Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Standerttaal

Ut Wikipedy

Instanderttaal is de fariëteit fan intaal dy't oer it heechste maatskiplike prestiizje beskikt en dêropta faak inwetlike of oare offisjele status hat. Hoewol't poertaalkundich sjoen alle taalfariëteiten gelyk binne, wurdt binnen hast alle taalmienskippen ien fariant ta standerttaal makke om as in ynstitúsjonalisearre noarm te tsjinjen foar doelen lykas itûnderwiis en it taalgebrûk yn 'emedia. Taalfarianten dy't har net oan dy noarm konformearje, wurde dandialekten fan 'e standerttaal neamd. Yn it ferline waard op sokke taalfoarmen delsjoen en waard sels aktyf besocht en rûgje se út, om't se as breklike farianten fan 'e standerttaal beskôge waarden.

Yn in protte gefallen is it ûntstean fan in standerttaal it gefolch fan in faak iuwenlang en relatyf natuerlik ferrinnend proses fan standerdisaasje, wêrby't ien dialekt fan in groepke soartgelikense dialekten stadichoan wint oan prestiizje, yn 'e regel om't it sprutsen wurdt yn in gebiet datekonomysk woltieriger ofpolityk sterker is as de omlizzende kontreien. Soms wurdt der lykwols aktyf en rjochte troch de minske yn dit proses yngrepen om in standerttaal te skeppen dêr't dy earder noch net bestie. It komt foar dat men dan eleminten út ferskate dialekten mei-inoar besiket te ferranen, om 'e sprekkersmienskippen fan alle dialekten by de nije standerttaal te belûken. Yn seldsume gefallen kin in taal mear as ien standerttaal hawwe. Sa hat itNoarsk mar leafst fjouwer konkurrearjende standertskriuwtalen, wêrfan't twa, itBokmål en itNynorsk, in offisjele status hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David,The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin),ISBN 0 14 05 14 163, s. 318.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Standerttaal&oldid=773208"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp