| Star Wars: Visions | ||
| makkers | ||
| betocht troch | James Waugh | |
| produsint | Kanako Shirasaki | |
| útfierend produsint | Jacqui López James Waugh Josh Rimes Justin Leach | |
| basearre op | Star Wars fanGeorge Lucas | |
| tillefyzjestudio | Lucasfilm Animation ferskaat, sjochtekst | |
| distribúsje | Disney Platform Distribution | |
| spilers | ||
| haadrollen | gjin fêste haadrollen | |
| skaaimerken | ||
| foarm | tekenfilmsearje,blomlêzing | |
| sjenre | science fiction,fantasy,aksje, aventoer | |
| seizoenen | 1 | |
| jierren | 2021 – no | |
| tal ôfl. | 9 | |
| spyltiid (ôfl.) | 13-22 min. | |
| lân/lannen | ||
| taal | Ingelsk ofJapansk | |
| besibbe searjes | oareStar Wars-searjes | |
Star Wars: Visions is inAmerikaansk-Japansketekenfilmsearje dy't yn2021 begûn. Detitel betsjut: "Stjerre-oarloggen: Fizioenen". Desearje makket diel út fan 'eStar Wars-franchise en heart ta desjenres fanscience fiction,fantasy,aksje enaventoer.Star Wars: Visions is net inferfolchsearje, mar inblomlêzing, wêrfan't deôfleverings allegear op harsels steane en hieltyd oarehaadpersoanen hawwe. Foar it earsteseizoen waarden der 9ôfleverings makke. Dat binne orizjinele ferhalen, spyljend yn ofynspirearre troch itStar Wars-universum, dy't ynanimestyl makke waarden troch sân ûnderskate Japanske animestudio's fan namme. De makkers krigen fanLucasfilm, dat deauteursrjochten op 'eStar Wars-franchise yn 'e hannen hat, tastimming om har folslein út te libjen. In twadde seizoen sil produsearre wurde troch tekenfilmstudio's út oare lannen en wurdt ferwachte yn 'e earste helte fan2023.
De ûntwikkeling fanStar Wars: Visions sette begjin2020 útein, doe'tJames Waugh, de ûnderdirekteur fan franchiseynhâld byfilmstudioLucasfilm, it idee derfoar oanalgemien direktriseKathleen Kennedy foarlei. Om 'ekommunikaasje meiJapanskeanimestudio's te fasilitearjen, waard de ûnôfhinkliketillefyzjeprodusintJustin Leach by it projekt belutsen mei syn bedriuwQubic Pictures, dat kontakten yn Japan hie. Dat wie benammen fan belang om't op dat stuit dekoroanafiruspandemy hearske, dy't moetings yn persoan tusken fertsjintwurdigers fan Lucasfilm en Japanske animemakkers ûnmooglik makke.
De produksje fan it earsteseizoen fanStar Wars: Visions, dat inAmerikaansk-Japanskeko-produksje wie, fûn yn2020 en2021 yn syn gehiel plak yn Japan. Yn totaal bestie it earste seizoen út 9 ôfleverings fan elts 13 oant 22 minuten. De filmkes waardenynsprutsen yn sawol itIngelsk as itJapansk, sadat der fan it begjin ôf oan twa ferzjes bestiene. Astillefyzjeprodusint wieKanako Shirasaki by it searje belutsen, wylstJacqui López,James Waugh,Josh Rimes enJustin Leach asútfierende produsinten tafersjoch oer it hiele projekt holden.
Der wiene by seizoen 1 yn totaal 7 animestudio's belutsen:Studio Colorido,Geno Studio,Kamikaze Douga,Kinema Citrus,Production I.G.,Science SARU enTrigger. Elts dêrfan produsearre ien ôflevering, útsein Science SARU en Trigger, dy't elts twa makken. Dedistribúsje fanStar Wars: Visions waard dien trochDisney Platform Distribution. De searje wie (en is) útslutend te sjen fia destreamingtsjinstDisney+.
In twadde seizoen fanStar Wars: Visions sil makke wurde trochtekenfilmstudio's út itFeriene Keninkryk, deFeriene Steaten,Frankryk,Ierlân,Yndia,Japan,Sily,Spanje enSúd-Afrika. De ferwaching is dat seizoen 2 yn 'e earste helte fan2023 ek wer fia Disney+ beskikber makke wurde sil.
Star Wars: Visions is in samlingkoartetekenfilms, dy't neffens it ferkeappraatsje op 'ewebside fanfilmstudioLucasfilm "in nij, ferskaat perspektyf opStar Wars" biedt "troch de lins fan wrâlds bêsteanimemakkers". De searje waard mei opsetsin bûten dekanon fan 'efranchise holden, om 'e makkers safolle mooglik frijheid te bieden. De ôfleverings hawwe allegear oarehaadpersoanen en spylje elts yn in oare tiid. Se hawwe gemien dat se allegearreymspirearre binne trochStar Wars.
| seizoen | talôfl. | útkommen | netwurk |
|---|---|---|---|
| 1 | 9 | 22 septimber 2021 | Disney+ |
Star Wars: Visions waard troch detillefyzjekritisy oer it algemien mei tige positiveresinsjes ûnthelle. Sa woe Angie Han fanThe Hollywood Reporter hawwe dat de blomlêzing in "leafde foarStar Wars sjen [lit] dy't sa djip giet, dat it net oars kin of [de searje] sil nijefans meitsje fan 'e jongerein en oaren dy't ûnbekend binne mei de franchise, en âlde fans tebinnenbringe wêrom't se sa hurd foar dit hielal fallen binne." Neffens Mike Hale fanThe New York Times lieken de ôfsûnderlikeôfleverings elts wol "inaudysje foar in ferfolchsearje ynstee fan" in diel fan in blomlêzing.
Op 'ewebsideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat it earsteseizoen fanStar Wars: Visions in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 50 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Star Wars: Visions is prachtich animearre en tige by tige kreätyf. It is in eklektyske mar hiel oangename samling fanStar Wars-ferhalen dy't it Stjerestelsel nij libben ynblaze." OpMetacritic, de wichtichstekonkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet it earste seizoen fanStar Wars: Visions in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 15 resinsjes.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side. |