Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Stomme letter

Ut Wikipedy

Instomme letter is ynalfabetyskeskriften inletter dy't wolskreaun mar netútsprutsen wurdt. (De namme is in ferwizing neidôfstomheid.) Stomme letters binne yn 'e meastetalen frij seldsum, en hawwe krekt as alle oare letters in fêste posysje yn in beskaatwurd. It komt foar dat in stomme letter, hoewol't er sels net útsprutsen wurdt, wol ynfloed útoefenet op 'e oare letters fan in wurd. Sa is der yn itFryske wurdferzen (útspr.: "fêzen") stom, mar as dy r net yn it wurd stie, soe dat útsputsen wurde as "fezen". Ynfonetysketranskripsjes kinne stomme letters net werjûn wurde, om'tfonetyk inkeld de útspraak werjout en stomme letters no ienris net útsprutsen wurde. Om oan te jaan dat sa'n letter net ienfâldichwei fergetten is, wurdt yn fonetyske transkripsjes yn it plak fan in stomme letter wol itsymboal ∅ ("zero") tafoege (net te betiizjen mei Ø, dehaadletterø).

Frysk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

ItFrysk hat ferskate stomme letters:[1]

  • d: yntiidwurden dy't útgeane op-de yn 'etwadde persoan inkeltal, lykas ynbidst,hâldst,riidst,wurdst, ensfh.
  • f: allinnich yn 'e wurdenôf enoft
  • h: foàr inj, lykas ynhjerst,hjoed,hjouwer, ensfh. (Yn 'eSteatestavering ek foar inw ynhwat enhwant)
  • j: allinnich yn it wurdjier
  • l: allinnich tuskenâ end oft, lykas ynâld,wâld,sâlt, ensfh.
  • r: foàr ind,l,n,s,t ofz, lykas ynwurd,kerl,bern,kers,feart,bearzen, ensfh.
  • t: ynhaadwurden dy't útgeane op-st as der inferlytsingsútgong efter plakt wurdt, lykas ynkastke,bistke,feestje, ensfh. En ek yn tiidwurden dy't útgeane op-te of-tte yn 'e twadde persoan inkeltal, lykas ynbytst,moatst,sitst,wrotst, ensfh. (Itselde jildt foar guon lûdwikseljende tiidwurden, dy't troch dy lûdwiksel yn 'esterke foarm fan 'e twadde persoan inkeltal ek in stomme t krije: bliede-bletst, lije-litst, riede-retst, ensfh.)

Yn oare talen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn itIngelsk komme stomme letters bygelyks foar yn wurden asanswer ("antwurd"),damn ("doeme"),honor ("eare"),island ("eilân") enphlegm ("slym"). ItDútsk hat net in soad stomme letters, mar wol deh dy't brûkt wurdt om 'e útspraak fan in langefokaal oan te jaan:mahlen ("fervje"),Stuhl ("stoel"),zehn ("tsien"), ensfh. Yn itFrânsk is bygelyks de wurdinisjaleh frijwol altyd stom, en itselde jildt foar in soad letters oan 'e ein fan wurden:harpe ("harpe"),hiver ("winter"),hôtel ("hotel"), ensfh.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dijkstra, drs. F.B.,Stavering, Ljouwert, 1991 (3e printinge, 1996), Afûk,ISBN 9 06 27 34 537, s. 82-85.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Stomme_letter&oldid=1024623"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp