Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Syrje

Ut Wikipedy
الجمهوريّة العربيّة السّوريّة
Al Jumhuriyah al Arabiyah al Suriyah
Flagge fan SyrjeWapen fan Syrje
FlaggeWapen
Lokaasje fan Syrje
Offisjele taalArabysk
HaadstêdDamaskus
SteatsfoarmRepublyk
Gebiet
% wetter
185.180 km²
0,06­%
Ynwenners (2005)17,5 miljoen
MuntSyriske pû (SYP)
TiidsôneUTC +2
Nasjonale feestdei17 april
LânkoadeSYR
Ynternet.sy
Tillefoan963

Syrje, sûnt1961 offisjeel deSyryske Arabyske Republyk, is in lân yn West-Aazje. De haadstêd isDamaskus en de presidint fan de republyk wie sûnt july 2000 oant yn desimber 2024Bashar al-Assad.[1]

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Syrje wurdt begrinzge troch:

Burjeslam, in bekend strân krekt noardlik fanLatakia.

It lânskip fan Syrje bestiet foar goed 90% út woaste grûn. Yn it noarden en noardeasten lizze steppegebieten en nei it súdeasten strekt him de Syryske woastyn út. De kuststripe yn it noardwesten is lykwols Mediteraansk grien. It oare part fan it lân, it westen bestiet gruttendiels út berchgebieten.

FanútTurkije streamt troch it noardeasten de 675 km langeEufraat mei alderlei sydrivieren.

Wat it klimaat oanbelanget leit Syrje yn it oergongsgebiet tusken mediteraansk- en lânklimaat. Yn de simmer is't der skrok, wylst de winters fral fochtich binne. Yn de bergen is it hiel gewoan as yn de winter snie falt.

De grutste stêden fan it lân binneDamaskus,AleppoHoms,Latakia enHama.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It gebiet dêr't Syrje diel fan útmakket leit yn de saneamdeFruchtbere Healmoanne en waard al yn de Aldheid bewenne troch ferskate âlde beskavings lykasMary,Ebla,Ugarit,Amoriten,Hettiten,Babyloanjers en oaren.

Om-ende-by550 f.Kr. kaam it oan dePerzen ta en yn332 f.Kr. oanAleksander de Grutte en syn opfolgers, deSeleusiden. Dêrnei in provinsje fan deRomeinen en harren opfolgers deByzantinen.

Yn de 7e iuw (635) ferovere deArabieren it lân en waard it efterinoar bestjoerd troch deislamityske dynastyen fan deOmajaden, deAbbasiden, de TurkskeSeltsjoeken, de ta de islam bekeardeMongoalen, de EgyptyskeMammelukken en lang om let deOttomanen. Allinnich yn it tiidrek fan de krústochten wienen der in skoftsjekristlike foarstedommen fêstige.

Nei deEarste Wrâldkriich waard oer gebiet inFrânsk protektoraat fêstige, dat oant-en-mei1946 yn stân bleau.[2] Sûnt dy tiid krige it selsstannigens. Yn1956 ûntstie deFAR dêr't Syrje har tegearre meiEgypte by oanslute. Dizze gearwurking soe lykwols net lang stân hâlde. In militêre kûp yn1961 makke in ein oan de FAR en Syrje gong op har sels.

Yn1963 kaam de links-nasjonalistyskeBa'ath-partij, fia in nije steatsgreep oan de macht dy't ferskate nasjonalisearrings trochfierden. Tidens deJuny-Oarloch fan1967 besetIsrael deGolan Heechflakte. De lieder fan de Ba'ath-partijHafiz al-Assas luts yn1970 alle macht nei him ta. Hy waard presidint foar it libben. Nei syn dea yn2000 waard by opfolge troch syn soanBashar al-Assad.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De befolking fan Syrje is ferskillend en bestiet nei skatting tusken de 65% en 85% útArabieren, tusken 5% en 15% útBedoeïnen, dy't harren sels meastentiids as Arabieren beskôgje, tusken 5% en 15% útKoerden, tusken 1% en 5% útTurken, om-ende-by 1% útArmeenjers, minder as 1% útTurkmenen en minder as 1% útAssyrjers[3].

Goed 74% fan de befolking heart ta desoennityske moslims, 16% heart ta in oare foarm fan de islam ûnder mear ta dealawiten en deismaeliten. De binne ekDruzen en 10% fan de befolking is 10%kristen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Syrian army command tells officers that Assad's rule has ended, officer says". Reuters. Sjoen 8 sesimber 2024.
  2. http://www.wdl.org/en/item/400/
  3. LookLex/Encyclopaedia of the Orient: Syria: Peoples. Languages. Religions
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Syrje&oldid=1194387"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp