Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Soekarno

Ut Wikipedy
Soekarno.

Soekarno (ofSukarno) (Soerabaja6 juny1901Djakarta,21 juny1970) wie inYndonezysk steatsman en de earstepresidint fan de nijeRepublykYndoneezje. Nei deJavaanske wizânsje hie hy mar ien namme. De foarnamme "Achmed", dy't wol tafoege wurdt, is in folslein fiktyf betinksel fan inBritskesjoernalist, dy't ornearre dat de Britske krantlêzers yn betizing reitsje soene fan immen dy't mar ien namme hie. Yn Yndoneezje waard Soekarno meastentiidsBung Karno neamd (faak tegearre meiMohammad Hatta, dy'tBung Hatta neamd waard).

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Soekarno waard berne yn Soerabaja en wie al op jonge leeftyd aktyf yn de nasjonale beweging. Hy slute him oan by it ferset tsjin de Nederlânske oerhearsking fan it doe nochNederlânsk-Ynje, dêr't er in hieltiten prominintere rôle yn spile oant hy lieder fan it ferset wurden wie. Troch him waard yn1927 de "Partai Nasionalis Indonesia" stiften. Fan 1929 oant 1932 ferbleau er yn de finzenis en fan 1933 oant 1942 yn ballingskip, dêr't er troch de Jappaners út befrije waard. Alhoewol't hy net fel anty-Nederlânsk wie, wie hy wol oertsjûge pro-Aziatysk. Om dy reden wurke er yn deTwadde Wrâldkriich mei deJapanners gear, dat him nei de oarloch op it ferwyt kaam te stean dat er in kollaborateur wie.

Nei de Japanske kapitulaasje rôp Soekarno op17 augustus1945 deRepublyk Yndoneezje út, dêr't er de earste presidint fan waard. Yn1948 tidens depolisjonele aksjes waard er troch de Nederlanners arrestearre, mar ûnder druk fan de Feiligensried fan deFeriene Naasjes frijlitten. Nei de soevereiniteitsoerdracht yn desimber1949 waard er presidint fan Yndoneezje en soe dat amt oant1967 beklaaie.

Under syn regear wienen der spannings tuskenkommunisten enmoslims. Om de oanhâldende binnenlânske swierrichheden better ûnder kontrôle te krijen, wende er him hieltyd mear ta it leger. Fierders fierde Soekarno in sterke nasjonalistyske polityk om alle ferskate folken fan Yndoneezje oan 'e leie te hâlden. Fan1959 ôf kaam Yndoneezje yn diktatoriaal farwetter en lit er him yn1963 ta presidint foar it libben beneamen. Mei buorlânMaleizje, dat er derfan beskuldige de islamityske krêften yn syn lân te ûnderstipen, kaam it sawat ta in kriich.

Yn1965 ferlit Yndoneezje de Feriene Naasjes en datselde jier komt it ta grutte rebûljes dêr't hûnderttûzenen minsken by om it libben komme. De kommunisten ferlieze de slach en Soekarno syn posysje komt yn gefaar. Yn 'e maaitiid fan1966 wurdt er twongen om de macht oer te dragen oan generaalSoeharto en yn1967 rekke er syn foegens as presidint kwyt. Troch it nij regear wurdt er ûnder húsarrest set, dat oant syn dea yn1970 yn stân hâlden wurdt.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Soekarno&oldid=948955"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp