Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Taipei 101

Ut Wikipedy
Taipei 101
Hichte fan Taipei 101 fergelike mei deBurj Dûbai,Willis Toer, dePetronas Tuorren, en itEmpire State Building.

DeTaipei 101 is inwolkekliuwer yn deTaiwaneeske haadstêdTaipei. Mei antenne is it gebou 508 meter heech, sûnder antenne 449 meter. Mei de bou fan de toer waard útein set yn 1998 en it wie klear yn 2004. Oant en mei21 july2007 wie it de heechste wolkekliuwer fan de wrâld. Op it stuit is deBurj Dûbai ynDûbai offisjeel it heechste gebou.

Plannen en konstruksje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Oarspronklik wie it de bedoeling om it gebou mar 66 ferdjippings heech wurde te litten. Earst neidat mei de bou útein set wie op13 jannewaris waard besletten om it gebou te ferheegjen oant 101 ferdjippings. Hjirtroch rûn de bou fertraging op. Net folle letter trof inierdskoddingTaipei en omkriten mei in kreft fan 6.8 op deskaal fan Richter. Twa kranen foelen del mei fan gefolgen fiif deaden en sân moannen ophâld. De top waard op1 july2003 berikt.

Strukturele feiten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Taiwan leit op de grins fan twatektonyske platen, dêrtroch komme ierdskoddingen regelmjittich foar. Hjir moast men rekkening mei hâlde en dêrom is der keazen foartuned mass damper, in grut bolfoarmich gewicht (goed 800 ton) yn de top fan it gebou dat tsjin de triid yn beweget by trillings. It gewicht fan de bol nimt in diel fan de bewegingsenerzjy op at it gebou trillet, bygelyks fan stoarmen ofierdskoddingen.

It ûntwerp fan it gebou is beynfloede troch de lear fanFeng Shui. De foarm fan it gebou hat wol wat fan inpagode wei.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
>
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Taipei_101&oldid=989528"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp