Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Spoarwjukgoes

Ut Wikipedy
Spoarwjukgoes
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftgoeseftigen (Ansariformes)
famyljeeinfûgels (Anatidae)
skaaispoarwjukguozzen (Plectropterus)
Stephens, 1824
soarte
Plectropterus gambensis
Linnaeus, 1766
net bedrige
ferspriedingsgebiet

Despoarwjukgoes (Plectropterus gambensis) is infûgelsoarte út defamylje fan 'eeinfûgels (Anatidae). De fûgel is de iennige soarte yn itskaai.

Skaaimerken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Spoarwjukguozzen fan 'e ûndersoartP. gambensis gambensis.

De spoarwjukgoes hat syn namme te tankjen oan 'espoaren oan 'e wjukken. Mantsjes binne grutter as wyfkjes. De fûgels wege trochstrings 5,5 kg. Se ha boppedat in reade bult op 'e snaffel en foarholle. Aldere fûgels ha boppedat neakene reade dielen oan 'e hals.

Juvenilen binne bruner en glânzgje minder as folwoeksen fûgels.

Fersprieding

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Spoarwjukguozzen libje yn in grut part fanAfrika besuden deSahara. De fûgels binne ôfhinklik fan wetter en yn gebieten dêr't it drûch west hat binne de populaasjes, mar ynSúd-Afrika profitearre de fûgel fan it oanlizzen fan opslachmarren yn lânbougebieten.

Se binne te finen yn en by grutte rivieren en sompen, ynlânske marren mei in soad begroeiing en opslachmarren. Se ite de griene dielen en it sied fan in soad wetterplanten.

De briedtiid hinget fan 'e reintiid ôf en se bouwe in hiel ienfâldich nêst, dat bestiet út in djippe holte dy't it wyfke útgraaft. De fûgel kin syn nêst fûl ferdigenje, dêr't er de spoaren oan 'e wjukken by brûkt. It nêst bestiet út seis oant tsien krêmkleurige aaien. De piken komme nei in briedtiid fan 30 oant 32 dagen út. It hat bliken dien dat de piken allinnich troch it wyfke fersoarge wurde.

Undersoarten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De spoarwjukgoes is yn twa ûndersoarten ferdield:

  • Plectropterus gambensis gambensis
  • Plectropterus gambensis niger

De ûndersoarten ûnderskiede harren fan inoar troch de swartwite ferdieling fan 'e fearren.

OfbyldUndersoarteBeskriuwingFersprieding
P. g. gambensis
(Linnaeus, 1766)
De nominaatfoarm hat folle mear wyt op 'e búk en flanken.FanGambia oantEtioopje en nei it suden ta oantAngoala enMozambyk.
P. g. niger
(Sclater, 1877)
Hat allinne in smelle wite búkstreek.Súd fan 'eSambezy rivier ynNamybje,Simbabwe,Súd-Afrika.

Status

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De fûgel stiet op 'eReade list fan 'eIUCN as net bedrige klassifisearre. Fernieling fan biotoop en eigenwillige jacht foarmje bedrigingen foar de soarte.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes:de:Sporngans


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryspoarwjukgoes fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Spoarwjukgoes&oldid=1186605"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp