Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Swart

Ut Wikipedy
swart
spektrale koördinaten
weachlingten.f.t.
frekwinsjen.f.t.
kleurkoördinaten
heksadesimaal#000000
RGBª (rgb)(0, 0, 0)
CMYKº (cmyk)(0, 0, 0, 100)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Swart is dedûnkerstekleur en is a-gromatysk, wat sizze wol dat it eins gjintint hat.Natuerkundich sjoen is swart eins gjin echte kleur yn 'e gongbere betsjutting fan datwurd, mei't swarte foarwerpen alleweachlingten fansichtber ljochtabsorbearje; men soe dus sizze kinne dat swart alle kleuren tagelyk is. Byadditive kleurminging (bgl. op 'etillefyzjes enkompjûterskermen) wurdt swart makke troch 0% fan eltse kleur te nimmen. Bysubtraktive kleurminging (bgl. yn 'edruktechnyk) wurdt it (yn teory) lykwols kreëarre troch 100% fan eltse kleur te brûken. (Yn 'e praktyk smyt dat lykwols in smoarchbrune kleur op en is it nedich om swart ta te foegjen.) Swart is ittsjinstelde fanwyt; as men swart en wyt mingt, kriget mengriis. Hoewol't swart feitliks gjin tint hat, wurde der ornaris dochs ferskate tinten swart ûnderskaat, dat eins tinten fan oare kleuren binne. Men kin dan tinke oan tige dûnkere tintengriis,brún,read,blau engrien. Swart wurdt assosjearre mei denacht, ittsjuster, dedea,rou, itkwea,earnst engesach. It is in wichtige kleur yn hast allereligyen fan 'e wrâld. Yn 'eheraldyk is swart inheraldyske kleur en hat it de nammesabel (nei de dûnkerepels fan 'esabelmarter). Ynsprekwurden seit men: sa swart asgit, sa swart asierde, sa swart asinket, sa swart as denacht, sa swart asruot of sa swart astarre.

Assosjaasjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Gefoelswearde

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'eWesterske wrâld hat de kleur swart benammen negative konnotaasjes. Sa sjocht men 'swart' as men inmin sin hat, wurdt in dei fol tsjinslaggen omskreaun as in 'swarte dei', en komt men op 'e 'swarte list' as men earne net winske is. Itswarte skiep fan infamylje is immen dêr't de oare famyljeleden harren foarskamje. Enswarte humor is in soarte fanhumor dy'tde gek hat mei gefoelige ûnderwerpen dy't ornaris net as grappich beskôge wurde.

Deswarte mamba tanket syn namme oan 'e swarte binnenkant fan synbek.

YnSina wurdt swart fral assosjearre meikjeld. It wurdt dêr ornarissymbolisearre troch in swarteskylpod. Swart wurdt yn 'e Sineeskekultuer ek yn ferbân brocht mei gaos, dat lykwols net altyd negatyf hoecht te wêzen. Gaos kin nammentlik ek liede ta feroaring en dêrmei ta nijlibben. YnJapan wurdt swart assosjearre mei riedseleftigens, denacht, it ûnbekende, itboppenatuerlike, it ûnsichtbere en dedea. Tegearre meiwyt kin swart stean foaryntuysje. Swart kin yn 'e Japanske kultuer ek in symboal wêze foarûnderfining, yn tsjinstelling ta wyt, datnaïviteit fertsjintwurdiget. Sadwaande is deswarte bân yn Japanskefjochtsporten, lykasjudo enkarate, de heechste graad dy't in beoefener berikke kin, wylst dewite bân droegen wurdt troch begjinnelingen.

Romte

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Olbers' paradoks

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It feit dat deromte swart is, wurdt yn 'eastronomyOlbers' paradoks neamd. Mei't der withoefollestjerren binne yn ithielal, soe de romte (en dêrmei ek denachtlikeloft) yn teory eins felferljochte wêze moatte mei it ljocht dat ôfjûn wurdt troch in suver ûneinige hoemannichte stjerren. Ynstee is it lykwols sa dat romtedûnker is en dêrtroch swart liket. Dy tsjinstelling waard foar it earst yn1823 opmurken troch deDútskeastronoomHeinrich Wilhelm Matthias Olbers, dy't him ôffrege hoe't dat koe.

