen wurdt.
De krêft fan de talisman is grutter as dy fan inamulet, mar net sa grut as dy fan infetisj.De krêft fan in talisman is almeast ferbûn mei dejinge of itjinge dat ôfbylde is. It is lykwols gjintoatem; de talisman is net it wenplak fan in ôfbylde geast. Talismans komme fral foar byfetisjisme ynnatoerreligys, mar ek yn oaregodstsjinsten wurde, safier't se it meitsjen fan ôfbylden tastean, faak bygelyks munten mei hilligenôfbyldingen droegen.
It wurdtalisman komt fia itArabysketilsam, magysk foarwerp, fan itGryksketelesma, it mystearje tawijd. Dat, al kin in talisman in minskestal hawwe, it is gjintalis-man, en it meartal is nettalis-lju.