Instriptease ofstriptiis (letterlik: "pleagjende ûntklaaiïng") is in eroatyskedûns wêrby't de dûnser of dûnseresse him of har op in ferliedlike en seksueel suggestive manear stadichoan útklaait, itsij foar in diel, itsij folslein. De persoan dy't de striptease útfierd wurdt instripper of ineroatysk dûnser of dûnseresse neamd. It is oer it algemien net de bedoeling dat it publyk aktyf oan 'e striptease dielnimt, al wurdt wol ferwachte dat it de stripper oanmoediget om mear klean út te dwaan. De stripper kin de ûntklaaiïng ferlingje troch mei sin mear klean te dragen (al is dêr fansels in grins oan), of troch hannen of foarwerpen lykaswaaiers ofwalen foar de krekt ûntklaaide dielen fan it lichem (bgl.boarsten ofgeslachtsdielen) te hâlden. Gauris drage strippers in beskaat kostúm dat ûnderdiel fan it optreden foarmet en de spanning noch ferheegje moat, lykas inharemklean of in unifoarm (fan in plysje, ferpleechster, dokter, stewardess, brânwacht, skoalfamke, ensfh.).
De striptease yn 'e sin fan 'e ûntklaaiïng fan froulju ta opwining fan manlike taskôgers bestiet yn elts gefal al 400 jier en de assosjaasje mei it dêrby dwaan fan in dûnske opmuzyk is allike âld. Nei alle gedachten giet de striptease noch fierder tebek; der wurdt gauris beweard dat de dûns dy'tSalomé, de dochter fanHeródias, foar keningHeroades en syn gasten opfierde (en wêrmei't se de kening, dy't har omke en styfheit wie, sa bekoare dat er har ta beleanning de holle fanJehannes de Doper joech doe't se him dêrom frege; sjoch:Mattéus 14:6 enMarkus 6:21-22) in striptease wie, mar dat is ynterpretaasje efterôf en dêr bestiet gjin bewiis foar.
De striptease yn 'e moderne sin fan it wurd giet werom op 'e dûnshuzen yn itFrânskeParys yn 'e twadde helte fan 'enjoggentjinde iuw, lykas de ferneamdeMoulin Rouge, dêr't it publyk foarstellings bywenne dy't jûn waarden troch krap klaaide dûnseressen. Dit ûntjoech him letter ta optredens fan ien inkele frou. Ut Frankryk waaide dat oer nei deFeriene Steaten, dêr't de striptease ûnderdiel waard fan 'eAmerikaanske burleske, in soarte fan revu of fariëteitsshow. It soarte striptease dat doedestiden opfierd waard, sawol yn Frankryk as yn Amearika, wie hiel oars as de striptease fan tsjintwurdich; it wie dedûns fan de sân walen of dewaaierdûns, wêrby't de klam lei op it pleagjende (tease)-aspekt ynstee fan op it ûntklaaiende (strip)-aspekt. Dat makke it ta in frij lang duorjende foarstelling, mei de neakenens pas hielendal oan 'e ein, yn 'e lêste pear tellen. Guon froulju makken namme mei it opfieren fan dit soarte fan striptease, lykas deswarte AmerikaanskeJosephine Baker;Mata Hari (Margaretha Zelle), dy't fanFrysk komôf wie; en de ynKanada berne, mar ynBerlyn opgroeideMaud Allan, dy't yn1907 sels in priveefoarstelling joech oan 'eBritske keningEdwert VII.
Hjoed de dei is it pleagjende aspekt fan 'e striptease yn it neigean rekke en fynt de eigentlike ûntklaaiïng flugger plak. Wylst dat foarhinne de ein fan 'e dûns wie, wurdt dy no yn 'e regel noch in skoft fuortset as de stripper al neaken is. Dêrby moat trouwens oantekene wurde dat net eltse stripper syn of har dûns folslein neaken beëiniget, al is de beheindende faktor yn sokke gefallen net sasear de ûnwil fan 'e stripper om fierder te gean, mar de pleatslike wetjouwing: benammen yn 'e Feriene Steaten is it op plakken ferbean om hielendal neaken op te treden. De striptease wurdt tsjintwurdich oer it algemien yn spesifyk dêrta ynrjochtestripklubs of op iepenbiere ekspo's opfierd, al is it ek mooglik om in stripper yn it hieren foar infrijgesellefeest. Troch de ynfiering fan 'e no rûnombywêzigestripperpeal is depealdûns-ferzje fan 'e striptease op 't heden de meast foarkommende. Dêrmei is strippen ta in folle akrobatysker oefening wurden as dat it foarhinne wie.