Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Stjerknooppunt

Ut Wikipedy
In stjerknooppunt
In heal stjerknooppunt

Inferkearsknooppunt yn de foarm fan instjer, ek wol inmaltezerkrús neamd, is in knooppunt fan twaautosneldiken op ûngelikense hichte. De namme komt fanwegen de foarm fan in stjer fanút de loft wei sjoen. It earste stjerknooppunt yn de wrâld waard yn 1953 ynLos Angeles iepene.

It stjerknooppunt is fan alle knooppunten it djoerste alternatyf, mar hat ferlike mei oare foarmen in heger ferkearsfermogen. De acht ferbiningsbôgen hawwe romme bochten, sa't der lytsere faasjeferkillen binne by it yn-en útriden. De hege kosten fan sa'n soarte knooppunt wurde feroarsake troch it talfiadukten en langefly-overs. Dêrnjonken kin in stjerknooppunt troch syn meardere hichten in net-winske projekt foar omwenjenden wêze. By in stjerknooppuntbinne wol fjouwer hichten nedich. By in heale stjer binne der op syn meast trije hichten nedich. YnJeropa wurdt it stjerknooppunt net al te folle brûkt.

Yn deFeriene Steaten binne dêrfoaroer al in soad stjerknooppunten. In grutter fariant ûntstiet as der pleatslike diken op oansluten wurde. Dêrby kin sa'n knooppunt wol út fiif hichten bestean, de saneamdeFive Stack. YnDallas en op deringwei fanHouston, deBeltway 8, binne sokke knooppunten te finen.

YnNederlân is itPrins Clausplein byDe Haach in stjerknooppunt. YnDútslân is itWetzlarer Kreuz byWetzlar en ynIngelân op de krusing fan deM4 enM25 byHeathrow binne stjerknooppunten. YnFryslân binne trije knooppunten útfierd as heale stjerren. Itknooppunt Surch, itknooppunt Werpsterhoeke binne heale stjerren, en ek itknooppunt De Jouwer dy't yn 2017 omboud waard ta in heal stjerknooppunt.

  • De High Five yn Dallas, Teksas
    DeHigh Five yn Dallas, Teksas
  • Prins Clausplein by De Haach
    Prins Clausplein by De Haach
  • Stjerknooppunt yn Puxi, Shanghai
    Stjerknooppunt yn Puxi, Shanghai
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryStjerknooppunt fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Stjerknooppunt&oldid=1177902"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp