Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Species II

Ut Wikipedy
Species II
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurPeter Medak
produsintFrank Mancuso jr.
senarioChris Brancato
kamerarezjyMatthew F. Leonetti
muzykEdward Shearmur
filmstudioMetro-Goldwyn-Mayer
FGM Entertainment
distribúsjeMetro-Goldwyn-Mayer
spilers
haadrollenMarg Helgenberger
Michael Madsen
Justin Lazard
byrollenNatasha Henstridge
Mykelti Williamson
George Dzundza
James Cromwell
skaaimerken
lân/lannenFeriene Steaten
premiêre10 april1998
foarmlangspylfilm
sjenrescience fiction-horrorfilm
taalIngelsk
spyltiid93 minuten
budget en resultaten
budget$35 miljoen
opbringst$26,8 miljoen
filmsearje
filmsearjeSpecies
● foarich dielSpecies
● folgjend dielSpecies III

Species II is inAmerikaanskescience fiction-horrorfilm út1998 ûnderrezjy fanPeter Medak, mei yn 'ehaadrollenMarg Helgenberger,Michael Madsen enJustin Lazard. Defilm, dy't ek wol kwalifisearre wurdt as insplatterfilm, wie inferfolch op it súksesfolleSpecies út1995. Dêrmei wie it it twadde diel út 'eSpecies-filmsearje. Itferhaal folgetastronaut Patrick Ross, desoan fan inAmerikaanske senator, dy't op in misje neiMars ynfektearre rekket mei itseldebûtenierdskeDNA dêr't trije jier earder safolle swierrichheden troch ûntstiene. Werom op 'eIerde feroarsaket er dedea fan in hiele rigefroulju. Om Ross op te spoaren en tsjin te kearen beslutebiologe Laura Baker enhierling Press Lennox om Eve yn te setten, in nueterekloan fan 'e oarspronklike minsklik-bûtenierdskehybride Sil.Species II krige oer it algemien negativeresinsjes fan 'efilmkritisy en kaam yn 'ebioskopennet út 'e kosten. Nettsjinsteande dat waarden neitiid noch twa fierdere ferfolchfilms yn it ramt fan 'eSpecies-rige makke, sij it allebeide astillefyzjefilm.

Plot

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

In trijemans misje fan 'eAmerikaanskeromtefeartorganisaasjeNASA fiert de earste bemannereis nei deplaneetMars út. De lieder fan 'e misje,astronaut Patrick Ross, in eardereAmerikaansk fuotbalspiler en desoan fan in sittendsenator, giet as earsteminske omleech nei itoerflak, dêr't er in stikmannichmeunsters nimt fan 'e ûndergrûn. Dêrmei keart er yn it lâningsfiertúch werom nei itromteskip, dat ûnderwilens yn inbaan om 'e planeet hinne rûntsjedraaid hat mei de oare beide leden fan 'e misje oan board: deswarte Dennis Gamble enfroulike astronaut Anne Sampas. Troch de hegeretemperatueren oan board it romteskip begjinne de meunsters teûntteien, en inslimerige substânsje ûntsnapt út ien fan 'e hermetysk ôfsletten bussen dêr't de meunsters yn bewarre wurde. It glidet mei blykbere doelbewustens nei decockpit ta, dêr't de astronauten sitte. Wannear't it dêr oankomt, falt sânminuten lang dekommunikaasje wei tusken it romteskip en it kontrôlesintrum fan 'e NASA. Eltsenien is ferromme as Patrick Ross wer fan him hearre lit en seit dat se in lytse steuring yn 'e kommunikaasje-apparatuer hiene, mar dat dy no oplost is.

De trije astronauten keare werom nei deIerde, dêr't se yn 'e Feriene Steaten ashelden ynhelle enfêtearre wurde. Se ûndergeane inlichaamlik ûndersyk en krije it ferbod oplein om yn 'e earstfolgjende tsiendagenseksuele omgong te hawwen. Dat taargewaasje fan Gamble, dy't nei eigen sizzen al alvemoannen "drûch stiet". Ross negearret de ynstruksjes lykwols en hat dyseldichstejûns noch intrio mei twa froulju dy'tsusters faninoar binne. Beide froulju ûndergeane neitiid in gâns ferflugge foarm fanswierens, wêrby't se defoetus binnen tsien minuten oant in kertier foldrage. Dêrnei barste harren heal-bûtenierdskebern troch debúkwand hinne nei bûten ta. De beidememmen komme by dat proses om. Ross nimt syn beide nijesoannen mei en ferstoppet harren yn in âldewettermole. De oare deis kin er him fan it hiele barren neat mear tebinnenbringe, útsein itgefoel dat der wat freesliks bard is. Hy freget synheit, senator Judson Ross, om help om't er derfan oertsjûge is dat der wat mis mei him is, mar syn heit seit dat er him net sa oanstelle moat en freget him wannear't er no ris in fint wurdt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens wurdt itbloed dat Ross by syn lichaamlik ûndersyk ôfstien hat, ûndersocht trochdokter Orinsky, dy't der bûtenierdskesellen yn oantreft. It bloed ûntsnapt út itglêzenfleske dêr't it yn bewarre wurdt, en streamt nei in hoeke fan 'e keamer ta. As Orinsky it dêrhinne folget en besiket it oan te reitsjen, wurdt er deade troch Ross, dy't itlaboratoarium binnenglûpt is. Wannear't neitiid yn 'ewûne yn itstoflik omskot fan Orinsky bûtenierdskDNA oantroffen wurdt, rekket deûnmeilydsumekolonel Carter Burgess jr. yn it ûndersyk behelle. Hy hat it tafersjoch oer inmilitêr ûndersyksprojekt wêrby't inkloan ûntwikkele is fan 'e minsklik-bûtenierdskehybride Sil, dy't trije jier lyn foar safolle problemen soarge (sjoch:Species). De kloan, dy't Eve neamd is, wurdt ûndersocht en behannele trochbiologe dr. Laura Baker, dy't ek by de jacht op Sil belutsen wie, yn 'ehope dat der in stof fûn wurde kin dy't deadlik is foar it bûtenierdske DNA. It probleem is dat eltse stof persiis ien kear wurket foar't Eve derresistint tsjin wurdt.

Om't it bûtenierdske DNA út 'e wûne fan dr. Orinsky sterk liket op mar net identyk is oan it bûtenierdske DNA fan Sil en Eve, wurdt Laura troch Burgess twongen om op 'e nij gear te wurkjen meihierling Preston "Press" Lennox, in oarenien dy't trije jier lyn meidie oan 'e jacht op Sil. Laura en Lennox krigen neitiid inrelaasje dy't net ynfreonskip einige is. Lennox ûntdekt dat it lêstetillefoantsje fan Orinsky rjochte wie oan inpsychiatrysk sikehûs. It docht bliken datprofessor Herman Cromwell dêr behannele wurdt, in genialewittenskipper fan wa't Orinsky asstudint oan 'euniversiteit noch les hân hat. As se him omsykje, fertelt in alhiel netgeastlik steurde Cromwell dat er troch de Amerikaanskeoerheid yn in psychiatrysk sikehûs opburgen is om't er besocht hie de misje nei Mars tsjin te kearen. Hy hie nammentlik bewizen ûntdutsen foar syn teory dat Mars hûnderttûzenen jierren lyn in skoft bewenne waard troch inyntelligint ras fan bûtenierdske wêzens dat net fan Mars ôfkomstich wie mar ynstee út 'eGrutte Magelhaenske Wolk. Se feroaren Mars fan in libbene planeet yn in libbenleaze rots troch alle natuerlike helpboarnen út te putten. Cromwell wie bang dat der by de temperatueren op Mars, dy't djip ûnder itfriespunt lizze, noch bûtenierdsk DNA bewarre bleaun wêze soe. Syn ferset tsjin 'e misje nei Mars gie rjocht yn tsjin 'e wil fan it Amerikaanskemilitêr-yndustrieel kompleks, dat beslist Marskolonisearje woe as in soarte fan foarútskodelegerbasis yn 'eromte. Om him stil te krijen, waard Cromwell weiset as ien dy't net doogde en opsletten yn in psychiatrysk sikehûs.

Lennox bepraat Burgess dat de trije astronauten fan 'e misje nei Mars de wichtichstefertochten binne en kriget tastimming om harren op te pakken en oan in nij lichaamlik ûndersyk te ûnderwerpen. Ross is de haadfertochte, mar hy is net thús en kin net fûn wurde. Anne Sampas en harman Harry hawwe dy jûns, tsien dagen nei Anne har weromkear op 'e Ierde, foar it earst wer seks, wat liedt ta Anne har ferflugge swierens en iepenbarstende búk en Harry syn dea as er har helpe wol. Lennox en Laura arrivearje mei in spesjaalarrestaasjeteam krekt te let om Anne en har man te rêden en kinne inkeld de bûtenierdske poppe deadzje. Gamble is de iennichste fan 'e trije astronauten dy't oppakt wurde kin, mar as hy ûndersocht wurdt, docht bliken dat hy net mei it bûtenierdske DNA besmet is.

De rûge behanneling dy't him taparte is en de ûnwil fan Burgess en Lennox om syn fragen te beäntwurdzjen meitsje Gamble minder as behelpsum, en wannear't him frege wurdt oft er wit wêr't Patrick Ross úthinget, antwurdet er fan nee. Nei't er frijlitten is, riidt er lykwolslinea recta nei itbûten fan 'efamylje Ross yn 'ebosken fanFirginia. Dêr hat Ross krekt ûntdutsen dat er, troch de ôfrûne nacht seks mei har te hawwen, syn frou Melissa deade hat. Op 'eweranda fan it hûs docht erselsmoard troch himsels mei injachtgewear troch deholle tesjitten, in barren dêr't Gamble, dy't krekt tusken itstrewelleguod fan 'eopreed troch glûpt, tsjûge fan is. Hoewol't Patrick Ross op dat stuitferstjert, wegeret it bûtenierdske DNA om syn lichem op te jaan, dat it bout de fuortsketten boppeste helte fan syn holle yn in pear minuten tiid wer hielendal op. De no folslein bûtenierdske Ross jout him dêrnei ôf om syn nije soan, dy't út 'e búk fan syn frou Melissa barsten is, nei de wettermole te bringen, wylst in skokte Gamble útnaait sûnder syn oanwêzigens kenber te meitsjen.

Neitiid jout Gamble him by Lennox en Laura om harren te helpen. Hy fertelt harren dat er him net mear tebinnenbringe kin wat der yn dy sân minuten fan kommunikaasjeferlies yn 'e cockpit fan it romteskip bard is, mar dat er it gefoel hat dat it alderferskriklikst wie. Laura teorisearret dat hy oan besmetting mei it bûtenierdske DNA ûntkommen is om't erdrager is fansikkelselanemy, in minsklikesykte dêr't it bûtenierdske DNA net mei omgean kin. Laura beslút te risselwearjen om Ross teynfektearjen mei minsklike sykten, yn 'e hope dat soks troch de bûtenierdske ûnkwetsberens hinne brekke kin. Underwilens giet Ross troch mei it swiermeitsjen en dêrmei yndirektfermoardzjen fan froulju, ûnder wa instripper en ferskateprostituees. De resultearjende soannen bringt er hiderkear nei de wettermole, dy't sa stadichoan it oansjen fan in weeshûs kriget.

De yn Laura har laboratoarium isolearre Eve begjintfysiologyske tekens fanseksuele opwining te fertoanen eltse kear as Ross seks mei in frou hat. Burgess twingt Laura om in foar Evepynlike proseduere troch te fieren, dy't it sliepende meastepart fan har bûtenierdske DNA aktivearret. Dan docht bliken dat Eve intelepatyske bân mei Ross foarmje kin. Se helpt Laura om Lennox en Gamble op it spoar fan Ross te setten, dy't by insupermerk in jonge frou, Darlene, besiket teferkrêftsjen. Wannear't Ross him bewust wurdt fan 'e bân mei en dus it bestean fan Eve, ferliest er syn belangstelling foar Darlene en lit har gean. Hy ûntkomt oan Lennox en Gamble en ynfiltrearret Laura har laboratoarium om by Eve te kommen, mar as de fasiliteit troch itAmerikaanske Leger hermetysk ôfsletten wurdt, moat er útnaaie en ûntkomt er op 'e nij. By in besyk oan 'e wettermole, letter dy jûn, wurdt Ross opwachte troch syn heit de senator. Judson Ross, dy't ûnderwilens troch Burgess ynljochte is oer wat der geande is, besiket syn soan te rêden, om't er wol foar it ferstân hat dat Burgess-en-dy him deadzje sille as se him te pakken krije. Hy hat lykwols net foar it ferstân dat Patrick Ross al dea is en dat syn lichem no inkeld in húl is foar in bûtenierdsk wêzen. As er besiket en bepraat syn soan om him frijwillich opnimme te litten yn itakademysk sikehûs fan 'e ferneamdeJohns Hopkins Universiteit ynBaltimore, beart Ross dat ergûle moat. Syn heitkrúpt him oan en moat dat mei de dea bekeapje as Ross him delstekt.

Underwilens wegeret Eve nei har moeting mei Ross om Laura noch fierder te helpen. It docht bliken dat se troch it aktivearjen fan al har bûtenierdske DNAtyldriftich wurden is. Se ûntsnapt út it laboratoarium en bejout har, efterfolge troch Laura, Lennox en Gamble, streekrjocht nei de wettermole. Dêr helpt Ross ûnderwilens syn bûtenierdske bern om harsels teferpopjen. Wannear't se asfolwoeksen manlju wer foar 't ljocht komme, sille sy en Ross mei-inoar in nije, folle grutteregeneraasje bûtenierdske bern by minsklike froulju oansette, en sa fierder oant der safolle fan harren binne dat se minskheidútrûge hawwe.

As Eve by de wettermole oankomt, fine sy en Ross inoar. Se nimme allebeide in folslein bûtenierdsk lichemsstal oan en begjinne oan harrenpearing. Wilens berikke ek Laura, Lennox en Gamble de wettermole, dêr't se alle bern fan Ross deadzje wylst dy harsels noch oan it ferpopjen binne, troch se te ynfektearjen mei minsklike genetyske sykten. Lennox en Gamble ûnderbrekke de pearing fan Ross en Eve. Ross wurdt de oanfallers oermânsk en driget Lennox en Gamble te deadzjen, mar wannear't Laura Eve om help smeekt, keart Eve har tsjin Ross. De sterkere Ross deadet har, mar de ôflieding dy't Eve fersoarge hat, jout Lennox de tiid om ingripe te pakken, dy't er Gamble yn 'eboppeskonk stekt. Wannear't er de mei Gamble syn bloed besmodzgetinen dêrnei djip Ross yn 'e hûd stekt, falt dyselde derhinne en bestjert er it oan 'e sikkelselanemy yn it bloed.

Yn 'e neisleep fan 'e konfrontaasje arrivearret kolonel Burgess, dy't deferwûne Gamble yn inhelikopter nei itsikehûs fleane lit, wylst Laura en Lennox ôffierd wurde om ferslach te dwaan. It stoflik omskot fan Eve, dat yn 'e dea wer in minsklike foarm oannommen hat, wurdt yn inambulânse pleatst om nei itmortuarium brocht te wurden. Wannear't de ambulânse ôfset, begjint efteryn Eve har búk op te setten, wat derop wiist dat se har pearing mei Ross dochs foltôge hat en swier rekke is. Njonken har lyk sjocht de jongste fan Ross syn soannen ta, dy't noch net oan syn ferpopping begûn wie.

Rolferdieling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Marg Helgenberger.
Michael Madsen.
Natasha Henstridge.
haadrollen
personaazje                          akteur/aktrise
dr. Laura BakerMarg Helgenberger
Preston "Press" LennoxMichael Madsen
astronaut Patrick RossJustin Lazard


byrollen
personaazjeakteur/aktrise
EveNatasha Henstridge
astronaut Dennis GambleMykelti Williamson
kolonel Carter Burgess jr.George Dzundza
senator Judson RossJames Cromwell
astronaute Anne SampasMyriam Cyr
Melissa RossSarah Wynter
dr. OrinskyBaxter Harris
prof. Herman CromwellPeter Boyle
DarleneKim Adams
Gamble syn freondinneSondra Williamson
motelresepsjonist ynrolstoelIrv Ziff
Harry SampasScott Morgan
Mary, frou yn LincolnsuiteNancy La Scala
Mary harsuster LucyRaquel Gardner
Pentagon-ofsier #1Henderson Forsythe
Pentagon-ofsier #2Robert Hogan
Pentagon-ofsier #3Ted Sutton
prostitueeTracy Metro
stripperFelicia Deel
tsjeppeferpleechsterEvelyn Ebo
presidint fan 'e Feriene SteatenRichard Belzer(cameo)
biologe #1Gwen Briley-Strand
biologe #2Valerie Karasek
biologe #3Jane Beard
Patrick Ross asbûtenierdsk wêzenVincent Hammond
Eve as bûtenierdsk wêzenMonica Staggs

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Produksje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Species II waardregissearre trochPeter Medak nei insenario fanChris Brancato op basis fan 'epersonaazjes dy't trochDennis Feldman betocht wiene foar deoarspronklike film út1995. Asprodusint wieFrank Mancuso jr. by it projekt belutsen foar defilmstudio'sMetro-Goldwyn-Mayer (MGM) enFGM Entertainment. Brancato sloech yn in earstepetear meiGreg Foster fan MGM foar om it ferhaal fan 'e earste film min ofte mear oer te dwaan, mar diskear mei twa bûtenierdske froulju. Foster joech dêr syn goedkarring oan, mar doe't Brancato letter oerlei mei Mancuso, dy't ek de oarspronklike film produsearre hie, frege er tastimming om it nije ferhaal út in oare hoeke benei te kommen, "sadat we gjin wurchsume werhelling fan it orizjineel krije, sa'tferfolchfilms sa faak binne." Deopnamen foarSpecies II fûnen plak yn1997. Foar de film wie inbudget beskikber fan$35 miljoen. Dekamerarezjy wie yn 'e hannen fanMatthew F. Leonetti, en defilmmuzyk waard fersoarge trochEdward Shearmur.

Distribúsje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Dedistribúsje fanSpecies II waard fersoarge trochMetro-Goldwyn-Mayer. De film gie op10 april1998 yn 'eAmerikaanskebioskopen ynpremiêre. It byhearrendesoundtrackalbum ferskynde op14 april1998 byplatemaatskippijIntrada Records.

Untfangst

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fan 'efilmkritisy krigeSpecies II oer it algemien negativeresinsjes. Sa kwalifisearreJoe Leydon fan ittydskriftVariety de film as "in healbakken werhelling". Wol hied er lof foar despecial effects en detechnyske aspekten, mar hy fûn dat dy net opweagen tsjin 'e "ynherinte suterigens" fan 'e film. De foaroansteandeynternetfilmkritikusJames Berardinelli omskreauSpecies II as "freeslik", mar foege dêroan ta: "der sit genôch bluodderigens, simulearreseks enneaken fleis yn om foar te kommen dat it ea saai wurdt."

Op 'ewebsideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hatSpecies II in tige leech goedkarringspersintaazje fan 9%, basearre op 33 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't de film knoffelich eksploitatyf is en sloarderich yninoar set, slagget itSpecies II net om oer de dochs frijwat lege latte hinne te kommen dy't trochsyn foargonger fêststeld is." OpMetacritic, de wichtichstekonkurrint fan Rotten Tomatoes, behelletSpecies II in goedkarringspersintaazje fan 19%, basearre op 13 resinsjes.

Resultaat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Species II brocht yn 'ebioskopen yn 'eFeriene Steaten enKanada$19,2 miljoen op, en yn alle oarelannen en territoaria $7,6 miljoen. Wrâldwiid kaam deopbringst dêrmei út op $26,8 miljoen. Ofset tsjin itbudget fan $35 miljoen betsjut dat inferlies fan $8,2 miljoen, dêr't demarketingkosten noch by opteld wurde moatte. Nettsjinsteande dat waarden neitiid noch twa oare ferfolchfilms makke:Species III (2004) enSpecies: The Awakening (2007). Dat wiene lykwols allebeidetillefyzjefilms dy't produsearre waarden troch en foar it AmerikaansketillefyzjekanaalSyfy. FanSpecies II waard ek inferboeking makke, dy't skreaun waard trochYvonne Navarro.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Species (filmsearje)
Species (1995) •Species II (1998) •Species III (2004) •Species: The Awakening (2007)
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Species_II&oldid=1137015"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp