Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Special effects

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanSpesjaal effekt)

Special effects (Ingelsk foar "bysûndere effekten"), somsôfkoarte ta SFX of SPFX, binne optyske, meganyske, digitale of auditive techniken dy't ynset wurde ynfilms,tillefyzje,toaniel enfotografy om effekten te skeppen dy't gewoanwei net berikt wurde kinne. Ek wurdespecial effects wol brûkt as sokke effekten wol fia de gewoane wei berikt wurde kinne, mar as dat te djoer of te gefaarlik is. De earste 'film' meispecial effects waard yn1857 makke troch deSweedske filmpionierOscar Gustave Rejlander, dy't dêrfoar ferskillende stikjes fan tritichnegativen kombinearre.

Der binne ferskate soartenspecial effects. Mei optyske (of fisuële, of fotografyske) techniken kinne film- en tillefyzjebylden en foto's sadanich manipulearre wurde dat se sjen litte wat de makker wol dat se sjen litte (wat hiel wat oars wêze kin as dat se oarspronklik wier sjen lieten). In foarbyld is it gebrûk fan in saneamdbluescreen, wêrby't bylden opnommen wurde tsjin in neutrale eftergrûn, dy't neitiid ferfongen wurdt troch in oar (bewegend) byld of troch digitale animaasje.

Fierders binne der meganyske effekten, lykas eksploazjes (pyrotechnyk),reekmasines, ensfh., dy't direkt ûnder it filmjen ynset wurde. Ta einbeslút binne der ek noch lûdseffekten, dat keunstmjittich kreëarre of manipulearre lûden binne (bgl. fantonger, wapengekletter of fûstslaggen). Dizze lêste kategoryspecial effects wurdt net inkeld yn films, op 'e tillefyzje en op it toaniel, mar ek wol op 'eradio brûkt, fral ynharkspullen. Ek wurde se ynset bykompjûter- enfideospultsjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes enReferences, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Special_effects&oldid=1036302"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp