Tadzjikistan is in útsûnderlik bercheftich lân, dat foar 90% op in hichte leit boppe de 1.000 meter. Sawat de hiele befolking wennet yn de smelle dalen. Yn it súdeasten leit itPamirberchtme mei in oerflakte fan 64.000 km². De rige bergen yn it westen heare by de Pik Ismail Somony, (eartiids de Pik Kommunisme, 7945 meter) en de Pik Lenina (7134 meter).
De haadstêdDûsjanbe leit yn it westen fan it lân op de súdlike skeanten fan itHisorberchtme dat it streamgebiet fan deAmu Darja skiedet fan dat fanSyr Darja. Sawat hiel Tadzjikistan wettert ôf op de Amu Darja, dy't tegearre mei dePanj de grins foarmet meiAfganistan.
It klimaat is kontinintaal dat karakterisearre wurdt troch skrokke simmers en sêfte winters.
De omkriten, dy't al sûnt de 1e millenium f.Kr. bewenne wie, hearde oant-en-mei de9e iuw by de grutte riken fan dePerzen,Griken,Masedoanjers enArabieren. Nei iuwenlange oerhearsking trochMongoalen enOezbeken kaam it noarden fan Tsjadikistan om1870 ûnder ynfloed fanRuslân. Yn1918 waard it diel fan de Sowjet-RepublykTurkestan en sûnt1929 as apart dielrepublyk. Mei it útinoar fallen fan deSowjet-Uny yn1991 waard it in selsstannige steat.
Fuort nei de ûnôfhinklikheid bruts in etnysk konflikt út regio's (provinsjes)Chodzjand enKulob mei de regioQurghonteppa dat harren útwreide ta in boargerkriich tusken deIslamisten en de regearing fan ûnderEmomalii Rachmon. It konflikt einige yn1997 doe't de islamisten yn de regearing opnommen waard.
It grutste diel fan de befolking bestiet út etnyske Tadzjiken, inPerzysk folk, de Oezbeken foarme yn it lân in grutte minderheid. Fierders wenje yn Tadzjikistan ek noch Russen, dy't it lân yn grutte tallen ferlitten hawwe ûnder de boargeroarloch.
De taal fan de Tadzjieken is itPerzysk, dat ek de offisjele taal is fanIran enAfganistan. It Perzysk wurdt yn Tadzjikistan mei itsyrillyske alfabet skreaun en betiden ek wol Tadzjiky-Perzysk neamd.