DeSnitser Mar leit east fanSnits. Demar leit yn fjouwer gemeenten, en dêrmei yn elts fan deFryske Fearnen. It grutste part leit ynDe Fryske Marren, ynSânwâlden, de noardeastkant leit ynDe Fryske Marren, ynEastergoa. In tipke yn it suden heart taSúdwest-Fryslân, ynWestergoa, en de westkant is part fanSnits, ien fan deAlve Stêden.
Troch de Snitser Mar rint itPrinses Margrietkanaal. DeTerhernster Slûzen jouwe tagong ta deTerhernster Mar nei it noarden. ItKrúswetter is de tagong ta deModderige Geau yn it suden. Fia it Krúswetter ferbynt deHoukesleat de mar meiSnits.
Krekt eastlik fan de mar lizze noch mear marren, dy't somtiden ek ta de Snitser Mar rekkene wurde: deSâltpoel is fia itHearregat ferbûn mei de mar en deGoaiïngarypster Puollen fia deSibesleat. De Sâltpoel is fia itHearresyl wer ferbûn mei deTerkaplester enTerhernster Puollen. Meiïnoar foarmje dizze marren it drokstewettersportgebiet fan Fryslân.
Oan de westkant lizze trije eilantsjes, de Roospôlen. Yn it súdwesten leit in lang eilân, de Sweagen, troch Houkesleat en Krúswetter los fan de ouwer en troch deKolmar los fan it Grutskar.Noardlik fan de Sweagen leit deRoekepôle.
Healwei, eastlik fan de mar, leit in pier dy't de slûzen beskermje moat foar hege weachslach by hurde wyn. Op dat plak is ek in kamping festige en stiet in paviljoen.
De mar is yn deMidsiuwen ûntstien trochûntginning fan it fean. Troch de Snitser Mar rint in sânrêch dy't bekend stiet as deGravinnewei. It is in brede ûndjipte fan hurd brúnread sân en rint fanJongebuorren neiOffenwier. Yn eardere tiden waard by in lege wetterstân dizze sânrêch brûkt om troch de Snitser Mar te wâdzjen.
Njonken foar it wettertoerisme wurdt de Snitser Mar brûkt foar hurdsilerij. Der wurdt hjir in rige fan losse wedstriden ferfarre, en ek wurde op de mar wedstriden fan itSKSskûtsjesilen hâlden. Mar it wichtichste evenemint op dit wetter is deSnitswike.