Denachtloft opMars, mei de beidemoannen fan Mars,Fobos enDeimos.

Tsjintwurdich is it rûnom akseptearre antwurd op dy fraach mank astronomen dat, hoewol't it hielal ûneinige grut is, it net ûneinige âld is. Men hâldt it derop dat it hielal likernôch 13,8 miljardjier lyn ûntstien is by de saneamdeoerknal. Dat betsjut dat fan 'eIerde ôf allinnich objekten sjoen wurde kinne dy't har sa fier ôf (of tichterby) befine asljocht yn 13,8 miljard jier ôflizze kin. Ljocht fan stjerren dy't fierder fuort steane hat de Ierde noch net berikt, en kin dêrom net bydrage oan it opljochtsjen fan 'e romte sa't dy fan 'e Ierde ôf besjoen wurdt. Dêr komt noch by dat, om't it hielal oanhâldend úttinet, in soad stjerren har fierder by de Ierde wei bewege. Troch dy beweging wurdt deweachlingte fan har ljocht (troch itDopplereffekt) langer, sadat derreadferskowing optreedt. Dat is innatuerkundich ferskynsel wêrby'twyt ljochtread wurdt en úteinlik sels ûnsichtber foar itminsklikeach (wantynfraread). Troch dy beide fenomenen is der net genôch stjerreljocht om 'e romte in oare kleur as swart te jaan.

Swart gat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Inswart gat is in gebiet fan ittiidromtekontinuum dêr't deswiertekrêft sa sterk is dat alles,ljocht ynbegrepen, fêstholden wurdt. Dat betsjut dat in swart gat net sjoen wurde kin, om'tgesichtsfermogen ferlet hat fan ljocht dat wjerkeatst wurdt. It bestean fan swarte gatten kin sadwaande inkeld fêststeld wurde oan 'e hân fan ithâlden en dragen fanhimellichems dy't der deunby steane. Neffens dealgemiene relativiteitsteory sil in foldwaande kompaktemassa it tiidromtekontinuum sa ferfoarmje dat der in swart gat ûntstiet. Nei it ûntstean fan in swart gat groeit dat troch it opnimmen fan massa (d.w.s. himellichems) út syn om-en-by. Sa ûntstiet úteinlik in saneamdsupermassyf swart gat dat de massa fan miljoenen stjerren hawwe kin. Under astronomen bestiet inkonsensus dat supermassive swarte gatten har yn it sintrum fanmolkewegen befine, wat despiraalfoarm fan molkewegen om in sintraal punt hinne ferklearje soe.

ModelGisele Bündchen yn in swartejurk.

Rou

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Swart is sûnt deRomeinske Tiid yn 'eWesterske wrâld de kleur fanrou, en wurdt dêrom ek in soad assosjearre mei dedea en meidrôvens.Widdowen enwidners klaaiden har foarhinne in soad yn it swart, yn saneamderouklean. Dy waarden ek droegen troch itroufolk opbegraffenissen. Hoewol't dat yn it gefal fan persoanen fan kwizekwânsje noch wol dien wurdt, is dy gewoante ynFryslân oer it algemien alhiel ynûnbrûk rekke. Yn oare lannen, lykas deFeriene Steaten, wurdt it noch wol in soad dien. Yn guon tradisjonelemaatskippijen, lykas op itplattelân fanItaalje enGrikelân, komt it noch foar dat widdowen nei itferstjerren fan harrenman de rest fan harrenlibben swart drage. Yn grutte dielen fanAazje, wêrûnderSina,Koreä enFjetnam, en ek yn parten fanAfrika, is deroukleur net swart, marwyt.

Klean en moade

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Behalven as symboal fan rou wurde swarte klean ek in protte droegen as teken fanearnst,gesach enweardichheid. Om dy reden waard swart fan 'eMidsiuwen ôf bgl. in soad droegen trochkeningen en oare hearskers. It is yn 'e measte lannen ek de kleur fan 'eamtskladen fanrjochters en soms ek fanabbekaten. Swarte kladen wurde ek in protte droegen trochpreesters (bgl. dy fan 'eRoomsk-Katolike Tsjerke en deEastersk-Otterdokse Tsjerken) en trochmûntsen ennonnen (bgl. dy fan 'eBenediktynske Oarder). Yn 'enjoggentjinde iuw wie it de kleur fan 'e klean dy't trochIngelskedichters út 'eRomantyk droegen waarden. As symboal fanrykdom waard swart letter ek de kleur fan 'e klean fansakelju.

Yn 'etweintichste iuw ûntjoech swart him fierders ta intrendkleur dy't yn 'e juste omstannichheden as tigemodieus beskôge wurdt. Desmoking, in deftichpak foarmanlju, ûntstie neffens it ferhaal yn1865, doe'tEdwert VII, de doetiidskeBritskekroanprins, synrokkostúm ôftanke en synskroar in spesjaalsmoking jacket meitsje liet, dêr't er himjûns mei weromlûke koe yn syn smookkeamer omsigaren tesmoken.

Itgothmoade-modelLady Amaranth. Demoade fan 'egoth-subkultuer ûntjoech him útFiktoriaanskerouklean.

Op it mêd fanfrouljusmoade waard swart in wichtige kleur troch it ûntwerpen, yn1926, fan itlytse swarte jurkje trochCoco Chanel. Letter waard swart ek de kleur fan 'e meast sjike soartenlinzjery. Swart waard sàsynonym mei dehaute couture, dat yn itIngelsk itsprekwurd ynboargere rekke "folje-mar-yn is it nije swart". Dat wol sizze dat itjinge dêr't men it oer hat, no beskôge wurdt as in ûnmisber ûnderdiel fan jins garderôbe. Yn 'e twadde helte fan 'etweintichste iuw waard swart boppedat de kleur fan 'egoth-subkultuer, wêrfan't de oanhingers har yn klean stekke dy't basearre binne op rouklean út itFiktoriaanske Tiidrek.

Funksjonaliteit

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'enjoggentjinde entweintichste iuw waarden in soadmasines enapparten swart ferve, mei as doel om harren funksjonaliteit te ûnderstreekjen. Soks waard dien mei de ieretillefoanen en meinaaimasines, mar ek meisteamskippen,treinlokomotiven enauto's. DeAmerikaanske autofabrikantHenry Ford yntrodusearre yn1913 yn synbedriuw, deFord Motor Company, derinnende bân, wat in ferachtfâldiging fan 'earbeidsproduktiviteit tewei brocht. It wie sa'n súksesfolleynnovaasje dat itfervjen fan 'e auto's in flessehals waard dy't de boel ophold. Allinnich swarteferve woe fluch genôch drûgje, sadat Ford twongen waard om it ferskaat oankleuren dat earder beskikber wie, ôf te skaffen. It late ek ta Henry Ford syn (apokrife) opmerking dat er auto's yn eltse kleur leverje koe, salang't it mar swart wie.

Derjochters fan itAmerikaansk Heechgerjochtshôf (2009).

Striidkrêften

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'estriidkrêften wie swart yn itferline detradisjonele kleur fan beskatekavalery-ienheden en letter fan ienheden fanpânser- enmeganisearre ienheden. Sa droegenDútskehuzaren in swartmilitêr unifoarm, mei in swartesjako mei dêrop insulverenskedel, de saneamdeTotenkopf. Dat symboal en de swarte unifoarmkleur waarden letter ynnazy-Dútslân oernommen troch de Dútske pânsertroepen (Panzerwaffe), mar ek troch deSS en deGestapo.

Yn ferskate lannen dragetanksoldaten noch altyd in swartebaret. YnFinlân is swart it symboal fan sawol de kavalery (d.w.s. tanks) as fan 'esjeny, en fiere de ienheden fan dy legerûnderdielen swarteflaggen. Ekkommando-ienheden drage yn in protte lannen in swarte baret. Itselde is it gefal mei de spesjaleOMON-plysjetroepen fan itRussysk Ministearje fan Binnenlânske Saken en mei de Russyskemarine-ynfantery. YnKanada,Kroaasje,Portegal,Servje,Spanje enTsjechje wurdt de swarte baret droegen troch demilitêre plysje.

Polityk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'epolityk wie swart oarspronklik de kleur fan it (linkse)anargisme, dat yn 'e lettenjoggentjinde en ieretweintichste iuw symbolisearre waard troch in swarteflagge of in swarteletterA. Geandewei detweintichste iuw kaam foar it anargisme lykwols in flagge yn gebrûk dy't diagonaal yn twa swarte enreade flakken ferdield wie. ItSwarte Leger wie in samling anargistyskemilitêre ienheden ûnder befel fanNestor Machno, dy't yn 'eRussyske Boargeroarloch (1917-1922) noris oan 'e kant fan 'eWiten focht, en dan wer oan 'e kant fan 'ebolsjewiken (de Readen).

Benito Mussolini mei guon fan synfaksistyske 'swarthimden' yn1922.

Swart is ek in kleur dy't assosjearre wurdt mei it (ekstreem-rjochtse)faksisme. DeSwarthimden (Italjaansk:Camicie Nere), eins de Milizia Volontaria per la Sicurezza Nazionale ("Frijwillige Milysje foar Nasjonale Feilichheid"), foarmen yn itYnterbellum in faksistyskeparamilitêre beweging ynItaalje dy't koart nei de ein fan 'eEarste Wrâldoarloch oprjochte waard trochBenito Mussolini. De kleur swart wie ûntliend oan 'e unifoarmkleur fan 'eArditi, de Italjaanskestoarmtroepen út 'e Earste Wrâldoarloch, mei't de swarthimden foar it meastepart útoarlochsfeteranen bestiene. Hja brûktengeweld enyntimidaasje tsjin al harren politike tsjinstanners, en holpen Mussolini yn1922 oan 'e macht mei harrenMars op Rome. Yn 'e1930-er jierren waard it swart as kleur ek oannommen troch faksistyske bewegings yn oare lannen, lykas deBritske Uny fan Faksisten (BUF) yn itFeriene Keninkryk en deNSB ynNederlân.

Ynnazy-Dútslân wie swart, yn 'e mande meiwyt enread, ien fan 'e kleuren fan 'eflagge fan 'e regearjendeNSDAP, dy't ûntliend wiene oan 'e flagge fan itKeizerryk Dútslân. Hoewol't itheakkekrús op 'e nazyflagge swart wie, spile dy kleur net in bot wichtige rol yn 'eideology fan itnasjonaal-sosjalisme. (De partijkleur fan 'e NSDAP wie nammentlikbrún.) Wol brûkten de nazys inswarte trijehoek as symboal dat in diel fan 'efinzenen ynkonsintraasjekampen op 'eklean naaid waard. De dragers waarden dêrtroch oantsjut as 'a-sosjale eleminten'. Dêrta waarden rekkene:geastlik beheinden,geastlik siken,dakleazen,Roma,alkoholisten, 'wurkskou' folk, manlju dy't besocht hiene oan 'etsjinstplicht te ûnkommen,prostituees enpasifisten. Yn 'e moderne tiid wurdt de swarte trijehoek wol brûkt as (selsoannommen) symboal foarlesbiënnes enlichaamlik beheindeaktivisten.

DeSwarte Standert.

Swart is fierders denasjonale kleur fanNij-Seelân. Allesporters dy't útkomme foar dat lân binne ornaris klaaid yn it swart, mei dêrop yn itwyt inrintfear, in oarenasjonaal symboal. It nasjonalerugbyteam fan Nij-Seelân stiet dêrom bekend as deAll Blacks, mei't de leden hielendal yn it swart klaaid binne.

Religy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn itkristendom wurdt swart foar it meastepart assosjearre mei itkwea en deduvel. Dat komt om't swart entsjuster opteologysk mêd frijwol assynonym beskôge wurde. It tsjuster fan it kwea en de duvel wurdt dêrby ôfset tsjin itljocht fan it kristendom. Yn it ferlingde fan it gebrûk fan swart asroukleur wie it fan oarsprong ek deliturgyske kleur byroutsjinsten; sûnt itTwadde Fatikaansk Konsylje (1962-1965) mei lykwols ekfiolet brûkt wurde.Preesters fan 'eRoomsk-Katolike Tsjerke, deEastersk-Otterdokse Tsjerken, deOriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken en deEastersk-Katolike Tsjerken drage oer it algemien swartepreesterkladen. Dat wurdt ek dien trochmûntsen fan 'eBenediktynske Oarder, dy't swart as de kleur fannederichheid enboetedwaning beskôgje.

DeSwarte Standert (السوداء راية,rāyaẗ al sawdā’) is yn 'etradysje fan 'eislaam dehistoaryskeflagge dy't fierd waard troch deprofeetMohammed. Hy bestiet út in swartfjild mei dêrop ynwiteArabyske letters desjahada, deislamityske leauwensbelidenis ("Der is gjin God útsein God en Mohammed is Syn profeet"). De Swarte Standert wurdt ek wol راية العقاب‎ (rāyaẗ al-‘uqāb) neamd, "banier fan 'e earn", of koartwei الراية (al-rāyaẗ), "de banier". Yn 'esjiïtyske islaam is it ineskatologysk symboal dat oan 'eEin fan 'e Tiden de komst fan 'emachdi (ynkristlike termen: demessias) oankundiget. Yn 'esoennityske islaam is it benammen in symboal dat brûkt wurdt yn itislamisme (de politike islaam) en yn itdjihadisme.

Inraven.

Yn ithindoeïsme wurdtKali, degoadinne fantiid en feroaring, ôfbylde mei in swarte of dûnkerblauwehûdskleur, en ornaris ek mei inhalskeatling fan ôfhoudehollen enhannen.Kali betsjut ek "Swarte [Goadinne]". Yn itSineesk universalisme, de âlde godstsjinst fan Sina dy't de basis foarmet fan alle lettere Sineeske godstsjinsten (lykas ittaoïsme, itkonfusianisme en itboedisme), wurdt swart assosjearre mei itfroulike (ityin fan ityin enyang). Swart is yn it Sineesk universalisme fierders de kleur fan 'eskylpod, fan itnoarden, it elemintwetter en fan 'ewinter.

Oare assosjaasjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Swarttinten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Eins is swart in kleur dy't gjintinten hat, mar yn 'e regel wurde der dochs tinten ta rekkene dy't eins de alderdûnkerste tinten fan oare kleuren binne. De wichtichste fan dy tinten binne:antrasyt,baarnd omber,bistre,café noir,dropswart,dûnkerpears,ebbehout,eigengrau,gitswart,houtskoal,midsnachtblau,midsnachtgrien,oliifswart,onyks,Oxfordblau,reekswart,rezynswart,Russysk fiolet,swarte beane,taupe enVan Dyckbrún.

Kleurnûanses

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
fan swart neiwyt:
                
000000111111222222333333444444555555666666777777888888999999AAAAAABBBBBBCCCCCCDDDDDDEEEEEEFFFFFF
fan swart neiblau:
                
0000000000110000220000330000440000550000660000770000880000990000AA0000BB0000CC0000DD0000EE0000FF
fan swart neigiel:
                
000000111100222200333300444400555500666600777700888800999900AAAA00BBBB00CCCC00DDDD00EEEE00FFFF00
fan swart neigrien:
                
00000000110000220000330000440000550000660000770000880000990000AA0000BB0000CC0000DD0000EE0000FF00
fan swart neiread:
                
000000110000220000330000440000550000660000770000880000990000AA0000BB0000CC0000DD0000EE0000FF0000

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryBlack fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Swart&oldid=1072440"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp