Studinten kinne ynNederlân ynfloed útoefenje op 'eûnderwiisynstelling dêr't se harren stúdzje oan folgje. Op it nivo fan 'e oplieding giet dat fiaopliedingskommisjes, op it nivo fan 'efakulteit fia defakulteitsried en op it nivo fan 'euniversiteit fia deuniversiteitsried. De ynstelling mei der ek foar kieze om in systeem fan dieldemeisizzenskip yn te fieren. Dat betsjut dat ynstee fan in fakulteits- of universiteitsried dy't foar de helte út studinten en foar de oare helte út wurknimmers bestiet, deWet Meisizzenskip ferrint fia aparte meisizzenskipsorganen foar studinten (de fakultêre studinteried en de sintrale studinteried) en foardosinten en oarewurknimmers (de fakultêre ûndernimmingsried en desintrale ûndernimmingsried). As dêrfoar keazen wurdt, moatte de sintrale studinteried en de sintrale ûndernimmingsried teminsten twa kear yn 'tjier mei-inoaryn oerlis trêdzje. Foar it lidmaatskip fan sokke organen fine mei regelmjittige tuskenskoften holdenferkiezings plak.