Yn innachtmerje werbelibbetkaptein Jean-Luc Picard syn assimilaasje, seis jier earder, troch deBorg, inbûtenierdsk ras fansybernetyske wêzens dy'tbiologyske enmasinale skaaimerken kombinearje.(Dy assimilaasje wie te sjen yn 'eôfleveringThe Best of Both Worlds fanStar Trek: The Next Generation.) Hy wurdt wekker yn syn kapteinshut oan board fan itromteskip de USS Enterprise-E. Koarte tiid letter siketadmiraal Hayes út ithaadkertier wei fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten kontakt mei him. De admiraal fertelt Picard dat de langferwachte oanfal fan 'e Borg op 'e Federaasje einlings kommen is: ien reuseftige Borg-kubus is it domein fan 'e Federaasje binnenkrongen, hat inkoloanje ferwoastge en leit no op koers nei deIerde. De Stjerrefloat lûkt dêr in grutte float gear om 'e Borg tsjin te kearen. Picard kriget lykwols befel om mei deEnterprise by de Neutrale Sône lâns te patrûljearjen, foar it gefal dat deRomulanen fan 'e omstannichheden gebrûk meitsje om in wraam op 'e Federaasje te dwaan. De lieding fan 'e Stjerrefloat is nammentlik fan betinken dat it belûken fan Picard by it konflikt mei de Borg, syn eardereûnderfinings mei dy soarte yn acht nommen, "it yntrodusearjen fan in ynstabyl elemint yn in kritike sitewaasje" wêze soe.
Fan fierrens fangt de USS Enterprise deaudiokommunikaasjes fan 'e float op, en as de striid yn it foardiel fan 'e Borg liket út te pakken, negearret Picard syn oarders en lit syn skip koers sette nei de Ierde. Dêr arrivearret er krekt op 'e tiid om 'ebemanning fan 'e slim skansearre USS Defiant te rêden troch harrenoerstriele te litten nei deEnterprise. Debefelfierend ofsier fan 'eDefiant isluitenant 1e klasse Worf, inKlingon dy't by de Stjerrefloat tsjinnet en in âld-bemanningslid fan 'e USS Enterprise. As itflaggeskip fan admiraal Hayes troch de Borg-kubus fuort dêrnei ferneatige wurdt, nimt Picard de lieding oer de float oer. Mei't er de ûnderlinge kommunikaasje fan 'e Borg yn syn holle hearre kin (nei't men oannimme mei in restearjend effekt fan syn eardere assimilaasje), befellet er de hiele float om it fjoer te iepenjen op in skynber ûnbelangryk diel fan 'e kubus, dy't dêrtroch ûntploft.
Op it lêste stuit foar de eksploazje ûntkomt lykwols in relatyf lyts, bolfoarmich Borg-skip út 'e grutte kubus yn 'e rjochting fan 'e Ierde. DeEnterprise set de efterfolging yn. De Borg-bol wekket in tiidtwirre op en wurdt dêryn wei. DeEnterprise wurdt yn it sok fan 'e bol yn deselde twirre beskerme tsjin 'e ynfloed fan 'e feroarings yn itferline, en sjocht dêrtroch sûnder sels te feroarjen hoe't it oansjen fan 'e Ierde ynienen oars is: no wurdt de wrâld folslein befolke troch Borg en bestiet deminskheid net mear. Picard beseft dat de Borg-bolnei it ferline reizge is en dêr dingen útheeft hawwe moat dy't de rin fan 'eskiednis oanpast hawwe, sadat de Ierde yn it ferline al troch de Borg assimilearre is. Hy jout befel om 'e USS Enterprise de ynstoartende twirre yn te farren, om 'e Borg nei it ferline te efterfolgjen en tsjin te kearen wat se dêr fan doel binne te dwaan.
