Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Stoarmfloed

Ut Wikipedy
In dykynbrek by in stoarmfloed
Dizze side giet oerStoarmfloed. Foar wettersneed en oerstreaming, sjoch:Oerstreaming.

Instoarmfloed is it opdriuwen fan seewetter trochstoarmwyn. Der is sprake fan in stoarmfloed as in floed de saneamde grinspeil berikt hat of der oer hinne gien is. De hichte fan in grinspeil wurdt fêststeld troch de frekwinsje fan it trochsneed ienris de twa jier.[1]

Oarsaak

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hege wynfaasje troch instoarm kinne it seewetter heger opdriuwe as normaal it gefal is. De legedruk yn de kearn fan d estoarmdepresje of tropyske sykloan kin it effekt fersterkje. As de stoarmfloed by de kust oankomt, kin er noch sterker wurde, om't de see ûndjipper wurdt, lykas by intsûnamy it gefal is, alhoewol't it effekt dêrby folle sterker is, om't by in tsûnamy al it wetter fan it seeoerflak oant de boaiem bewege wurdt, wylst by stoarmen allinnich de boppeste lagen fan de see bewege wurdt.

De wetterstân by in stoarmfloed hinget ôf fan detij en de wyneffekt.

As de stoarmfloed de kust berikt, kin dat in gefaar betsjutte, dêr't troch dykynbrekkenoerstreamings by ûntsteane. In grutter gefaar foarmet er wannear't er gearfalt mei defloed, benammen despringfloed, dat it gefal wie mei dewettersneed fan 1953 ynSeelân. Yn demidsiuwen laten stoarmloeden ta it feroarjen fan de Noardseekustlinen en ûntstiene der grutte see-ynhammen lykas deSudersee, deDoalert en deJadeboezem.

Stoarmfloeden komme oan de Fryske kust benammen foar yn it iere foarjier of yn 'e hjerst. Oan deNoardsee wurdt deDútske Bocht ornaris it hurdst troffen, dat troch it trjochtereffekt fan deElbemûning feroarsake wurdt.

Krystfloed (1717)

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Buisman, J., red. A.F.v. van Engelen (1995)Duizend jaar weer, wind en water in de Lage Landen Part 1 oant 1300, side 177, (Van Wijnen Frjentsjer)

Foar oare boarnen, sjochde:sturmflut

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Stoarmfloed&oldid=1056782"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp