| Stockbridge | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | Feriene Steaten | |
| Steat | Massachusetts | |
| County | Berkshire County | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1.947(2010) | |
| Oerflak | 61,3 km² | |
| Befolkingsticht. | 33,1 / km² | |
| Hichte | 257 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1734 | |
| Tiidsône | UTC-5 | |
| Simmertiid | UTC-4 | |
| Offisjele webside | ||
| Webstee Stockbridge | ||
Stockbridge is intown ynBerkshire County yn it westen fan deAmerikaanske steatMassachusetts. It is part fan dePittsfield (Massachusetts),Metropolitan Statistical Area. It stedsje leit oan de rivier deHousatonic en is omjûn fan it beboskeBerkshireberchtme.
Stockbridge is in toeristeplak. ItNorman Rockwell Museum húsmannet dêr, it Austen Riggs Center (in bekend psychiatrysk behannelingssintrum) en Chesterwood, wenhûs en atelier fan byldhouwerDaniel Chester French.
KeunstskilderNorman Rockwell hat lang yn Stockbridge wenne en wurke en parten fan it plak skildere, lykasMain Street, Stockbridge at Christmas (1967). Hy brûkte faak ynwenners fan Stockbridge yn syn tekeningen en skilderijen, lykas in William Obanhein yn de advertinsje "Policeman with Boys."
Stockbridge waard stichte troch Ingelske misjonarissen yn1734 en hiet doeIndian Town. It krige syn offisjele namme op 22 juny1739. It plak waard ferneamd nei Stockbridge ynHampshire,Ingelân.

| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryStockbridge, Massachusetts fanWikimedia Commons. |