As deEnterprise út 'e twirre komt, wurdt oan 'e hân fan 'e stân fan 'estjerren en deplaneten fêststeld dat it 4 april 2063 is: de deis foar't itútfiner Zefram Cochrane yn 'e opbouperioade nei deTrêde Wrâldoarloch as earsteminske slagge om in lyts stikjeflugger-as-ljocht te reizgjen. Dat loek de oandacht fan in passearjend bûtenierdsk romteskip en late noch dyselde deis ta itearste kontakt fan 'e minskheid mei in bûtenierdskebeskaving. De Borg-bol besjit de lokaasje ynMontana dêr't Cochrane synhistoaryske romteskip dePhoenix boude, en Picard jout opdracht om it fjoer te iepenjen. De Borg-bol wurdt sûnder swierrichheden ferneatige. It is no dúdlik dat de Borg besochten om it earste kontakt foar te kommen, dat der is Picard alles oan gelegen om derfoar te soargjen dat dat trochgiet.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Yn midsienentweintichste-iuwske momkape bejouwe hy, deandroïde luitenant Data en adviseur Deanna Troi harren nei it ierdoerflak yn Montana, dêr't se yn itraketkompleks net Cochrane oantreffe, mar wol syn assistinte, deswartefrou Lily Sloane. DePhoenix sels is by de besjitting skansearre rekke en lektradio-aktive strieling, dêr't Lily har sûnens troch oantaast is.Skipsdokter Beverly Crusherevakuëarret har foar in yngeande behanneling nei desikeboech 'e USS Enterprise. In team fantechnisy ûnder lieding fankaptein-luitenant William T. Riker, deearste ofsier fan 'eEnterprise, en luitenant Geordi La Forge, demasinist, wurdt nei de Ierde roppen om 'e skea oan 'ePhoenix op te nimmen en reparaasjes te meitsjen.
Underwilens begjint detemperatuer oan board fan 'eEnterprise om ûnferklearbere redens op te rinnen, wylst ferskate bemanningsleden ferdwine. Nei't er Borg-stimmen yn syn holle heart, draacht Picard de lieding op it ierdoerflak oer oan Riker en keart dêrnei mei Data halje-trawalje nei syn skip werom. Luitenant Worf, dy't it befel oer it skip fierde yn ôfwêzigens fan Picard en Riker, rapportearret mear ûntrêstgjende nuverichheden, dêr't Picard út konkludearret dat de bemanning fan 'e Borg-bol himsels op 'e iene of oare wize ûngemurken oerstriele hawwe moat nei deEnterprise. De Borg binne úteinset mei de assimilaasje fan it skip en syn bemanning. Wannear't se deEnterprise ienris yn 'e hannen hawwe, sille se it skip sûnder mis brûke om 'e Ierde te feroverjen. Underwilens binne de Borg al opkrongen oant de sikeboech, dêr't dokter Crusher enferpleechkundige Alyssa Ogawa mei harrenpasjinten, ûnder wa Lily Sloane, troch inlûk en inûnderhâldstunnel útnaaie moatte, wylst deholografyske needdokter de earste Borg-wurkers ôfliedt.
Yn Montana hat Deanna Troi ûnderwilens de grutte Zefram Cochrane opspoard. Ynstee dat er him nei de besjitting nei syn raketbunker ta hastige hie om 'e skea oan 'ePhoenix op te nimmen, wied er persiis de oare kant út draafd. It docht bliken dat Cochrane, dy't troch Riker, La Forge en harren manskippen as inlegindaryskeheld sjoen wurdt, eins inleffe,egoïstyskesûplap is. Se kinne inkeld syn meiwurking krije troch him de wierheid te fertellen: dat se lju binne dy't út 'etakomst werom yn 'e tiid reizge binne om him te helpen syn plannen yn 'e praktyk te bringen, om't syn dwaan en litten fan krúsjaal belang is foar de ûntwikkeling fan net allinne de minskheid, mar it hiele bekendehielal. En dat de besjittings it wurk wiene fan in ras fan heal-biologyskecyborgs dy't krektlyk werom yn 'e tiid reizge binne om him tsjin te hâlden. Cochrane leaut dêr fansels neat fan, oant Riker him troch syn eigentilleskoop deEnterprise yn inbaan om 'e Ierde sjen lit.
Oan board fan 'eEnterprise ûntdekt Picard dat de Borg de kontrôle oer it kommunikaasjesysteem fan it skip oernommen hawwe, sadat er Riker-en-dy net fan harren nuodlike sitewaasje op 'e hichte stelle kin. As de Borg ek de oare skipssystemen oernimme wolle, lit er Data fluch-fluch safolle mooglik fan 'e skipskompjûter op 't slot sette efter in ûnbrekberebefeiligingskoade. It docht bliken dat de Borg harren basis fêstige hawwe yn 'emasinekeamers, dat Picard fettet it plan op om dêr binnen te kringen en ien fan 'e kuolplasmatanks stikken te slaan. It korrosive kuolplasma sil dan alleorganyske stoffen fuortfrette, en al hoe'n grut part fan 'e Borg ek út masinale ûnderdielen bestean mei, sûnder har biologyske parten kinne se net trochlibje. De misje ûnder lieding fan Picard, Data en Worf draait lykwols út op in fiasko as blykt dat se de masinekeamers net binnenkomme kinne, wylst Data troch de Borgfinzennommen wurdt. Hy wurdt fêstset yn 'e masinekeamer, dêr't er in wêzen moetet dat úthâldt de keninginne fan 'e Borg te wêzen. As Data dêrnei trochfreget, seit se dat se net de liedster fan it Borg-kollektyf is, mar dat se it Borg-kollektyf sels is.
Underweis werom nei debrêge wurdt Picard yn 'e krochten fan it skip oer it mad kommen troch debange Lily Sloane, dy't op 'e flecht út 'e sikeboech by Crusher-en-dy wei útnaaid wie. Sybedriget him mei syn eigenlaserwapen (dat ûnbrûkber is tsjin 'e Borg), mar hy wit harfertrouwen te winnen troch har sjen te litten dat se har oan board fan in romteskip yn in baan om 'e Ierde befynt. Tegearre ûntkomme se út in troch de Borg oernommen part fan it skip troch op itholodek yn inholografyske neibearing fan inmisdieroman oer de1920-er jierren de feilichheidsprotokollen út te skeakeljen, sadat sels holografyskekûgelsdeadlik wurde. Picard brûkt dêrnei inTommygun om in pear Borg-wurkers mei kûgels te trochsingeljen, wêrnei't er ien fan harren synautomatisearre ûnthâld ôfnimt. Sa komt er oan 'e weet dat de Borg fan doel binne om 'edeflektorskûtel fan 'eEnterprise om te bouwen ta in reuseftichbeaken dêr't se kontakt mei sykje sille mei de Borg dy't yn dizze tiid libje. Ek al befine dy harren noch yn it fiere Delta Kwadrant, dochs sille se sûnder mis fersterkings stjoere sadree't se har fan 'e sitewaasje bewust wurde.
Op 'e Ierde hat Cochrane ûnderwilens sa syn nocht fan 'e ferearing troch it Stjerrefloatpersoniel, de ferhalen oer syn heldestatus, deskoallen dy't nei him ferneamd binne en it reuseftigestânbyld dat op dit plak foar him boud wurde sil, dat er besiket út te naaien. Riker en La Forge ferspylje kostbere tiid mei in klopjacht troch dewyldernis fan Montana. Uteinlik hat Riker gjin oare kar as om 'e útfiner mei syn laserwapen teferdôvjen.
Oan board fan 'eEnterprise geane Picard, Worf en luitenant Hawk, deroerman fan it skip, ynromtepakken op inromtekuier oer de bûtenkant fan it skip. Se bejouwe harren nei de deflektorskûtel, dêr't de Borg dwaande binne mei de bou fan harren beaken boppe-op de dieltsjesgenerator yn it sintrum fan 'e skûtel. Picard-en-dy beslute de dieltsjesgenerator simpelwei los te keppeljen fan 'e rest fan 'e skûtel. By dy operaasje wurdt Hawk assimilearre troch de Borg. As er neitiid Picard oanfalt, wurdt er delsketten troch Worf. De dieltsjesgenerator wurdt loskeppele en driuwt de romte yn, mei de Borg-wurkers dy't mei it beaken dwaande binne der noch op. As it ding fier genôch fan 'eEnterprise ôf is, ferneatiget Worf it mei in inkeld skot út syn lasergewear.
Neitiid sette de Borg harren assimilaasje fan 'e USS Enterprise en syn bemanning troch. Om't de wurkers ymmún binne foar de laserwapens fan it Stjerrefloatpersoniel, kin de bemanning net folle dwaan om dat tsjin te kearen. Worf en dokter Beverly Crusher steane der sadwaande by Picard op oan om it skip, en dêrmei de Borg, te ferneatigjen, mar de kaptein, dy't trochfjochtsje wol oant de bittere ein, wol dêr neat fan witte en reägearret mei de suggestje dat Worf inleffert is. Nei dy útbarsting kinne de Stjerrefloatofsieren har net mear tsjin 'e oarders fan Picard fersette. Mar Lily Sloane leit har der net by del. Se konfrontearret Picard mei syn bernige, yrrasjonelehâlden en dragen, dat se ferliket meikaptein Ahab út 'e ferneamde romanMoby-Dick, fanHerman Melville, innjoggentjinde-iuwskeseekaptein dy't de libbens fan syn bemanning op it spul sette omwraak te nimmen op 'e witewalfisk dy't him synskonk ôfbiten hie. Dy wurden kringe einlings ta Picard troch, en hy beseft dat se gelyk hat: hy hat him liede litten troch syn eigen ferlet om wraak te nimmen op 'e Borg foar wat dy him seis jier lyn oandien hawwe.
Picardûntskuldiget him foar Worf oer, en hy, Worf en Crusher stelle itselsferneatigingsmeganisme fan 'eEnterprise yn wurking. De bemanning en Lily Sloane ferlitte it skip ynrêdingssloepen, wêrmei't se omleech gean sille nei it ierdoerflak. Dêr sille de bemanningsleden harrenlibbens yn in ôfhandich diel fanNoard-Amearika útlibje. Picard wol lykwols noch besykje om Data te rêden. Yn 'e masinekeamer hat de Borg-keninginne ûnderwilens besocht om Data teferlieden ta it priisjaan fan 'e befeiligingskoade, sadat se tagong ta de folsleine skipskompjûter krije kin. Dat docht se trochbiologyskehûd op syn masinale binnenste te kweken. Foar Data, waans doel altyd west hat om minskliker te wurden, binne de sensaasjes fangefoel dy't er dêrtroch foar it earst belibbet, tige wichtich. Picard besiket om himsels oan 'e Borg-keninginne te jaan yn ruil foar de frijlitting fan Data, mar de keninginne makket him dúdlik dat se gjin ferlet mear fan him hat, om't se yn Data in bettere partner fûn hat. Data befêstiget dat troch syn befeiligingskoade yn te fieren en de skipskompjûter frij te jaan.
Op 'e Ierde is Cochrane, nei't er wekker wurden is, bepraat om dochs troch te setten mei synflugger-as-ljochtflecht. Mei Riker en La Forge asko-piloaten en Troi dy't lieding jout oan it ûnderstypjende personiel op 'e grûn set de lansearring fan 'ePhoenix ûnder begelieding fan lûderockmuzyk útein. Oan board fan 'eEnterprise folgje Picard, Data en de Borg-keninginne it opstigen fan 'e raket. Nei't dy de romte binnenkrongen is, mar foar't de flugger-as-ljochtflecht begjinne kin, jout de Borg-keninginne Data de opdracht om 'ePhoenix te ferneatigjen. Data fjurret, ta ôfgriis fan Picard, sûnder te wifeljen trijeromtetorpedo's ôf. Dy misse lykwols dePhoenix om't Data de Borg-keninginnebedragen hat: wylst er har taropt: "Ferset is sinleas" (itbiedwurd fan 'e Borg), slacht er ien fan 'e kuolplasmatanks lek, sadat de masinekeamer folstreamt mei it korrosive plasma, dat lykwols deunby de flier bliuwt om't it swierder is aslucht. Picard klimt gau-gau oan keabels boppe de plasmalaach út, en Borg-keninginne grypt synskonken beet om mei omheech, mar Data skuort har werom nei ûnderen.
