Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Spencer Tracy

Ut Wikipedy
Spencer Tracy ynDr. jekyll and Mr. Hide
Henry Drummond (Tracy, lofts) en Matthew Harrison Brady (Frederic March), rjochts) ynInherit the Wind, 1960

Spencer Bonaventure Tracy (Milwaukee,Wisconsin,5 april1900 -Beverly Hills,Kalifornje,10 juny1967) wie inAmerikaansk akteur.

Tracy, berne yn Milwaukee, wie de soan fan frachtweinferkeaper John Edward Tracy en Caroline Brown. Nei de middelbere skoalle siet Tracy op itRipon College wêr't er yn in teaterstik spile; 'De Wierheid' (The Truth).Yn de jierren 20 siet er op deAcademy of Dramatic Arts ynNew York. Yn syn frije tiid spile er yn klubs en yn de jierren 30 krige er in rol yn it stikThe Last Mile opBroadway. Doe waard er ûntdekt troch regisseurJohn Ford. Dat wie yn 1930. Net folle letter wie er ek yn films te sjen.Yn 1935 waard er oannommen byMGM en krige er yn 1937 en 1938 inAcademy Award foar Bêste Akteur foar syn rol yn de filmsCaptains Courageous (1937) enBoys Town (1938).Hy troude mei Louise Treadwell yn 1923 en sy krigen twa bern: John en Louise. Yn 1941 lei er it oan mei aktriseKatharine Hepburn.

Tracy wie bekend om syn natuerlike wize fan spyljen en it grut ferskaat oan karakters dat er stal jaan koe.

Yn 1967 stoar Tracy oan inhertoanfal.

Filmografy ( MGM-films)

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Wikimedia CommonsOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategorySpencer Tracy fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Spencer_Tracy&oldid=1056158"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp