Insouder is de boppesteferdjipping fan ingebou, direkt ûnder itdak. Meastal giet it dêrby om gebouwen mei in skean dak (lykas insealdak, inwolfsdak, inskylddak of inpuntdak). Sadwaande hawwe de measte souders teminsten twa wanden dy't skean omheech rinne en yn 'e midden byinoar komme. Fan gefolgen kin men net op 'e hiele souder rjochtop stean of rinne. Hat de boppeste ferdjipping fan in gebou alhiel gjin skeane wanden, dan mist it ien fan 'e wichtichste karakteristike fan in souder en wurdt it meastal ek net sa neamd. Oan 'e oare kant wurde bymoles entuorren ek de legere ferdjippings oantsjut as souders.
It wurd 'souder' komt oarspronklik fan itLatynskesolarium. De oantsjutting 'souder' (of soudering) wurdt ek wol brûkt foar itplafon fan legere ferdjippings, al wurdt dêrby yn itFrysk ta ûnderskie fan 'e wiere souder faak de oantsjutting 'keamer-' ta foege: de keamerssouder. De reden dêrfoar is wierskynlik dat de meastehuzen foarhinne út mar twa ferdjippings bestiene, en dat it plafond fan 'e ûnderferdjipping dêrom de ûnderkant fan 'e souder wie.
Souders wurde faak brûkt foar de opslach fan guod dat men net fuort dwaan wol, mar dêr't men likemin (faak) ferlet fan hat. Ek wurdt it gauris brûkt as in plak om 'ewask op te hingjen om te drûgjen. Fierders is yn in protte wenten decv-tsjettel op 'e souder ynstallearre. Likegoed komt it foar dat in souder brûkt wurdt as ekstrasliepkeamer (faak foar wat âlderebern) of asstudearromte. As in souder sa grut is dat der ien of mearkeamers yn ôftimmere wurde kinne, dan wurde sokkefertrekkensouderkeamers neamd.