Nei't it plasma fuortsûgd is de romte yn, docht bliken dat fan 'e Borg-keninginne inkeld noch in fan knipperjendeljochtsjes foarsjoeneroboatyskeplasse enrêchbonke oer binne. Picard brekt de rêchbonke midstwa, wêrnei't de ljochtsjes útgeane. Mei de dea fan 'e Borg-keninginne, falle ek alle Borg-wurkers derhinne. Data is yn 'e plasmalaach alle nije biologyske hûd kwytrekke. Hy fertelt Picard dat er him "in skoft lang" op in hier nei ferliede litten hat troch it oanbod fan 'e Borg-keninginne. Dêr wurdt Picard al kjel fan, mar as er witte wol hoe lang dan, antwurdet Data: "0,68 sekonde."
De flugger-as-ljochtflecht fan Cochrane-en-dy ferrint sûnder fierdere swierrichheden, en de spoaren dy't dy flecht neilit, lûke yndie de oandacht fan in passearjend bûtenierdsk romteskip. Dat wykt dêrtroch ôf fan syn koers en set him dyseldejûns noch del by Cochrane syn raketkompeks yn Montana. It is eefkes neimidsnacht op 5 april as dêr inVulcaniër út stapt, dy't troch Cochrane, dêrta oantrune troch Riker,begroete wurde. No't de skiednis reparearre is, beslút de bemanning fan 'eEnterprise ta in diskrete eksit. Picard nimtôfskie fan Lily Sloane en wurdt mei de oare bemanningsleden wer opstriele nei syn skip. La Forge past it bôgefaasjefjild fan 'eEnterprise oan 'e foarm fan 'e troch de Borg-bol feroarsake tiidtwirre oan, en it skip reizget troch de tiid werom nei defjouwerentweintichste iuw.
Braga en Moore woene in film oer deBorg meitsje, in grizelich ras fanbûtenierdskecyborgs mei ien grut kollektyfferstân, dy't eltsenien dy't se tsjinkomme assimilearje en ek ta Borg meitsje wolle. De Borg hiene har net folle mear oppenearre sûnt deôfleveringThe Best of Both Worlds, út it fjirdeseizoen fanStar Trek: The Next Generation. Foar in part kaam dat troch de beheinings fan itbudget fan in tillefyzjesearje, mar ek spile in rol dat detillefyzjeprodusinten benaud wiene dat de Borg harren grizeligens ferlieze soene as se tefolle toand waarden.FilmprodusintRick Berman woe lykwols dat de nije film oertiidreizgjen gean soe. Yn oerlis waard besletten en ferwurkje beide eleminten yn it ferhaal. Earst wiene se fan doel om 'e USS Enterprise efter de Borg oan te stjoeren nei deRenêssânse, mar út soarch dat sokt te "kitscherich" lykje soe (en om'thaadrolspilersirPatrick Stewart by heech en by leech wegere om inmaillot te dragen), waard besletten om ynstee nei de twadde helte fan 'eienentweintichste iuw werom te reizgjen.
Nei't it skynt waardenRidley Scott enJohn McTiernan frege asregisseur, mar allebeide sloegen se it oanbod ôf. Patrick Stewart hie, sa fertelde er letter, in moeting hân mei in kandidaat-regisseur (dy't er net by namme neamde), mar kaam ta de konklúzje dat dy persoan "neat fanStar Trek ôfwist." De produsinten besleaten dat de regisseur immen wêze moast dy't defranchise begriep, dat doe'tJonathan Frakes him oppenearre, waard dy oannommen. Frakes wie de akteur dy't de rol fanearste ofsier William T. Riker spile, en hy hie al ferskate ôfleverings fanStar Trek: The Next Generation regissearre. As filmprodusinten wiene behalven Berman ekMarty Hornstein enPeter Lauritson foar studioParamount by it projekt belutsen. Der wie foar de film inbudget beskikber fan$45 miljoen, in ferheging fan $10 miljoen yn ferhâlding meiStar Trek: Generations.
Alice Krige, dy't de rol fan 'e Borg-keninginne spile, hie hiel wat te stellen mei har rol, mei't harkostúm te nau wie enblierren feroarsake, wylst se harpynlikesulverenkontaktlinzen mar fjouwerminuten efterinoar drage koe. Hja soe letter nochris yn deselde rol weromkeare ynEndgame, de slotôflevering fan 'e tillefyzjesearjeStar Trek: Voyager. De rol fan Zefram Cochrane waard oanJames Cromwell taparte nei't de earste kar fan 'e filmmakkers,Tom Hanks, dy't in grutfan fanStar Trek wie, ûnbeskikber bliek te wêzen fanwegen oare ferplichtings (te witten: deopnamen fanThat Thing You Do!). AktriseAlfre Woodard, dy't alris nonimearre west hie foar inOscar, waard foar de rol fan Lily Sloane frege troch Frakes, dy't goed mei harbefreone wie. Woodard fertelde letter dat se Lily beskôge as it meast op harsels lykjende personaazje dat se ea spile hie.
Deopnamen foarStar Trek: First Contact fûnen oan 'e ein fan 'emaityd en it begjin fan 'esimmer fan1996 plak, en setten útein mei twawiken fan filmjen op lokaasje ynArizona enKalifornje. Pas dêrnei ferhuze de hiele produksje nei de studio foar de binnendoarsênes. Dekamerarezjy wie yn 'e hannen fanMatthew F. Leonetti. De opnamen einigen op2 july, twa dagen oer skema, mar noch altyd binnen it budget.
Star Trek: First Contact krige oer it algemien positiveresinsjes fan 'efilmkritisy. Sa skreauKenneth Turan yn 'eLos Angeles Times: "First Contact docht alles dat je wolle dat inStar Trek-film docht, en dizze film docht dat ek noch fleurich en stylfol."Roger Ebert fan 'eChicago Sun-Times neamdeStar Trek: First Contact ien fan 'e bêste films fan 'e franchise, enJames Berardinelli fûn it defermaakliksteStar Trek-film yn indesennium. Neffens him hie de film "eigenhandich deStar Trek-filmsearje nij libben ynblaasd, teminsten út in kreätyf perspektyf wei besjoen."
Wat itaktearjen oanbelange, wie der benammen lof foar it wurk fanBrent Spiner as Data,James Cromwell as Zefram Cochrane,Alfre Woodard as Lily Sloane ensirPatrick Stewart as kaptein Jean-Luc Picard. Data syn ynteraksje mei de Borg-keninginne waard rûnom beskôge as ien fan 'e ynteressantste ferhaallinen fan 'e film.Richard Corliss, fan ittydskriftTime, wie benammen te sprekken oer it aktearjen fan Stewart, dêr't er oer skreau: "As Patrick Stewart in regel tekst útsprekt mei de majestueuzegrimmitigens dy't in earder lid fan 'eRoyal Shakespeare Company wurdich is, falt it publyk de mûle iepen fan ûntsach foar in special effect dat ymposanter is as lykfol hokker optinksel fanILM. Dit is wier aktearjen! Yn inStar Trek-film!"
In inkeling hie net folle meiStar Trek: First Contact op. Sa skreauJanet Maslin ynThe New York Times dat "foar de omslachtich yngewikkeldeplot fan 'e film alle sjoggers útsein de meast trochwintere oanhingers fan 'e searje tebekskrilje sille." Hja fûn ek dat deStar Trek-filmsearje sûnder decast fanStar Trek: The Original Series "no […] in grut diel fan syn eardere trochsettingsfermogen misse moat. De rige is feroare yn eat dat minder ûnskuldich en mear neibearend is as it foarhinne wie, eat dêr't immen dy't net ta deStar Trek-sekte heart folle minder gau fan genietsje sil."
Op 'ewebsideRotten Tomatoes, dy'tresinsjes sammelet, hieStar Trek: First Contact in heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 60 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol'tfans fan 'e searje [dizze film] perfoarst wurdearje sille, isFirst Contact ek spannend, meislepend en fisueel oantreklik genôch om lju te fermeitsjen dy't neat fanStar Trek ôfwitte." OpMetacritic, de wichtichstekonkurrint fan Rotten Tomatoes, behelleStar Trek: First Contact in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 18 resinsjes.