De Swarte Dea is de namme foar inepidemyske sykte dy't tusken1347 en1351 yn Europa omgie en in soad slachtoffers makke, soms tsientallen persinten fan de befolking. De epidemy koste wrâldwiid tusken de 75 en 100 miljoen minsken it libben. Meastal waard al oannomd dat it hjir om depest gie, mar hjiroer bestie oant foar koart gjin absolute wissichheid. De mooglikheid dat de epidemy feroarsake waard troch infilofirus waard ek iepenlitten. Ta dizze groep fan firussen hearre ûnder mear itebolafirus en itmarburgfirus. Mar de pest wurdt net feroarsake troch in firus, mar troch debaktearjeYersinia pestis, dy't ferspraat wurdt trochflieën dy't benammen op deswarte rôt parasitearje. Dat in baktearje de oarsaak wie fan de pest en dat dizze baktearje fersprate waard troch flieën op rôten, waard pas hûnderten jierren letter bekend. Ut oerlevering en tekeningen witte wy dat de Swarte Dea bûlen (swolling fan delymfeklieren), fergelykber mei de Aziatyskebûlepest út de18e iuw, feroarsake. Dit steunt de teory dat it by de Swarte Dea om bûlepest gie. Yn 2010 waarden spoaren fan de Yersinia pestis baktearje yn itDNA fûn fan skrinkels út massagrêven dêr't slachtoffers fan de Swarte Dea yn begroeven binne.[1]
Hoewol’t it net hielendal dúdlik is wêr’t dizzepandemy yn de14e iuw krekt begûn is, is wol dúdlik dat hy út Aazje kaam, grif útSintraal Aazje. De sykte starte grif bymarmotten, fersprate him nei flieën, fia flieën nei rôten en fan dêr nei de minsk.[2] De sykte ferspriede him fan Aazje nei Europa fia de hannel en soldaten. Yn 1346 kaam de sykte yn deKrim, fanút de Krim ferspriede de sykte him oer Europa en Noard-Afrika.[3] Yn Europa waardItaalje it earst troffen. Der geane ferhalen dat inKipchak leger yn1346-1347 besmette liken mei de baktearje mei help fankattepûlen oer de muorren fanFeodosija, in hannelspost fanGenua op de Krim, smiten hawwe soe. Oft dit ferhaal wier is, is net bekend. Fersprieding fia de hannel en skipfeart liket mear yn de reden te lizzen. Nei Itaalje gie de sykte mei de klok mei Europa troch: Frankryk en Spanje, Ingelân (yn 1348), Dútslân, Noarwegen (yn 1349 ynBergen troch in skip mei nôt út Ingelân) en op it lêst troch Ruslân om 1351 hinne.
Wrâldwiid wurdt it oantal deaden op 75 miljoen rûsd, wêrfan tusken de 25 en 50 miljoen yn Europa.[4][5] De útbrek fan de Swarte Dea yn de 14e iuw hie in dramatysk effekt op de Europeeske befolking en ûntwrichte de maatskippij. De Swarte Dea brocht de katolike tsjerke in seriuwze klap ta omdat in soad minsken tochten dat de sykte in straf fan God wie. Omdat nimmen wist wêr't de Swarte Dea weikaam, krigen minderheden de skuld. Dy soenen wetterboarnen fergiftige hawwe of op in oare wize besmetting feroarsaakje. Dizze gedachte late ta ferfolging fanJoaden, bidlers en minsken meilepra. De deistige striid om it bestean soarge foar in morbide stimming yn grutte parten fan Europa dêr't minsken keazen foar in 'libben by de dei'. Dit wurdt yllustrearre ynGiovanni Boccaccio'sDecamerone út 1353, wêryn tsien misken op de flecht foar de Swarte Dea elkoar ferhalen fertelle.[6]
It wie ûndúdlik wêr't de sykte wei kaam, in soad tochten dat it in straf wie fanGod. Mar omdat eltsenien slachtoffer waard, strang leauwich of net, ûntstie ek twifel. Fan alle minsken waardenJoaden it minste siik, efterôf blykte dat dit mei de Joadske reinigingswetten te krijen hie. Troch dizze reinigingswetten út it âlde testamint libben de Joaden hygiënysker as de oare minsken, wêrtroch't se minder faak besmetten waarden. Benammen de Joadske wyk fan Straatsburg foel op omdat hjir mar 5% fan de befolking slachtoffer waard. Dat dit te krijen hie mei hygiëne wie net bekend, dus waarden de Joaden fertocht: dy soenen wetterputten en wetterboarnen fergiftigje om sa kristenen om it libben te bringen. Dit ferhaal kaam fan de Switsersk Joadske artsBalavignus útChillon. Balavignus lei in troch marteling krigen forsearre bekentnis ôf. Hy 'bekende' dat Joaden yn Súd-Frankryk in plan útwurke hienen om kristenen te fergiftigjen. It gif soe bestean út mealde herten fan kristenen, spinnen, kikkerts, hagedissen en minsklik fleis. Fan dit fergif waard in poeier makke, wêrmei't boarnen fan kristenen fegiftige waarden. It ferhaal ferspriede him hurd fan Switserlân nei Dútslân en hie katastrofale gefolgen foar de Joaden yn Europa.[7] Nei oanlieding fan it ferhaal fan fergiftige boarnen waarden in soadpogroms útfierd yn Europa, benammen yn Switserlân en Dútslân, mei tsientûzenen Joadske slachtoffers as gefolch. Yn totaal waarden 210 lytsere en gruttere Joadske mienskippen ferneatige, yn de stêdenBazel,Frankfurt am Main,Straatsboarch enKeulen waard de totale Joadske befolking útmoarde. De Joaden waarden meast libben ferbaarnd en harren besittingen waarden konfiskearre.[8]
Yn Europa hat de sykte grutte ferminderingen fan de ynwennertallen feroarsake; stjerte fan tsientallen persinten wie net útsûnderlik. Rûsd wurdt dat yn totaal in treddepart fan de befolking fan Europa stoar. Pas ± 1600 soe de befolking wer op itselde befolkingsoantal komme fan foar de epidemy.
Yn it boek "The Coming Plague" út 1994 stelt de Amerikaanske skriuwsterLaurie Garrett dat de Sineeske befolking sakke fan 123 miljoen yn1200 nei 65 miljoen yn1393 en dat dit grif feroarsake waard troch de pest en de hongersneed dy't derop folge (de maatskippij rekke faak ûntwrichte nei inútbrek fan in epidemy, trochdat ek de beropsbefolking swier troffen waard).