Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Steppemûs

Ut Wikipedy
steppemûs
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljemûseftigen (Muridae)
skaaiechte mûzen (Mus)
soarte
Mus spicilegus
Petényi, 1882
IUCN-status: net bedrige

Desteppemûs (wittenskiplike namme:Mus spicilegus, foarhinneMus hortulans) is insûchdier út itskift fan 'ekjifdieren (Rodentia), defamylje fan 'emûseftigen (Muridae) en itskaai fan 'eechte mûzen (Mus), dat nau besibbe is oan úshûsmûs. Hy komt foar yn grutte dielen fanEast-Jeropa en deBalkan, om persiis te wêzen ynEastenryk,Tsjechje,Slowakije,Hongarije,Sloveenje,Kroaasje,Bosnje-Hertsegovina,Servje,Montenegro,Kosovo,Albaanje,Masedoanje, noardlikGrikelân,Bulgarije,Roemeenje,Moldaavje en de súdlikeOekraïne.

Fysiologysk is it grutste ferskil tusken de steppemûs en dehûsmûs dat by de steppemûs desturt justjes koarter is as de rest fan it lichem. Ek bestiet der in dúdlike demarkaasjeline tusken it dûnkere hier op 'e rêch fan it bistke en it ljochtere hier op 'e búk, wylst dat by de hûsmûs stadichoan yninoar oergiet. Oan 'e ein fan 'esimmer smyt de steppemûs lytse terpkes fan ierde op, dêr't er itensfoarrieden yn oanleit, benammen besteande út it sied fannuddeliergerzen (Setaria). Sokke opslachheuveltsjes kinne wol oant 700 liter sied en oarplantaardich materiaal befetsje, en yn it gongestelsel derûnder kinne 2 oant wol 20 steppemûzen oerwinterje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Steppemûs&oldid=1177207"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp