Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Soefisme

Ut Wikipedy
dânsjende derwisjen

Itsoefisme is inmystyke streaming yn deislam. Ien dy't it soefisme oan hinget wurdt insoefy neamd. Hja foarmje mystike bruorskippen, dêr't dederwisjen begjinnelingen binne op it soefypaad. Yn it soefisme binne tsientallen skoallen,tarikat neamd. Guons dêrfan binne ynternasjonaal, oaren allinnich lokaal aktyf. It wurd Soefy komt fansoef, watwol yn itArabysk betsjut. Foarhinne droegen de soefys altyd wol en libben sober.

It leauwen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Soefisten leauwen dat dekoran en de folsleine regels fan desjaria uterlike regels binne en dat in ferskaat oan ferdjippings dêryn fûn wurde kin. Sy brûke wol it symboal fan inroas om dat út te byldzjen. De toarnen fan de roas, dy't de roas beskerming jouwe, symbolisearren dêrby de dissipline fan de regels fan de sjaria. De stamme fan de roas symbolisearret it ynderlike paad (tarika). De blêden fan de roas stiene symboal foar it ûnderfinen fan de ynderlike kennis fanGod. Derook fan de roas stiet foar it ûnderfinen fan de werklikheid sa as dizze is.

Neffens guon soefys hawwe ortodokse moslims de kearn fan de Islam bedobbe ûnder alderlei om politike redens betochte en oerdreaune ferhalen, dy't letter in hillige status krigen hawwe.

Troch de iuwen hinne hawwe soefys yn de islam oer it algemien in soarte gedoochstatus hân. Hjirmei wienen sy better ôf as harren kristlike gelikensen, degnostisy. Mar dat hat lykwols net altiten sa west en ek tsjintwurdich binne der soefys dy't troch radikalewahabiten bestriden wurde. Op dit stuit hawwe soefys it swier te ferduorjen ynIran.

In bekende soefy is ûnder oareTjelal ed-Din Rûmy út de13e iuw.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Soefisme&oldid=778604"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp