Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Sumatra

Ut Wikipedy
Lizzing fan Sumatra yn Yndoneezje
Sumatra

Sumatra (ofSumatera) is it op fiif nei grutste eilân op de wrâld (likernôch 470.000 km²) en heart byYndoneezje.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Lizzing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Súdeastlik fan Sumatra leit it eilânJava dat skieden wurdt troch deSoendastrjitte. It skiereiânMalakka leit noardlik, skieden troch deStrjitte fan Malakka. Eastlik leitKalimantan (it Yndonesyske diel fanBorneo), oan de oerkant fan deStrjitte Karimata. Westlik fan it eilân leit deYndyske Oseaan.

It Barisan-berchtme foarmet de rêchbonke fan it eilân. It rint rûchwei fan it noardeasten nei it súdeasten en krúst likernôch yn it midden deekwator (de evener). De binnenlannen fan it eilân wurde dominearre troch twa geografyske regio's: it Barisanberchtme yn it westen en moerasflakten yn it easten. It eilân foarmet ûnderdiel fan deSoendabôge, in 6000 kilometer lange eilânnerige fan deAndamanen ôf oan deMolukken.

Sumatra mei de Sundakleau en aktivefulkanen

De regio tankt har fruchtbere boaiem en prachtige natuer oan de fulkanyske aktiviteit, bygelyks om deTobamar. Der wurdt ek goud en stienkoal fûn.

Nei it easten hawwe de grutte rivieren ôfsettings fan de bergen weifiert, yn it leechlân lizze no sompen. Nettsjinsteande de lytse fruchtberens fan it lân hat it gebiet grutte ekonomyske wearde foar Yndoneezje trochoalje fan "boppe en ûnder de grûn", nammentlikpalmoalje enierdoalje.

Eartiids woe Sumatra foar it grutste parttropysk reinwâld dêr't in ferskaat oan dierelibben. Der kamen ûnder oareOrang oetans,tapirs enSumatraanske tigers foar, en inkele unike plantesoarten as derafflesia. Lykwols bedriigje ekonomyske belangen tegearre meikorrupsje en yllegalehoutkap it reinwâld slim. Sels beskerme gebieten binne net folslein feilich.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Befolking

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sumatra is net bot tichtbefolke (45 miljoen ynwenners yn in gebiet like grut asSweden). De tichtstbefolke regio's fan it eilân binne parten fan Noard-Sumatra en de sintrale heechlannen fan West-Sumatra. De grutste urbane sintra binne Medan en Palembang.

De westkust fan Sumatra wurdt benammen bewenne troch deMinangkabau, de heechlannen yn Noard-Sumatra troch deBatak en de meast noardlike kustAtjehers. Yn de steedlike sintra komme ek minderheden foar fan etnyskeSinezen.

Meastepart fan de Sumatranen isMoslim. De Batak binne meastentiidsProtestantskeKristenen, fral troch Nederlânske en Dútske ynfloed. In lyts part fan de befolking isHindû,Boedist ofKatolyk.

Taal

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De befolking is gruttendielsMaleisk en besteane út ferskillende kloften, mei ûngefear 52 ferskillende talen. In protte fan dy befolkskloften diele lykwols deselde tradysjes en de talen binne hiel bot besibbe oan elkoar (alhoewol't meastentiids net ûnderling fersteanber).

Maleisk sprekkende folken domineare de eastkust fan Sumatra, wylst de westkust fral oerhearske wurdt troch folken mei oanMaleisk besibbe talen, as Lampung enMinangkabaus.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De provinsjes fan Sumatra

Deprovinsjes fan Sumatra (en inkele lytse eilannen) binne:

Nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Plakken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Maimoon Paleis yn Medan

Flora en fauna

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Wikimedia CommonsOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategorySumatra fanWikimedia Commons.
00° 23' ZB, 101° 46' O
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Sumatra&oldid=992748"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp