Stanley (yn it ferlinePort Stanley neamd) is de iennige stêd en haadstêd fan deFalklâneilannen. Stanley leit opEast-Falklân. De havenstêd hat sa'n 2000 ynwenners (2001).
Stanley is ferneamd nei deBritske minister fan Koloanjes fan1841 oant1844,Lord Stanley, fanwegen wa't de delsetting yn1843 stifte waard.
De delsetting waard rillegau in reparaasjehaven foar skippen ûnderweis troch de pleatslik rûge seeën nei deStille Oseaan fiaMagellaanstrjitte (foar de oanlis fan itPanamakanaal). Letter waard Stanley in basis foar de walfisk- en seehûnejagers yn deSúdlike Oseaan.
Earst yn 1979 waard der in fleanfjild iepene. Dêrwei wurde kommersjele flechten opSily ûnderhâlden en militêre troch deRoyal Airforce op Grut-Brittanje dy't ek troch boargers benutte wurde kin.