Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Star Trek

Ut Wikipedy
Star Trek
betinkerGene Roddenberry
eignerParamount Global
lânFeriene Steaten
begjinjier1966
films
langspylfilmsThe Original Series:
The Motion Picture
The Wrath of Khan
The Search for Spock
The Voyage Home
The Final Frontier
The Undiscovered Country
The Next Generation:
Generations
First Contact
Insurrection
Nemesis
reboot-searje:
Star Trek (film)
Into Darkness
Beyond
tillefyzje
tillefyzjefilmsShort Treks
searjesThe Original Series
The Next Generation
Deep Space Nine
Voyager
Enterprise
Discovery
Picard
Strange New Worlds
tekenfilmsearjesThe Animated Series
Lower Decks
Prodigy
spultsjes
fideospultsjesferskaat (sjochdizze list)
boerdspullenferskaat (sjochdizze list)
kaartspullenferskaat (sjochdizze list)
literatuer
romansferskaat (sjochdizze list)
companionboekenferskaat (sjochdizze list
   endizze list)
stripsferskaat (sjochdizze list)
muzyk
soundtracksby eltse film
offisjele webside
www.startrek.com
Dizze side giet oerde mediafranchise. Foar oare betsjuttings, sjoch:Star Trek (betsjuttingsside).

Star Trek is in tige súksesfolle en ynfloedrikeAmerikaanskemediafranchise op it mêd fanscience fiction. De franchise sette yn1966 útein mei de trochGene Roddenberry betochtetillefyzjesearjeStar Trek. Dy krige letter mei weromwurkjende krêft deûndertitelThe Original Series taparte ta ûnderskie fan oare ûnderdielen fan 'e franchise. De searje folge de aventoeren fan itromteskip de USSEnterprise, dy't yn 'e fieretakomst fan 'eIerde ôf útstjoerd wurdt om ithielal te ferkennen. Neitiid waarden yn it ramt fanStar Trek 12spin-offsearjes en 13langspylfilms makke (telling2021). De franchise omfiemet fierders in grut talromans,boerdspullen,kaartspullen,rollespullen,fideospultsjes,strips,companionboeken, twatydskriften, in breed skala oanboartersguod en oaremerchandising en (foarhinne) inferdivedaasjepark ynLas Vegas. Foar de franchise waarde dekeunsttaalKlingon ûntwurpen. De (oer it algemien tige trouwe)fans fanStar Trek wurde "Trekkies" neamd. Foar harren wurde geregeldwei gruttekonvinsjes organisearre.Star Trek is sûnt de1960-er jierren incultfenomeen dat grutte ynfloed hân hat op 'epopkultuer en ek op 'eWesterskemainstreamkultuer.

Oarsprong

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Star Trek is it geastesbern fan 'eAmerikaanske âld-plysjemanGene Roddenberry, dy't him yn1964 foar synscience fiction-searjeynspirearje liet troch û.m. de klassikeromanGulliver's Travels, fanJonathan Swift, deHoratio Hornblower-romansearje fanC.S. Forester en dewesterns oerkarafanenkapweinen dy't troch deprêrje nei itWylde Westen opteagen. Hy keas foar syn searje de omskriuwingtrek, dat yn itIngelsk inlienwurd út itAfrikaansk is, fan 'eGrutte Trek. Om oan te jaan dat it omromtefeart gie, foege er dêr it wurdstar ("stjer") oan ta, sadat detitelStar Trek ûntstie, letterlik: "Stjerretrek" of "Stjerretocht".

Gene Roddenberry, de geastlike heit fanStar Trek, yn1976.

Roddenberry gie mei syn idee neitillefyzjestudioDesilu Productions, dêr't er it oanpriizge as "a wagon train to the stars" ("in karafaan kapweinen nei de stjerren"). Yn gearwurking mei Desilu wurke er syn idee fierder út, foar't it foarlein waard oan ittillefyzjenetwurkNBC. Yn Roddenberry syn ferzje fan 'etakomst hie deminskheid him feriene en nei de stjerren ta ferspraat. Dêr wie mei beskate freonlike rassen fanbûtenierdske wêzens de Feriene Federaasje fan Planeten oprjochte, in steatkundige ienheid dy't bedoeld wie om mei-inoar in fûst te meitsjen tsjinynterstellêreriken dy't op ekspânsje út wiene, lykas dy fan 'eKlingons en deRomulanen, twa fijannige rassen fan bûtenierdske wêzens. Roddenberry basearre syn takomstige hielal op 'eIerde yn 'eKâlde Oarloch, dy't yn 'e1960-er jierren noch yn folle gong wie. De Federaasje joech deFeriene Steaten en syn bûnsgenoaten wer, de Klingons stiene symboal foar deSovjet-Uny en de Romulanen foar deFolksrepublyk Sina.

Yn1964 joech NBC oan Desilu Productions it griene ljocht om (op kosten fan it tillefyzjenetwurk) inpilotôflevering te meitsjen, mei as titelThe Cage. Dêryn spileJeffrey Hunter dehaadrol fankaptein Christopher Pike fan itromteskip de USS Enterprise. Synearste ofsier wie infrou, en in oareofsier wie deVulcaniër Spock. De bazen by NBC wiene min te sprekken oerThe Cage, mar se fûnen dat it idee fanStar Trek dochs potinsjeel hie. Se easken dat de earste ofsier 'gewoan' inman wurde soe en dat Spock út 'e searje skreaun wurde soe. Roddenberry joech ta wat de earste ofsier oanbelange, mar oangeande Spock hold er hoek. Op dy basis waard yn1965 in nije pilotôflevering makke,Where No Man Has Gone Before, dy't troch NBC akseptearre waard.

Tillefyzjesearjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Live-actionsearjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

The Original Series

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
It logo fanStar Trek: The Original Series, dat ek brûkt wurdt foar de hielefranchise.
De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: The Original Series.

DetillefyzjesearjeStar Trek (letter mei weromwurkjende krêftStar Trek: The Original Series neamd) waard fan1966 ôf troch NBC op 'e Amerikaansketillefyzje útstjoerd. Roddenberry hie fan 'e USSEnterprise (NCC-1701) in soarte fan miniatuerferzje fan 'eFeriene Naasjes makke, mei't ûnder de ofsieren fan it romteskip fertsjintwurdige wiene: inkele Amerikanen (James T. Kirk en Leonard McCoy), inSkot (Montgomery Scott), inAfrikaanse (Uhura), inJapanner (Hikaru Sulu) en inRus (Pavel Chekov). Dêrnjonken kearde ek de Vulcaniër Spock werom, waans oanwêzigens gauris ta botsings mei minsklike bemanningsleden late om't ittinken fan Vulcaniërs inkeld oplogika en net opemoasjes basearre is.

Cast


It útgongspunt fan 'e searje wie dat de USSEnterprise, in romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, yn 'etrijeëntweintichste iuw (om persiis te wêzen yn 2254) op in fiifjierrige ferkenningsmisje ithielal yn stjoerd waard. It doel fan 'e misje wie: "to explore strange new worlds, to seek out new life and new civilizations, to boldly go where no man has gone before" ("om frjemde nijewrâlden te ferkennen, nijlibben en nijebeskavings op te spoaren, om manmoedich te gean dêr't nimmen earder gien is").

Leonard Nimoy as Spock (l.) enWilliam Shatner as James T. Kirk ynStar Trek: The Original Series (1968).

Yn 't earstoan hieStar Trek hegesjochsifers, mar tsjin 'e ein fan it earsteseizoen, yn it foarjier fan1967, sakke dat bot yn. Dat jiers waardDesilu Productions oankocht troch deParamount Pictures, wêrnei't Desilu omneamd waard ta deParamount Television Studios. Omreden fan 'e minne sjochsifers drige NBCStar Trek stop te setten ûnder of oan 'e ein fan it twadde seizoen, mar in noch nea earder sjoene kampanje fan it skriuwen fanprotestbrieven troch de tawijdefans fan 'e searje wist it tij te kearen. NBC kocht in trêde seizoen fanStar Trek, mar kromp itbudget gâns yn en ferskode de útstjoertiid neifreedtejûn, doedestiden de minste tillefyzjejûn yn 'e Feriene Steaten. Roddenberry naam dêropûntslach asprodusint, enFred Freiberger naam syn plak yn. Oan 'e ein fan dat seizoen, yn it foarjier fan1969, loek NBC by de searje definityf de stekker derút, nettsjinsteande in nije briefskriuwerskampanje fan fans. Der waarden fanStar Trek: The Original Series trije seizoenen mei yn totaal 79ôfleverings makke. De searje wûn twa kear de prestizjeuzeHugo Award (eins inliteratuerpriis) yn 'ekategory bêste dramatyske presintaasje.

Nei't de searje stopset wie, bleau Paramount Television mei frijwatferliezen sitten. Dêrom waardStar Trek frijjûn om ynsyndikaasje werhelle te wurden. De werhellings begûnen ein1969 en tsjin 'e ein fan 'e1970-er jierren wie de searje op 150 Amerikaansketillefyzjestjoerders en yn 60 oarelannen te sjen.Iroanysk genôch waarden de werhellings better besjoen as de oarspronklike útstjoerings. In teken oan 'e wand wie hoe't de earsteStar Trek-konvinsje ferrûn, dy't ynjannewaris1972 ynNew York holden waard. De organisators hiene rekkene op miskien in pear hûndert fûleindigefans, mar der kamen 3.000 minsken op ôf. De nije populariteit fanStar Trek late ta in oplibbing fan 'efranchise en in útwreiding nei oare media, lykasfilm entekenfilm.

The Next Generation

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
It logo fanStar Trek: The Next Generation.
De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: The Next Generation.

Star Trek: The Next Generation ("De FolgjendeGeneraasje"), gaurisôfkoarte taTNG, spile likernôch iniuw nei de oarspronklike searje, yn 'e twadde helte fan 'efjouwerentweintichste iuw (2364-2370). Dizze searje folge in nije romteskip, dat ek de USSEnterprise (NCC-1701-D) hiet, mei in nije bemanning. It útgongspunt, fan in oanhâldendereis troch de romte op in langjierrige ferkenningsmisje, bleau lykwols itselde.

Cast


De nije searje kaam ynseptimber1987 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje en rûn sânseizoenen, oant yn1994. Yn it lêste seizoen hied er fan alle ynsyndikaasje útstjoerde tillefyzjesearjes de heechstesjochsifers. Dêrtroch koeStar Trek: The Next Generation tsjinje as springplanke foar oarespin-offsearjes fan 'eStar Trek-franchise. In protte sitewaasjes enbûtenierdske rassen, en ek in talpersonaazjes dy't ynStar Trek: The Next Generation yntrodusearre wiene, foarmen letter de grûnslach foar ôfleverings fanDeep Space Nine enVoyager. De searje wûn achttjinEmmy Awards, twaHugo Awards, inPeabody Award en fiifSaturn Awards.

It logo fanStar Trek: Deep Space Nine.
De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: Deep Space Nine.

Star Trek: Deep Space Nine, faak ôfkoarte taDS9, spile tagelyk mei de lêste jierren fanStar Trek: The Next Generation en yn 'e jierren dêrnei (2369-2375). It útgongspunt fan 'e searje waard yntrodusearre yn in ôflevering fanThe Next Generation. Nei't de bloedige besetting fan 'eplaneet Bajor troch deKardassianen beëinige is, freegje deBajoranen de Feriene Federaasje fan Planeten om help by it eksploitearjen fan in âld Kardassiaanskromtestasjon by harren planeet, datDeep Space Nine hjit. Yn 'epilotôflevering fan 'e searje nimme de Federaasje en de Bajoranen it romtestasjon yn gebrûk en ûntdekke dan in unyk, stabylwjirmgat deunby, dat direkte tagong jout ta it fiere Gamma Kwadrant. Bajor en it romtestasjon wurde dêrtroch yn ien klap fan grutstrategysk belang. De searje folge neitiid de bemanning en besikers fan it romtestasjon en harren aventoeren.

Cast


De earste ôflevering fanStar Trek: Deep Space Nine waard ynjannewaris1993 útstjoerd op 'e Amerikaanske tillefyzje. De searje rûn seis seizoenen, oant yn1999, en ûnderskate him fan oareStar Trek-rigen troch syn langere ferhaallinen, dy't har ûntspûnen troch ferskate ôfleverings hinne. Ek wiene der mear karakterkonflikten enreligieuzetematyk. Dy eleminten waarden allegear priizge troch deresinsinten, mar it wiene krekt de dingen dêr'tGene Roddenberry (dy't yn1991ferstoarn wie) as produsint fan 'e oarspronklike searje en ynStar Trek: The Next Generation it near op lein hie.

It logo fanStar Trek: Voyager.
De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: Voyager.

Star Trek: Voyager spile yn deselde jierren en fuort nei ôfrin fanDeep Space Nine (2371-2378). De searje griep werom op 'e Maquis, in militante frijheidsbeweging ûnder minsklikekolonisten opplaneten dy't troch de Federaasje as ûnderdiel fan infredesferdrach ôfstien waarden oan Kardassia. By de efterfolging fan in Maquis-skip troch de USSVoyager reitsje beide skippen troch in ûnfoarsjoense gearrin fan omstannichheden strâne yn it Delta Kwadrant, op 70.000ljochtjier fan 'eIerde. Dat betsjut dat se inreis fan 75 jier foar de boech hawwe om wer thús te kommen. De bemannings fan 'e USSVoyager en it Maquis-skip smite de lapen gear foar dy lange en gefaarlike ûndernimming.

Cast


De searje waard foar it earst ynjannewaris1995 op 'e Amerikaanske tillefyzje brocht, en rûn sân seizoenen, oant yn2001. Foar it earst wie yn inStar Trek-searje dehaadpersoan enkaptein infrou. Krekt as ynDeep Space Nine foarmen ûnderlingekonflikten tusken bemanningsleden, benammen yn 'e earste seizoenen fanVoyager, in wichtich ûnderwerp. (Yn dizze searje wurdt dat feroarsake troch wriuwing tusken de Stjerrefloatbemanning fan 'e USSVoyager, dy't alles o sa neffens de regels dwaan wol, en de yn dy bemanning opnommen Maquis-leden, dy't maling hawwe oan 'e regels.) Troch it útgongspunt fan 'e searje wie it foar de makkers mooglik om 'e folslein isolearre USSVoyager bleat te stellen oan gefaren, útdagings en dilemma's dy't yn 'e oareStar Trek-searjes gewoan net mooglik wiene. Yn 'e lettere seizoenen, doe't deVoyager almar tichter by hûs kaam, folge in ynfluks fan personaazjes en beskavings út 'e oare searjes, lykas deBorg,Q, deFerengi, deRomulanen, deKlingons, deKardassianen en bemanningsleden fan 'e USSEnterprise útStar Trek: The Next Generation.

It logo fanStar Trek: Enterprise.
De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: Enterprise.

Star Trek: Enterprise, oarspronlik koartweiEnterprise, wie inprequel fanStar Trek: The Original Series, dy't likernôch in iuw earder spile (2151-2155). Yn dy searje waarden defiktive stappen fan 'e minskheid op it mêd fan 'e ferkenning fan it hielal beskreaun, en teffens de oarsprong fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten. Dêrfoar waard it romteskip de USSEnterprise (NX-01) folge op 'e earste minsklike ferkenningsmisje omfierrens.

Cast


Star Trek: Enterprise waard foar it earst ynseptimber2001 op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd, en rûn fjouwer seizoenen, oant yn2005. Yn 't earstoan bestie de searje út op harsels steande ôfleverings, krekt asThe Original Series,The Next Generation enVoyager. It trêde seizoen foarme lykwols ien langeferfolchsearje, en it fjirde seizoen bestie út ferskate ferhaallinen fan elts trije of fjouwer ôfleverings lang. Dêryn waarden beskate eleminten út eardere searjes yngeander ûnder de lûp nommen en teffens inkele flaters oangeande kontinuïteit útThe Original Series rjochtbreide.

Desjochsifers fanEnterprise wiene yn it begjin tige goed, mar rekken al rillegau yn it neigean. Hoewol't deresinsinten loovjend wiene oer it fjirde seizoen, hienefans en ek decast gjin goed wurd oer foar de lêste ôflevering, foar in part om't dêryn mear omtinken wie foargastrollen fan akteurs útThe Next Generation as foar de cast fanEnterprise. Mei it stopsetten fanEnterprise yn2005 kaam in ein oan in perioade fan achttjin jier dat der altyd teminsten ienStar Trek-searje op 'e tillefyzje wie.

It logo fanStar Trek: Discovery.
De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: Discovery.

Star Trek: Discovery begûn asprequel fanThe Original Series (spyljend yn 2256-2258). It wie de earsteStar Trek-searje mei inswartefrou yn 'e haadrol, en ek de earsteStar Trek-searje wêryn't dúdlik net de kaptein fan in skip de haadpersoan is. It earste seizoen liet yn ien lange ferhaalline inoarloch sjen tusken de Feriene Federaasje fan Planeten en it Klingon-Ryk, dy't feroarsake waard troch Michael Burnham (de haadpersoan). Hja waard dêrop foar dekriichsried brocht, ynrang weromset en tafoege oan it skip de USS Discovery. Lettere seizoenen folgen dat skip en syn bemanning by langere ferhaallinen oer oare aventoeren.

Cast


Star Trek: Discovery wie de earste searje dy't makke waard as ûnderdiel fan 'e saneamdeStar Trek-revival yn 'e twadde helte fan 'e2010-er jierren. It wie ek de earsteStar Trek-searje dy't net daliks op 'e tillefyzje útstjoerd waard, mar ynstee fiastreaming media oer itynternet te sjen wie, yn 'eFeriene Steaten enKanada fiaCBS All Access en yn 'e rest fan 'e wrâld fiaNetflix. De earste ôflevering kaam einseptimber2017 beskikber. Anno2021 rint de searje noch altyd. Sûnt14 febrewaris2021 is er ynNederlân op 'e tillefyzje te sjen op 'estjoerderSpike.

De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: Short Treks.

Star Trek: Short Treks is in searje fan op harsels steandekoarte films fan 8 oant 18minuten lang, dy't yn2018 fia CBS All Access beskikber kamen omstreamd te wurden. Anno2021 rint de searje noch hieltyd en binne der achtlive-actionôfleverings en twaanimearre ôfleverings makke. De ôfleverings fan it earste seizoen leine har ta op it jaan fan in eftergrûn oan 'e haadpersoanen útStar Trek: Discovery. It twadde seizoen gie foar it meastepart oer de USSEnterprise ûnder it befel fan kaptein Christopher Pike. De lêste ôflevering fan it twadde seizoen foarme de yntroduksje fan 'e nije searjeStar Trek: Picard.

It logo fanStar Trek: Picard.
De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: Picard.

Star Trek: Picard wie in ferfolchsearje oer kaptein Jean-Luc Picard útStar Trek: The Next Generation. Dyselde is no (yn 2399) bûten tsjinst, mar yn in syktocht neiferjeffenis (of einsselsferjeffenis) foar wat er sjocht as syn falen út itferline, set er ôf op in aventoer om 'edochter fan syn eardere bemanningslid Data te rêden.

Cast


Likemin as byDiscovery steane de ôfleverings fanStar Trek: Picard op harsels; ynstee is it ien lange ferhaalline. De earste ôflevering kaam ynjannewaris2020 beskikber omstreamd te wurden op CBS All Access.

Strange New Worlds

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: Strange New Worlds.

Star Trek: Strange New Worlds is inprequelsearje dy't yn 'e tsien jier foarôfgeande oan 'e foarfallen ynThe Original Series spilet (2244-2254). De searje folget de aventoeren fan 'e USSEnterprise ûnder it befel fan kaptein Christopher Pike. De trije haadpersonaazjes wiene allegear earder te sjen ynStar Trek: Discovery.

Cast


It is de bedoeling dat ekStrange New Worldsstreamd wurde sil troch CBS All Access (noParamount+. Deopnamen foar it earste seizoen steane pland foarfebrewaris oantjuly2021.

Oare nije live-actionsearjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Der steane noch ferskate nijeStar Trek-searjes op steapel(sitewaasje per 1 jannewaris 2021).Michelle Yeoh sil har rol asluitenant Philippa Georgiou fan Seksje 31 fan 'e Stjerrefloat, wêryn't se earder te sjen wie ynStar Trek: Discovery, op 'e nije fertolkje yn in eigen, noch nammeleaze, searje. Dêrnjonken binne der fierfoardere plannen foar in (ek noch titelleaze) searje oer demilitêre akademy fan 'e Stjerrefloat, dy't makke wurde sil trochStephanie Savage enJosh Schwartz. EnCeti Alpha V is in plandeminysearje oer it personaazje Khan Noonien Singh en synThe Wrath of Khan-ferhaalline, dy'tskreaun is trochNicholas Meyer.

Tekenfilmsearjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

The Animated Series

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
It logo fanStar Trek: The Animated Series.
De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: The Animated Series.

Troch de nije populariteit fanStar Trek: The Original Series oan it begjin fan 'e1970-er jierren kamen de produsinten op it idee om in dêrop basearretekenfilmsearje te meitsjen. Dat waardStar Trek: The Animated Series, dy't twaseizoenen lang, fan1973 oant1974, op 'e Amerikaanske tillefyzje te sjen wie. It gie om yn totaal 22 ôfleverings fan 24 minuten dy't produsearre waarden trochFilmation. De searje folge deselde USSEnterprise mei deselde bemanning út 'e oarspronklikelive-actionsearje, en deseldeakteurs sprieken destimmen fan 'eanimearrepersonaazjes yn.

Hoewol't animaasje de makkers by steat stelde om eksoatyskerlânskippen te skeppen foar de planeten dy't deEnterprise oandie en aparterebûtenierdske wêzens te yntrodusearjen, waard dereputaasje fan 'e tekenfilmsearje besmodzge troch geregeldwei foarkommende animaasjeflaters en it oanhâldende recycljen fan âlde shots enmuzyk.Star Trek-betinker Gene Roddenberry naamStar Trek: The Animated Series dan ek net botte serieus en spriek der gauris oer as hearde wat dêryn barde net ta deStar Trek-kanon. Lettere produksjes út deselde franchise hawweThe Animated Series lykwols àl as diel fan 'e kanon behannele.The Animated Series wûn yn1975 de earsteEmmy Award foar deStar Trek-franchise.

It logo fanStar Trek: Lower Decks.
De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: Lower Decks.

Star Trek: Lower Decks is inkomeedzjetekenfilmsearje foarfolwoeksenen yn 'e geast fanThe Simpsons enFamily Man, dy't kreëarre is trochsenarioskriuwerMike McMahan, betinker fan 'e soartgelikense searjeRick and Morty. De searje spilet neiPicard, begjinnend yn 2380, en folget in groep bemanningsleden mei de leechsterang oan board fan "ien fan 'e minst wichtige skippen fan 'e Stjerrefloat". De earste ôflevering fan 'e rige kaam begjinaugustus2020 beskikber omstreamd te wurden fia CBS All Access.

De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: Prodigy.

Star Trek: Prodigy is in tekenfilmsearje foarbern dy't makke waard yn opdracht fan 'ebernetillefyzjestjoerderNickelodeon. De searje folget in groepketeenagers dy't in ferlitten romteskip brûke om op 'e siik te gean nei aventoer.Kate Mulgrew, dy't kaptein Kathryn Janeway spile ynStar Trek: Voyager, sil ynStar Trek: Prodigy asstimaktrise op 'e nij dyselde rol fertolkje. De searje sil fan2021 ôf troch Nickelodeon op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd wurde.

Films

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Op basis fanThe Original Series

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

The Motion Picture

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: The Motion Picture.

De nijfûne populariteit fan 'eStar Trek-franchise brochtGene Roddenberry en de oare produsinten der yn1975 ta om te risselwearjen foar in nijelive-actionsearje, dat de twadde neiStar Trek: The Original Series wurde moatten hie. Detitel wieStar Trek: Phase II. Dy plannen rûnen lykwols op 'e non doe't de oprjochting fan 'eParamount Television Service, dy't it eigentillefyzjenetwurk fanfilmstudioParamount Pictures wurde moatten hie, ôfblaasd waard. Doe't yn 'e twadde helte fan 'e1970-er jierrenscience fiction-films asStar Wars (1977) enClose Encounters of the Third Kind (1977) grutkommersjeel súkses hiene, besleat Paramount itsenario foar depilotôflevering fanStar Trek: Phase II om te wurkjen ta in filmskript.

It embleem fan 'e Stjerrefloat útStar Trek.

Dat waardStar Trek: The Motion Picture, oer de USSEnterprise mei deselde bemanning as ynStar Trek: The Original Series, en mei deseldeakteurs yn 'e âlde rollen. Yn 'e film leit de mysterieuze en ûnbidich machtigebûtenierdskewolk V'Ger op koers nei deIerde, en ferdylget dêrby alles dat op syn paad komt. De Stjerrefloat stjoertadmiraal James T. Kirk mei syn âlde bemanning op in koartby opkallefatere USSEnterprise om út te sykjen wat de wolk is en wat er wol, en om it ding tsjin te kearen ear't it de Ierde ferneatiget.Star Trek: The Motion Picture waardregissearre trochRobert Wise nei insenario fanHarold Livingston. De film gie op7 desimber1979 ynpremiêre, en brocht$139 miljoen op tsjin inbudget fan $44 miljoen. Dat wie inteloarstellend resultaat, mar dochs genôch om inferfolchfilm te meitsjen, hoewol't Roddenberry dêrfoar troch Paramount twongen waard om 'e kreätive sizzenskip oer de franchise út 'e hannen te jaan.

The Wrath of Khan

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideStar Trek II: The Wrath of Khan.

De earsteferfolchfilm,Star Trek II: The Wrath of Khan, griep werom opSpace Seed, inôflevering fanStar Trek: The Original Series út1967. Dêryn doek foar it earst itpersonaazje fan Khan Noonien Singh op, de lieder fan in kloft tige gefaarlikegenetysk 'ferbettere'supersoldaten, dy't troch Kirk en de bemanning fan 'e USSEnterprise op in ûnbewenne planeet efterlitten waarden. YnThe Wrath of Khan docht bliken dat dy planeet troch in fersteuring fan 'ebaan om synstjer ta inklimatologyske hel wurden is, en Khan (Ricardo Montalbán) jout Kirk de skuld fan it lijen fan syn minsken. As Kirk-en-dy nei in ôfwêzichheid fan fyftjin jier sûnder euvelmoed de planeet besykje, grypt Khan de kâns om 'e USSEnterprise tekapen enwraak te nimmen. Kirk-en-dy witte fansels úteinlik Khan te oerwinnen, mar de film einiget mei dedea fan Spock.

Star Trek II: The Wrath of Khan waard regissearre trochNicholas Meyer nei in senario fanJack B. Sowards. Defilmkritisy wiene oer it algemien tige posityf oer de film, wat deStar Trek-franchise nei it teloarstellende resultaat fanStar Trek: The Motion Picture rêde fan 'e ûndergong.The Wrath of Khan gie op4 juny1982 yn premiêre, en brocht $97 miljoen op tsjin in budget fan $12 miljoen. It wie it earste diel fan in ferhaalline fan trije films, dy't fierder gie meiStar Trek III: The Search for Spock en einige meiStar Trek IV: The Voyage Home.The Wrath of Khan wie de earste film yn 'efilmskiednis mei in sêne dy't folslein op 'ekompjûter makke wie meispecial effects.

The Search for Spock

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideStar Trek III: The Search for Spock.

Star Trek III: The Search for Spock begjint fuortendaliks dêr't de foargeande film,Star Trek II: The Wrath of Khan, opholden is. De USSEnterprise keart nei it aventoer mei Khan werom by de Ierde, dêr't Sarek (Mark Lenard), deheit fan Spock, kaptein Kirk beskrobbet om't dy itstoflik omskot fan synsoan net nei syn thúswrâld Vulcanus brocht hat. (Ynstee hat Kirk it oan 'e ein fanThe Wrath of Khan yn 'e húl fan inromtetorpedo nei it oerflak sketten fan Genesis, de nije planeet dy't kreëarre is troch de nijeterrafoarmingstechnology mei deselde namme.) It docht lykwols bliken dat deûnstjerlikegeast fan Spock, synkatra, fuortlibbet yn 'e holle fan dokter McCoy, wylst de ynfloed fan Genesis syn deade lichem wer talibben brocht hat. Kirk-en-dy, dy't gjin meiwurking krije fan 'e Stjerrefloat, moatte deEnterprisestelle om nei Genesis werom te kearen, dêr't se de nije Spock hoopje te finen om him en McCoy nei de planeet Vulcanus te bringen. Underwilens hat de Klingon Kruge (Christopher Lloyd) snoade plannen mei it Genesisapparaat.

William Shatner spile derol fankaptein James T. Kirk ynStar Trek: The Original Series en de earste sânStar Trek-films.

Star Trek III: The Search for Spock waard regissearre trochLeonard Nimoy, de akteur dy't de rol fan Spock spile. Hy waard pas oannommen om 'e rezjy te dwaan nei't er de produsinten derfan oertsjûgje kinnen hie dat er gjin hekel oan 'eStar Trek-franchise krigen hie, sa't se frezen. Hy wurke op basis fan in senario fanHarve Bennett. De film gie op1 juny1984 yn premiêre, en krige positive resinsjes fan 'e filmkritisy, hoewol't dy ûnderdiene foar de reäksjes dy'tThe Wrath of Khan krigen hie.The Search for Spock brocht $87 miljoen op tsjin in budget fan $16 miljoen.

De Wikipedy hat ek in sideStar Trek IV: The Voyage Home.

Star Trek IV: The Voyage Home gie fierder dêr't de foargeande film,Star Trek III: The Search for Spock, opholden wie. Lichem en geast fan Spock binne weriene, mar hy is noch net alhiel wer de âlde. Dochs keart er mei Kirk en de rest fan 'e bemanning fan 'e USSEnterprise werom fan Vulcanus nei de Ierde. (Dat dogge se oan board fan it Klingon-oarlochsskip fan Kruge, dat se ynThe Search for Spock kaapt hiene nei't deEnterprise fergien wie.) Underweis docht lykwols bliken dat de Ierde yn grut gefaar ferkeart fan in bûtenierdske romtesonde, dy't besiket kontakt te lizzen mei de al tidenútstoarnebultrêchwalfisken. Mei it Klingon-skip, dat himselskamûflearje kin,reizgje se dêrop werom yn 'e tiid nei de ein fan 'etweintichste iuw, om guon bultrêgen te finen dy't mei de sondekommunisearje kinne.

Star Trek IV: The Voyage Home waard op 'e nij regissearre troch Leonard Nimoy nei in senario fanSteve Meerson,Peter Krikes, Nicholas Meyer en Harve Bennett. De film gie op26 novimber1986 yn premiêre, en brocht $133 miljoen op tsjin in budget fan $21 miljoen.The Voyage Home wie it ôfslutende diel fan in ferhaalline dy't trije films besloech, en dy't begûn wie meiStar Trek II: The Wrath of Khan.The Voyage Home wie sawol by de filmkritisy as by debioskoopgongers in súkses en waard nominearre foar fjouwerOscars.

The Final Frontier

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideStar Trek V: The Final Frontier.

YnStar Trek V: The Final Frontier wurdt de nije USSEnterprise (NCC-1701-A) derop útstjoerd om inynterstellêregizelderskrisis op te lossen as Spock synhealbroer, de Vulcaniër Sybok (Laurence Luckinbill), in groep minsklike, Klingonske en Romulaanskediplomatenfinzen nimt. It docht bliken dat it Sybok der om te dwaan wie deEnterprise yn 'e hannen te krijen: hykaapt it romteskip om dermei nei itsintrum fan 'e Molkewei te reizgjen. Dêr tinkt er op 'emystike planeet Sha Ka ReeGod oan te treffen. Se fine dêr yndie in machtich wêzen, mar dat is net God.

Waaksene bylden fan 'e brêgebemanning fan 'eUSS Enterprise útStar Trek: The Original Series.

Star Trek V: The Final Frontier waard regissearre trochWilliam Shatner (de fertolker fan 'e rol fan James T. Kirk) nei in senario fanSteve Loughery. It idee foar de film kaam út 'e koker fan Shatner sels. Noch de produsinten, noch de oarecastleden wiene botte wiis mei it ferhaal, en op harren oanstean waard it skript ferskate kearen werskreaun oant eltsenien dermei libje koe.The Final Frontier gie op9 juny1989 yn premiêre. De resinsinten wiene der oer it algemien min oer te sprekken en yn 'ebioskopen brocht de film folle minder op as ferwachte: $63 miljoen op tsjin in budget fan $33 miljoen. NeffensfilmprodusintHarve Bennett foelThe Final Frontier sa ôf dat it "de franchise hast deamakke".

The Undiscovered Country

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideStar Trek VI: The Undiscovered Country.

YnStar Trek VI: The Undiscovered Country wurdt de sitewaasje yn 'e echte wrâld, mei defal fan it Izeren Gerdyn en de ein fan 'eKâlde Oarloch, neibeard ynfiksje: neidesennia fanoarloch moat derfrede komme tusken de Feriene Federaasje fan Planeten en it Klingon-Ryk. Admiraal Kirk en syn trouwe bemanning hawwe dêr net safolle mei op, want se hawwe jierrenlang tsjin 'e Klingons fochten en Kirk hat dêrby sels synsoan ferlern. Om't se harren neat op 'e mouwe spjeldzje litte sille, wurde troch de lieding fan 'e Stjerrefloat krekt de âlde izerfretters fan 'e USSEnterprise útstjoerd om 'e earstediplomatike kontakten te lizzen. Dat giet net botte maklik, want de Klingons stjonke, witte net wattafelmanearen binne en sitearje oant op it ferfeelsume ôf út it wurk fanShakespeare. As der in oanfal op 'e Klingon-delegaasje útfierd wurdt, kriget Kirk dêr de skuld fan. Hy wurdt, tegearre mei dokter McCoy, feroardiele talibbenslange finzenisstraf yn in helsktichthûs op 'ebeferzenasteroïde Rura Penthe. Om synreputaasje te behimmeljen en de frede te rêden, moat Kirk mei help fan syn bemanning útbrekke en de wiere dieders fan 'emoardoanslach opspoare.

Star Trek VI: The Undiscovered Country wie de twaddeStar Trek-film dy't regissearre waard trochNicholas Meyer, neiStar Trek II: The Wrath of Khan. Hy wurke nei in senario fan himsels enDenny Martin Flinn. De film gie op6 desimber1991 yn premiêre, en krige loovjende resinsjes fan 'e filmkritisy. Hy wie ek inkommersjeel súkses yn 'ebioskopen, en brocht $96,9 miljoen op tsjin in budget fan $27 miljoen. Dêrmei kaam deStar Trek-franchise nei it relative fiasko fan 'e foargeande filmStar Trek V: The Final Frontier wer sterk werom.The Undiscovered Country (detitel komt út ittoanielstikHamlet, fan Shakespeare) waard nominearre foar twaOscars en wie de iennichsteStar Trek-film dy't deSaturn Award foar bêstescience fiction-film wûn.Star Trek-betinkerGene Roddenberryferstoar koart foar de premiêre, inkele dagen nei't er de film yn besletten fermidden sjoen hie.

SirPatrick Stewart (hjir op infoto út2017) spile derol fankaptein Jean-Luc Picard ynStar Trek: The Next Generation en fjouwerStar Trek-films.

Op basis fanThe Next Generation

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: Generations.

Star Trek: Generations wie de earsteStar Trek-film mei decast fan 'e searjeStar Trek: The Next Generation yn 'e haadrol. De film begjint yn 2293, mei de earste reis fan 'e USS Enterprise (NCC-1701-B), ûnder it befel fan 'e griene kaptein John Harriman. Admiraal b.tsj. James T. Kirk en ferskate oare âld-bemanningsleden fan 'e foargeande (no sloopte) USS Enterprise (NCC-1701-A) binne as earegasten by it barren oanwêzich. Unfoarsjoene omstannichheden liede derta dat it nije romteskip rekke wurdt troch in mysterieusenerzjylint, mei as gefolch dat Kirk ferdwynt en deawaand wurdt.

Yn 2371 kriget de bemanning fan 'e USSEnterprise (NCC-1701-D), ûnder befel fan kaptein Jean-Luc Picard, te meitsjen mei it dûbele probleem fan 'eferriedlike Klingonske susters Duras (Barbara March enGwynyth Walsh) en desljochtsinnigewittenskipper Tolian Soran (Malcolm McDowell). Dyselde wol troch it ôfgean litten fan in nijwapen weromkeare nei de Neksus, in ekstra-diminsjonaal plak dat itparadys allyk is. Dat er dêrfoar it hiele, tichtbefolke,planetestelsel Veridian ferdylgje moat, achtet er gjin beswier. DeEnterprise-D moat troch tadwaan fan 'e susters Duras inneedlâning meitsje op 'e planeet Veridian III, wat de ein foar it âlde romteskip betsjut. Underwilens kin Picard net foarkomme dat Soran syn wapen ôfgean lit. Fan gefolgen komt net inkeld Soran, mar ek Picard yn 'e Neksus telâne, dêr't Picard in ideaallibben bean wurdt, dat er lykwols ôfwiist om't er beseft dat it mar in yllúzje is. Hy treft dêr Kirk, dy't ek yn 'e Neksus bedarre is, en tegearre reizgje de beide mannen werom yn 'e tiid om Soran dochs noch tsjin te hâlden by it ôfgean litten fan syn wapen.

Star Trek: Generations waard regissearre trochDavid Carson nei in senario fanRonald D. Moore enBrannon Braga. De film gie op18 novimber1994 yn premiêre, en krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e bioskoop dieGenerations it lykwols goed; dêr brocht er $118 miljoen op tsjin in budget fan $35 miljoen.

De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: First Contact.

YnStar Trek: First Contact kin de nije USSEnterprise (NCC-1701-E) ûnder befel fan kaptein Jean-Luc Picard foarkomme dat in oanfal fan 'esybernetyskebûtenierdskeBorg op 'eIerde deplaneet ferwoastget. Dekeninginne fan 'e Borg (Alice Krige) besit lykwols detechnology om tetiidreizgjen, en flechtet itferline yn, nei de midden fan 'eienentweintichste iuw, krekt foar't Zefram Cochrane (James Cromwell) mei syn romteskip dePhoenix as earsteminskeflugger-as-ljochtfaasje berikt. Dêrmei sil er de oandacht lûke fan in passearjend romteskip fan 'e bûtenierdskeVulcaniërs, wat ta it earste kontakt tusken de minskheid enyntelligint bûtenierdsk libben liede sil. De Borg-keninginne is fan doel dat barren te fersteuren en sa de rin fan 'eskiednis te feroarjen, mei as gefolch dat de Feriene Federaasje fan Planeten nea bestean sil.

Der is Picard-en-dy alles oan gelegen om dat tsjin te kearen. DeEnterprise folget de Borg nei it ferline, en wylst Picard, Worf en Data de striid mei de Borg-keninginne en har ûnderhearrigen oangeane, bejouwe earste ofsier William Riker, adviseur Deanna Troi enmasinist Geordi La Forge har nei it ierdoerflak om Cochrane te helpen synútfining op 'e juste tiid yn 'e praktyk te bringen. Dat falt noch net ta, want Cochrane, dy't yn 'e skiednisboekjes as inheld beskreaun wurdt, blykt yn wurlikheid insynyske,egoïstyskedronkelap te wêzen. Oan board fan 'eEnterprise besiket de Borg-keninginne ûnderwilens deandroïde Data teferlieden nei har oer te rinnen troch him wat te bieden dat er al withoelang siket:gefoel.

In bemanningshut oan board fan 'e USSEnterprise-D, itromteskip útStar Trek: The Next Generation.

Nei't twa bekendere regisseurs it oanbod omStar Trek: First Contact te meitsjen, ôfwiisd hiene, waardJonathan Frakes (de akteur dy't de rol fan William Riker spile) de rezjy taskood. Sa koene der produsinten der yn elts gefal wis fan wêze dat de film makke wurde soe troch immen dy't begriep wêr'tStar Trek om draaide. Frakes wurke op basis fan in senario fan Brannon Braga en Ronald D. Moore dat in kompromis wie tusken harren eigen idee om in film oer de Borg te meitsjen en produsintRick Berman syn eask dat it in film oertiidreizgjen wurde moast.Star Trek: First Contact gie op22 novimber1996 yn premiêre, en brocht $146 miljoen op tsjin in budget fan $45 miljoen. De film waard troch defilmkritisy oer it algemien mei positive resinsjes ûntfongen, en guon foaroansteande kritisy ornearren dat it de bêste film fan 'e franchise wie.Star Trek: First Contact waard nominearre foar inOscar en wûn trijeSaturn Awards.

De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: Insurrection.

YnStar Trek: Insurrection komme kaptein Jean-Luc Picard en de bemanning fan 'e USSEnterprise ingearspanning op it spoar tusken de Stjerrefloat en de bûtenierdske Son'a. Dy wolle de 'metafazedieltsjes' út 'eringen om 'e fierhinne ûnbewenne planeet fan 'e bûtenierdske Bak'u 'rispje', om't de strieling fan dy dieltsjes de Bak'u yn 'e praktykûnstjerlik makket. Mei't it rispingsproses de planeet ûnbewenber meitsje sil, besykje Stjerrefloatadmiraal Matthew Dougherty (Anthony Zerbe) en de Son'a om 'e Bak'u nei in reuseftichholodek te lokjen, dêr't harrendoarp oant yn detail neibeard is. It plan is om harren bûten har eigen wittenskip om fan harren planeet tedeportearjen. Om't sok dwaan de Primêre Rjochtline oantaast, komme Picard-en-dy tsjin it plan ynopstân.

Star Trek: Insurrection waard op 'e nij regissearre troch Jonathan Frakes, diskear nei in senario fanMichael Piller. De film gie op11 desimber1998 yn premiêre, en brocht $112,6 miljoen op tsjin in budget fan $58 miljoen.Star Trek: Insurrection krige mingde reäksjes fan 'e kritisy, mei as meast oanfierde beswier dat it wol in lange ôflevering fanStar Trek: The Next Generation liek ynstee fan in film.

De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: Nemesis.

Star Trek: Nemesis wie de fjirde en lêsteStar Trek-film op basis fan en mei de cast fanStar Trek: The Next Generation. Yn dizze film wurdt de USSEnterprise ûnder befel fan Jean-Luc Picard útstjoerd om in nije bedriging foar de Feriene Federaasje fan Planeten ôf te warren, yn 'e foarm fan Shinzon (Tom Hardy), de lieder fan 'eRemanen (in subras fan 'eRomulanen), dy't troch insteatsgreep de hearsker oer it Romulaanske Stjerreryk wurden is. Shinzon blykt inkloan fan Picard te wêzen, dy't makke waard foar in nea yn 'e praktyk brocht Romulaansk plan om Picard ûngemurken te ferfangen en sa in heechpleatstespion binnen de Federaasje te krijen. Hyferâlderet lykwols oerfluch fanwegen de ymperfekte kloaningsmetoade dy't brûkt is, en inkeld intransfúzje mei itDNA fan 'e echte Picard kin him rêde. Picard stiet dêr net ôfkearich foaroer, mar dan moat Shinzon earst wol syn plannen opjaan om 'e Ierde te ferneatigjen, en dat is foar de kloan ûnbesprekber. Picard giet de striid mei syn wjerbyld oan en risselwearret om syn eigen libben op te offerjen, mar Data rêdt him en stjert yn syn plak.

Star Trek: Nemesis waard regissearre trochStuart Baird nei in senario fanJohn Logan. De film gie op13 desimber2002 yn premiêre, en brocht $67,3 miljoen op tsjin in budget fan $60 miljoen. Dêrmei rûn de film út op in grutte teloarstelling en kaam er, de bykommende útjeften oangeandemarketing yn acht nommen, lang net út 'e kosten.Star Trek: Nemesis waard troch de filmkritisy weiset as de minst súksesfolleStar Trek-film ea. De takomst fan 'e franchise kaam dêrmei faai te stean.

Reboot-searje (Kelvin-tiidline)

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
It logo fan 'eStar Trek-rebootfilmsearje.

Yn2005 waard it âldeViacom, dememme-ûndernimming fanParamount Pictures, opspjalten yn twa nije bedriuwen: DeCBS Corporation, dy't eigner waard fan 'eCBS Television Studios, en it nijeViacom, dat eigner waard fan Paramount. Dêrtroch hie CBS itfilmmerk fanStar Trek yn it besit, wylst Paramount derjochten op 'e eardereStar Trek-films behold en ek it produksjerjocht foar eventuele takomstige films. (Yndesimber2019 soene de beide bedriuwen wer ûnder ien eigner komme troch de oprjochting of weroprjochting fan ViacomCBS, dat ynfebrewaris2022 omneamd waard taParamount Global.) Tsjin dy eftergrûn hierde ParamountsenarioskriuwersRoberto Orci enAlex Kurtzman enfilmprodusintJ.J. Abrams yn omStar Trek op 'e nij út te finen. Dat late ta inreboot fan 'e hiele franchise mei in nije oarspronklike USSEnterprise (NCC-1701) en in nije oarspronklike bemanning besteande út jonge akteurs dy't de rollen fan Kirk, Spock, Uhura, McCoy, Scott, Sulu en Chekov fertolken.

Cast


De Wikipedy hat ek in sideStar Trek (film).

Star Trek wie de earste film fan wat ornaris de 'rebootsearje' neamd wurdt, mar dêr't ynneislachwurken nei ferwiisd wurdt as deKelvin-tiidline. De film begjint as inprequel fanStar Trek: The Original Series op 'e dei dat James T. Kirkberne wurdt. De Romulaan Nero (Eric Bana) feroarsaket in ynsidint meitiidreizgjen, dêr't de USSKelvin, it skip fan Kirk synheit, by belutsen is. Troch it ynsidint ûntstiet der in alternative tiidline. (Dat wie in keunstgryp fan 'e makkers fan 'e film om 'e hannen frij te krijen en net bûn te wêzen oan wat der letter mei deselde personaazjes barre soe ynThe Original Series.)Star Trek folget dêrnei Kirk, Spock, Uhura en de rest fan 'e bemanning fan 'e USSEnterprise, as se op 'e earste reis mei it skip te meitsjen krije mei Nero, dy't útwraak op in âldere Spock de planeet Vulcanus ferneatigje wol.

Chris Pine spile derol fankaptein James T. Kirk yn 'eStar Trek-rebootsearje.

Star Trek waard regissearre trochJ.J. Abrams nei in senario fanRoberto Orci enAlex Kurtzman. De film gie op8 maaie2009 yn premiêre, en krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid. Mei in budget fan $150 miljoen wie it oant doe ta fierwei de djoersteStar Trek-film ea, mar lykwols wie it inkommersjeel súkses, mei inopbringst fan $385,7 miljoen. De film waard nominearre foar fjouwerOscars en wûn ien (foar bêstefisazjy).Star Trek wurdt rûnom sjoen as de film dy't de yn 'e nederklits rekke franchise nij libben ynblaasde en yndirekt ferantwurdlik wie foar deStar Trek-revival fan 'e twadde helte fan 'e2010-er jierren.

De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: Into Darkness.

Star Trek: Into Darkness is inferfolch op 'efilm út 2009. Kirk is no dekaptein fan 'e USSEnterprise, mar as er de Primêre Rjochtline geweld oandocht (al hat er dêr goede reden ta), wurdt er weromset ynrang. Nei interroristyskeoanslach op ithaadkertier fan 'e Stjerrefloat ynSan Francisco kriget er lykwols de sizzenskip oer deEnterprise werom. Kirk en syn bemanning wurde efter de dieder oanstjoerd, mar it spoar liedt harren nei ingearspanning binnen de Stjerrefloat sels, mei oan it haad admiraal Alexander Marcus (Peter Weller). Dyselde hat in nij avansearre soarteromtetorpedo ûntwikkele mei de help fan Khan Noonien Singh (Benedict Cumberbatch), ingenetysk 'ferbettere'supersoldaat út in fierferline dy't er wekker makke hat út inkryoanyskestasis. Kirk-en-dy moatte it dan opnimmen tsjin sawol Marcus, waans romteskip folle grutter en better bewapene is as deEnterprise, as Khan, dy't frijwol ûnkwetsber is.

Star Trek: Into Darkness waard op 'e nij regissearre troch J.J. Abrams nei in senario fan Roberto Orci, Alex Kurtzman enDamon Lindelof. It wie de lêste film wêryn'tLeonard Nimoy de rol fan 'e (âldere) Spock portrettearje soe foar synferstjerren yn2015. De film gie op16 maaie2013 yn premiêre, en krige positive resinsjes fan 'e filmkritisy.Star Trek: Into Darkness brocht $467,4 miljoen op tsjin in budget fan $185 miljoen; dêrmei wie it de meastopbringendeStar Trek-film aller tiden. De film waard nominearre foar inOscar foar bêstespecial effects.

De Wikipedy hat ek in sideStar Trek: Beyond.

YnStar Trek: Beyond is de USSEnterprise trije jier hinne yn syn fiifjierrige ferkenningsreis fan ithielal. As it skip it reuseftigeromtestasjonYorktown oandocht, wurdt it op in rêdingsmisje stjoerd wannear't út in relatyf deunbyeromtedize inflechtling (Lydia Wilson) ferskynd dy't seit dat har skip in needlâning meitsje moatten hat op Altamid, in planeet yn 'e dize. DeEnterprise giet op ûndersyk út, mar rint yn in mûklaach fan 'epiraat Krall (Idris Elba) en syn folgelingen, dy't it skip ferwoastgje. De oerlibbenen fan 'e bemanning komme fêst te sitten op Altamid, dêr't se inoar weromfine moatte en in manear betinke moatte om fan 'e planeet ôf te kommen foar't Krall syn plan yn 'e praktyk bringe kin om 'e bemanning fan 'eYorktown út te moardzjen en dêrnei it romtestasjon te brûken as basis foar in oanfal op 'e Feriene Federaasje fan Planeten.

Star Trek: Beyond waard regissearre trochJustin Lin nei in senario fanSimon Pegg enDoug Jung. Dizze film wie de lêste út 'eStar Trek-franchise dêr'tAnton Yelchin (as Pavel Chekov) yn spile foar syn ûntidich ferstjerren ynjuny2016.Star Trek: Beyond gie op22 july2016 yn premiêre, en brocht $343,5 miljoen op tsjin in budget fan $185 miljoen. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en waard nominearre foar inOscar foar bêstefisazjy enhierstilearring.

Avery Brooks spile derol fankaptein Benjamin Sisko ynStar Trek: Deep Space Nine.

SawolChris Pine (James T. Kirk) asZachary Quinto (Spock) hawwekontrakten tekene wêryn't se har fêstlein hawwe om yn dyselde rollen werom te kearen as der in fjirde film yn 'e reboot-filmsearje makke wurdt. Ynjuly2016 befêstigeJ.J. Abrams dat der plannen foar sa'n fjirde film wiene, en datChris Hemsworth dêryn de rol fan Kirk synheit George wer op him nimme soe (dy't er ek fertolke hie yn 'eprolooch fan 'e filmStar Trek). Dyselde moanne waard ek bekendmakke dat de rol fan Pavel Chekov net wercast wurde soe nei itdeadlikûngelok fan akteurAnton Yelchin.

Yndesimber2017 kaam yn 'emedia dat de ferneamderegisseurQuentin Tarantino in idee foar in nijeStar Trek-film oppenearre hie oan Abrams enfilmstudioParamount Pictures, dy't allebeideentûsjast reägearre hiene. Ynapril2018 waard oankundige dat der doe twa nijeStar Trek-films ynpreproduksje wiene by Paramount: de troch Abrams yn2016 oankundige fjirde film, dy't regissearre wurde soe trochS.J. Clarkson, en de film op basis fan it idee fan Tarantino, dy't Tarantino sels regissearje soe as er dêr tiid foar fine koe.

Ynaugustus2018 kamen de plannen foar de nije films lykwols op losse skroeven te stean doe't Pine en Hemsworthlulk byûnderhannelings mei Paramount weirûnen nei't harren frege wie om yn te stimmen mei in legersalaris fanwegen itteloarstellendeferlies dat foarStar Trek: Beyond ôfskreaun wurde moatten hie.

Boeken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Romans en koarte ferhalen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sûnt1967 binne der hûndertenromans enkoarte ferhalen yn it ramt fanStar Trek publisearre, wêrfan't in diel orizjineel wurk wie, wylst it by in oar diel gie om 'ferboekings' fanfilms ofôfleverings úttillefyzjesearjes. De earsteútjouwerij dy't sok wurk op 'e merk brocht, wieBantam Books, dêr'tauteurJames Blish fan1967 oant1977 yn tolve dielen adaptaasjes publisearre fan ôfleverings útStar Trek: The Original Series. De earste orizjineleStar Trek-roman dy't by Bantam útkaam, wie ek fan Blish, te witten:Spock Must Die!, út1970. De alderearste orizjineleStar Trek-roman wie lykwolsMission to Horatius fanMack Reynolds, dy't al yn1968 útkaam byWhitman Books.

Oare tige aktive skriuwers fanStar Trek-literatuer wienePeter David,Diane Carey,Keith DeCandido,J.M. Dillard (inpseudonym fan Jeanne Kalogridis),Diane Duane,Michael Jan Friedman enJudith en Garfield Reeves-Stevens. Ferskateakteurs út 'e ûnderskate tillefyzjesearjes hawwe ek romans skreaun of mei-skreaun oer harren respektivelike personaazjes:William Shatner (kaptein James T. Kirk ynThe Original Series),Armin Shimerman (Quark ynDeep Space Nine) en fertolkers fan mindere personaazjes, lykasJohn de Lancie,Andrew J. Robinson enJ.G. Hertzler.Jeri Taylor, de produsinte fanVoyager, skreau twa romans oer de persoanlike foarskiednis fan 'e personaazjes út har searje. EksenarioskriuwersDavid Gerrold,D.C. Fontana enMelinda M. Snodgrass publisearren romans yn it ferlingde fan harren wurk.

Kate Mulgrew spile derol fankaptein Kathryn Janeway ynStar Trek: Voyager.

Foar in folsleine en byholden opsomming fanStar Trek-literatuer, sjochdizze list op 'eIngelske Wikipedy.

Stripalbums dy't basearre binne opStar Trek binne sûnt1967 hast oan 'e rinnende bân ferskynd, û.m. by deútjouwerijenGold Key (1967-1978),Marvel (1979-1981 en1996-1999),DC Comics (1984-1996),Malibu (1993-1996),Wildstorm (1999-2002) enIDW Publishing (fan2006 ôf). IDW brocht yn2006 in stripalbum út mei detitelStar Trek: Countdown, dat inprequel wie fan 'efilm út 2009. Deselde útjouwerij gie neitiid troch mei it produsearjen fan nijeStar Trek-albums. Yn2009 publisearreTokyopop in stripferhalebondel fankoarte stripferhalen basearre opStar Trek: The Next Generation, dy'ttekene wiene ynJapanskemangastyl.

Foar mear ynformaasje oerStar Trek-strips, sjochdit artikel mei in list op 'e Ingelske Wikipedy.

Troch de jierren hinne waard ek in prottenon-fiksje oerStar Trek publisearre. Dêrby giet it net inkeld omcompanionboeken en beskriuwings fan 'e produksje fanStar Trek-searjes en -films. Der binne nammentlik ekneislachwurken ferskynd oangeande listen fanpersonaazjes, de 'geografy' fan itStar Trek-hielal, degronology fanStar Trek, inwurdboek fan 'e spesjaal foarStar Trek ûntwikkelekeunsttaalKlingon,technyske ûnderbouwings enhânliedings,etnografyske beskriuwings fan fiktivebûtenierdske rassen as deKlingons en deFerengi, ensfh.

Scott Bakula spile derol fankaptein Jonathan Archer ynStar Trek: Enterprise.
  • Foar in folsleine en byholden opsomming fanStar Trek-neislachwurken, sjochdizze list op 'e Ingelske Wikipedy.
  • Foar in folsleine en byholden opsomming fan technyske hânliedings oangeandeStar Trek, sjochdizze list op 'e Ingelske Wikipedy.

Fierders binne der noch frijwat oare boeken oerStar Trek ferskynd, lykaslústerboeken,spulboeken,parodyen enfotoboeken. Foar in folsleine en byholden opsomming fan dat soarte wurk, sjochdizze list op 'e Ingelske Wikipedy.

Spultsjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ta deStar Trek-franchise hearre ek in grut talspultsjes dy't op ien fan 'e searjes of films basearre binne, wêrûnderboerdspullen,kaartspullen,rollespullen,flipperkasten enfideospultsjes. It earste dêrfan wie in boerdspul dat yn1967 útkaam op basis fan 'eStar Trek: The Original Series, wylst it by de meast resinten giet omonline- ofdvd-fideospultsjes. Guon fan 'e súksesfolsteStar Trek-spullen binne de fideospultsjesStar Trek: Legacy út2006, foarWindows enXbox 360, enStar Trek: Conquest út2007, foarWii enPlaystation 2. Yn2010 waard trochCryptic Studios it spultsjeStar Trek Online ûntwikkele, foar Window,Xbox One enPlaystation 4. Dat spul is sitewearre yn itNext Generation-tiidrek, likernôch tritich jier nei de foarfallen fanStar Trek: Nemesis.

Sonequa Martin-Green spile derol fankaptein-luitenant Michael Burnham ynStar Trek: Discovery.

Foar in folsleine en byholden opsomming fan alle soarten spultsjes yn it ramt fanStar Trek, sjochdizze list op 'e Ingelske Wikipedy.

Tydskriften

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

DeStar Trek-franchise omfette teminsten twatydskriften.Star Trek: The Magazine wie inAmerikaansk blêd, dat fan1999 oant2003 bestie.Star Trek Magazine, dat oarspronklik úteinsette asStar Trek Monthly, waard ynfebrewaris1995 foar deBritske merk oprjochte trochTitan Magazines, mar hat him sûnt útwreide ta in wrâldwidedistribúsje. Dêrnjonken hawwe der ek in grut talfanzines oangeandeStar Trek west, makke trochentûsjastefans.

Ferdivedaasjepark

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fan1998 oant2008 bestie der inferdivedaasjepark yn it AmerikaanskeLas Vegas dat opStar Trek basearre wie, mei as nammeStar Trek: The Experience.

Infrou yncosplay as in Andoriaanse (deAndorianen binne ien fan 'e rassen fanbûtenierdske wêzens yn itStar Trek-hielal).

Kulturele ynfloed

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sûnt de iere1970-er jierren hat de net-ôflittende populariteit fanStar Trek soarge foar in groeiende ynfloed op 'eWesterskepopkultuer. Yn 'eFeriene Steaten, mar ek yn oarelannen, wurde geregeldweikonvinsjes organisearre dy't folslein oan 'eStar Trek-franchise wijd binne. Dêr komme stiiffêst de trouwefans yn grutte oantallen op ôf. Dy fans wurde "Trekkies" neamd en foarmje in hielesubkultuer op harrensels, sa't yn1997 trochRoger Nygard fêstlein waard yn 'edokumintêreTrekkies. De iennichste franchise dêr'tStar Trek him mei ferlykje lit, is de oare grutte Amerikaanske science fiction-mediafranchiseStar Wars. Sawol fans assosjologen dy't de science fiction-subkultuer(en) bestudearre hawwe, beskôgjeStar Trek enStar Wars as inoars rivalen.

Fiktivetechnology dy't ynStar Trek-searjes al yn 'e1960-er of1980-er jierren te sjen wie, hat de oanset jûn ta de ûntwikkeling fan wiere technology yn 'e echte wrâld. Sa spile it foarkommen fantabletkompjûters yn 'e searjes in rol by de ûntjouwing fan echte tabletkompjûters, en hie detelekommunikaasjeapparatuer dy't yn 'e searjes te sjen wie, ynfloed op 'e ûntwikkeling fan 'emobile tillefoan. Dekartografyske fermogens fan 'e saneamdtricorder, in fiktyf yn 'e hân holden apparaatsje, is as in wichtige ynspiraasjeboarne foar de útfining fanGoogle Earth neamd troch Michael Jones, dy't oan it haad fan it team stie dat dy technology ferwêzentlike.Steve Wozniak, ien fan 'e oprjochters fankompjûtergigantApple, hat sein dat it sjen fanStar Trek: The Original Series en it besykjen fanStar Trek-konvinsjes yn synjonkheid in wichtige ynspiraasjeboarne foarme foar syn lettere wurk.

Star Trek-betinkerGene Roddenberry en inkeleakteurs útStar Trek: The Original Series by despace shuttleEnterprise.

Ek technology útStar Trek dy't (noch) net yn it echt bestiet, hat ynfloed hân op 'e popkultuer. Sa kaam al ynStar Trek: The Original Series detransporter ("transporteur") foar, in apparaat mei it fermogen tateleportaasje. Dêrmei waarden kaptein Kirk-en-dy nei it oerflak fan mannich in planeet en wer werom nei de USSEnterprise ta "striele" trochmasinist Montgomery Scott. Dêrtroch krong de útspraak "Striel my op, Scotty" ("Beam me up, Scotty") desprektaal fan 'e jongeregeneraasjes binnen, útsprutsen as se har yn sitewaasjes befûnen dêr't se wol graach direkt út ferwidere wurde woene. Yn1976 soarge inbriefskriuwerskampanje derfoar dat de AmerikaanskeromtefeartorganisaasjeNASA it prototype fan synspace shuttle deEntrerprise neamde, nei it fiktive romteskip.

Maatskiplik boadskip

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Star Trek ûnderskate him al yn 'e tiid fanStar Trek: The Original Series fan oare tillefyzjesearjes troch synfoarútstribjendemaatskiplik boadskip. Yn in tiid dat deAmerikaanske boargerrjochtebeweging noch stride moast foar de rjochten fanAfro-Amerikanen, naamStar Trek-betinkerGene Roddenberry (net by tafal) inswartefrou op yn syn searje as lid fan 'e bemanning op 'ebrêge fan 'e USSEnterprise. No wiekommunikaasje-ofsier Uhura, spile trochNichelle Nichols, winliken net folle mear as in feredeletillefoniste, mar likegoed hie har oanwêzigens in grutte ynfloed op miljoenen jonge swartefamkes, dy't op 'etillefyzje wat seagen dat se noch nea earder sjoen hiene. Detút fan kaptein Kirk en luitenant Uhura, yn 'e ôfleveringPlato's Stepchildren, wie ek tige derop ôf foar dy tiid, en wurdt faak foutyf neamd as de earste ynterrasiale tút op 'e Amerikaanske tillefyzje (eins wie soks al inkele kearen earder foarkommen).

Nichelle Nichols spile ynStar Trek: The Original Series en de earste seisStar Trek-films de rol fanluitenant Uhura.

Nichols woe op in stuit útThe Original Series stappe, mar doe waard har by ingaladiner fan 'eminskerjochte-organisaasjeNAACP frege oft se it har eefkes oan tiid die om "har grutste fan" te moetsjen. Nichols stimde dêryn ta en waard doe foarsteld oanMartin Luther King, dy't har fertelde dat hy syn bern altyd opbliuwe liet om neiStar Trek te sjen, fanwegen it rolmodel dat Nichols yn har rol as Uhura wie. Dat oertsjûge har derfan om byStar Trek te bliuwen. Nei't de searje stopset wie, brûkte Nichols har bekendheid omlêzings te jaan, wêryn't se útfear tsjin 'e útsluting fanAfro-Amerikanen enfroulju fan itromtefeartprogramma fan 'eNASA. Yn reäksje dêrop waard se troch de NASA útnûge om by harren yn 'e tsjinst te kommen as rekruteur. Yn dy hoedanichheid wie Nichols yn 'e1970-er jierren ferantwurdlik foar it finen fan 'e earste swarte en de earste froulike Amerikaanskeastronauten.

Star Trek is withoefolle kearenparodiëarre. Ien fan 'e earste kearen wieThe Last Voyage of the Starship Enterprise, in ferneamdesketch yn 'e AmerikaanskekomeedzjeshowSaturday Night Live, meiJohn Belushi yn 'e rol fan Kirk,Chevy Chase as Spock enDan Aykroyd as McCoy.

De bekendste filmparody opStar Trek isGalaxy Quest, út1999, mei û.o.Tim Allen,Sigourney Weaver enAlan Rickman. It útgongspunt fan dy film is dat ûnnoazele bûtenierdske wêzens Ierdske tillefyzje-útstjoerings besjogge en net begripe dat it omfiksje giet ynstee fannijs. As se problemen krije mei in oar bûtenierdsk ras,ûntfiere se dêrom decast fan 'e science fiction-searjeGalaxy Quest om harren út 'e swierrichheden te helpen. FerskateStar Trek-akteurs hawwe ynfraachpetearen oanjûnGalaxy Quest in briljante parody te finen.

Oare parodyen fanStar Trek wurde foarme troch ôfleverings fantekenfilmsearjes asThe Simpsons enFuturama en delive-actionsearjeBlack Mirror. Yn2017 kreëarre tillefyzjeprodusintSeth MacFarlane foarFox in folsleine tillefyzjesearje dy't in parody opStar Trek wie: dekomeedzjedrama-science fiction-searjeThe Orville.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes,References enFurther Reading, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryStar Trek fanWikimedia Commons.
 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjesStar Trek:  The Original Series (1966–1969) Star Trek: The Next Generation (1987–1994) Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) Star Trek: Voyager (1995–2001) Star Trek: Enterprise (2001–2005) Star Trek: Discovery (2017–20??) Star Trek: Short Treks (2018–20??) Star Trek: Picard (2020–20??) Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjesStar Trek: The Animated Series (1973–1974) Star Trek: Lower Decks (2020–20??) Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fanStar Trek: The Original SeriesStar Trek: The Motion Picture (1979) Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) Star Trek III: The Search for Spock (1984) Star Trek IV: The Voyage Home (1986) Star Trek V: The Final Frontier (1989) Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fanStar Trek: The Next GenerationStar Trek: Generations (1994) Star Trek: First Contact (1996) Star Trek: Insurrection (1998) Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearjeStar Trek (2009) Star Trek: Into Darkness (2013) Star Trek: Beyond (2016)
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Star_Trek&oldid=1173898"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp