
Inswaarm,swarm ofswerm[1] is in sosjale groepbisten, wêrby't de oantsjutting spesifyk ferwiist neifleanende bisten, lykasfûgels,ynsekten (bgl.bijen,meepsen ofsprinkhoannen) offlearmûzen.
Swaarmjen is in foarm fankollektyf hâlden en dragen, wêrby't de bisten dêr't de swaarm út bestiet, in diel fan har yndividualiteit opjouwe yn ruil foar stipe fan soartgenoaten. Swaarmen bewege har nammentlik faak troch deloft as wiene se ien inkeld superorganisme, ferlykber mei hoe'tiezingsfisken har ûnder wetter bewege. Dêrby past elts yndividu syn fljochbewegings oan oan 'e leden fan 'e swaarm om him hinne.
De stipe dy't leden fan 'e swaarm dêrfoar weromkrije, nimt de foarm oan fanfeilichheid, tsjin oanfallen fanrôffûgels (dy't muoite hawwe om ien yndividu út in swaarm te isolearjen), mar ek tsjin minnewaarsomstannichheden by 'twinter, of omenerzjy te besparjen op 'efûgeltrek.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.
|