DeSpiltiid is inlienfertaling fan 'e troch deDútsketeoloochKarl Jaspers betochte termAchsenzeit, dy't trochgodstsjinstwittenskippers enteologen brûkt wurdt om 'e perioade fan likernôch800 oant200 f.Kr. oan te tsjutten. Dat tiidrek foel gear mei de trêdeevolúsje fan deAldheid, en foarme it begjin fan 'eKlassike Aldheid. Yn 'e Spiltiid kamen der yn allereligyen fan 'e gruttebeskavings fan 'e wrâld nije systemen en ideeën op, dy't oant yn dizze tiid in krúsjale rol spylje. It ûntstean dêrfan hong gear mei de feroarjendesosjale enekonomyske omstannichheden, mar om redens dy't hjoed de dei noch altyd net folslein begrepen wurde, makken yn dy tiid alle wichtige beskavings inselde ûntjouwing troch, sels as se gjin ûnderlinge kontakten ûnderholden, lykasSina enJeropa.
Elts fan dy beskavings ûntwikkele syn eigen oplossings foar de swierrichheden dy't ûntstiene doe't dehannel en dêrtroch dewolfeart en sadwaande ek itmaterialisme tanaam mei as gefolch dat debefolking fan 'estêden foar it earst yn 'eskiednis fluch begûnen te groeien. En oeral bestie de oplossing út insosjaleideology fanmorele en etyskenoarmen en wearden.
Sa ûntstiene ynSina ittaoïsme (±570 f.Kr.) en itkonfusianisme (±510 f.Kr.). YnYndia ûntwikkelen har itboedisme (±525 f.Kr.), itjaïnisme (±500 f.Kr.) en itûpanisjadyskebrachmanisme (±500 f.Kr.) út it âldere,vedyskehindoeïsme. Yn itMidden-Easten ûntstie itsoroästrisme (±600 f.Kr.) en kaam ek it klassikejoadendom (±550 f.Kr.) ta stân út 'ejahwistyske kultus fan 'eIsraelityskeprofeten. En ynJeropa ûntjoech him itfilosofyskerasjonalisme (±400 f.Kr.) fanPlato enAristoteles. Letterereligieuze herfoarmers ûntlienden harren ideeën foar in tige grut part oan dizze Spiltiid-ideologyen, sadat ek de kaarten foar itkristendom, deislaam en oare lettere godstsjinsten yn dy tiid al skodde waarden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|