Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Snits

Ut Wikipedy
Snits
De Wetterpoarte
De Wetterpoarte
Emblemen
               
Bestjoer
LânNederlân
ProvinsjeFryslân
GemeenteSúdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal35.020(1 jannewaris2023)[1]
Oar
FerkearsierenE22A7N354RING
Spoar fan Ljouwert nei Starum
Postkoade8900 - 8939
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 2′ NB, 5° 40′ EL
Grutte of Martinytsjerke mei klokketoer
Grutte of Martinytsjerke mei klokketoer
Stedhûs fan Snits
Stedhûs fan Snits
Offisjele webside
Webstee Snits
Kaart
Snits (Fryslân)
Snits
Kaart
De Wetterpoarte
Kaart fan Snits (2014)
Dizze side giet oerde stêd Snits. Foar de eardere gemeente, sjoch:Snits (gemeente).

Snits is instêd yn itnoardeasten fan degemeenteSúdwest-Fryslân. Mei 35.020 ynwenners is it it grutste plak fan dy gemeente en hat it in sintrumfunksje foar deSúdwesthoeke fan 'eprovinsjeFryslân. Snits leit tichteby deSnitser Mar en is ûnder mear bekend om syn âldebinnenstêd mei deSnitser Wetterpoarte. As ien fan de alveFryske stêden ynWesterlauwersk Fryslân is Snits ek ûnderdiel fan deAlvestêdetocht. Dêrneist is de stêd bekend om dewettersport en deSnitswike. Yn 'eSaksetiid wie Snits fanaugustus1498 oant en meimaart1500 dehaadstêd fan 'eHearlikheid Fryslân.[2] Oant2011 wie Snits inselsstannige gemeente.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideSkiednis fan Snits.
Snits op in kaart fanBlaeu út 1652

Snits is ûntstien dêr't de farwei (yn âlde dokumintenMagna Fossa,Grut Kanaal, neamd) nei it noarden de súdlike dyk fan deHimpolder Skerhim krúst. De farwei nei it noarden (Geau,Snitser Aldfeart) wie needsaak wurden omdat deMiddelsee troch tichtslykjen ferlern gien wie. De âldehimdyk komt Snits oan de westkant binnen as Himdyk, wurdt dêrnei de Alde Dyk en rint dan fierder as de Wide en Nauwe Noarderhoarnes. Dan is er part fan deMerkstrjitte en ferfolget er syn wei as Piperstrjitte en Nauwe en Wide Boarchstrjitten, en is dêrnei de basis fan de drokke winkelstrjitte de Easterdyk. Hy giet fierder as de Ljouwerter Dyk, om op 't lêst asGriene Dyk, de polderdyk fan de Raerderhim, Snits te ferlitten.

Snits hat sûnt13e iuwstedsrjochten, wat Snits ien fan de Fryske Alve Stêden, mar om't it dêr letter gjin dokuminten foar bybringe koe, hat it yn de 16e iuw nije stedsrjochten oanfrege en krigen. Yn1456 naam Snits in offisjeelstedsboek oan, dêr't it rjocht yn 'e stêd mei regele waard. Dat wie ek it begjin fan in bloeiperioade as hannelsstêd dy't oant likernôch1550 ta duorje soe. Yn1492 waard mei de oanlis fan in nije stedsgrêft en stedswâl begûn. Yn de tiid fanKarel V waard dêr in stedsmuorre op oanlein. Nei dy tiid wie Snits de iennichste ommuorre stêd fan Fryslân. Fan de âldefêstingwurken binne no allinnich noch de Wetterpoarte en in lyts stikje bolwurk oer.

Mei itferdrach fan Snits fan30 april1498 erkendeWestergoa it gesach fanAlbrecht fan Saksen. Dêrmei komt der in ein oan deFryske frijheid en begjint deSaksetiid yn Fryslân. Snits waard yn augustus 1498 op oanstean fanWilwolt fan Schaumberch de nije haadstêd fan it gewest Fryslân. De stêd Ljouwert wie op dat stuit yn hannen fan de Fetkeapers en soe pas yn it belis fan Ljouwert fan septimber en oktober 1498 ûnderhearrich makke wurde oanAlbrecht fan Saksen. Yn maart 1500 rekket Snits syn status as haadstêd fan Fryslân kwyt en wurdt Ljouwert de nije haadstêd.

Oan 'e ein fan 'eTwadde Wrâldoarloch ferdwûn deJoadske mienskip fan Snits út 'e stêd. De binnenstêd fan Snits is sûnt1991 inbeskerme stedsgesicht, de stasjonsbuert sûnt2007.

Polityk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Snits is sûnt1 jannewaris2011 part fan de gemeenteSúdwest-Fryslân. Dêrfoar wie Snits ithaadplak fan de gemeenteSnits.

Partnerstêd Kurobe

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sûnt10 septimber1970 is deJapanske stêdKurobe departnerstêd fan Snits. Doetiidske boargemaster L. Rasterhoff, brocht op dat stuit in besyk oan Kurobe en waard ta eareboarger beneamd. Boargemaster Hatsuo Terade fan Kurobe brocht yn1972 in tsjinbesyk oan Snits. Yn2000 besochten delegaasjes fan beide stêden elkoars stêd opnij. De Japanners ûntbleaten yn Snits in keunstwurk; de Snitsers waarden ferblide mei de ûntbleating fan inSnitsplein yn Kurobe.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De stêd leit tichteby deSnitser Mar en itPrinses Margrietkanaal en is dêrmei troch deHoukesleat ferbûn. MeiDe Geau is Snits meiDrylts ferbûn. De binnenstêd leit foar in part op interp. De doarpenToppenhuzen,Twellingea,Offenwier,Skearnegoutum enYsbrechtum lizze om Snits hinne, mar binne hast oan de stêd fêstgroeid en foarmje mei-inoar in lyts stedsk gebiet.

Stedsyndieling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideWiken en buerten yn Snits.

De stêd Snits bestiet út 25 wiken dy't wer opdield binne yn buerten. De âldebinnenstêd fan Snits leit binnen destedsgrêften. Yn de lette njoggentjinde iuw en de tweintichste iuw wreide Snits him bûten de stedsgrêften út. De wiken binnenstêd en deStasjonsbuert binnebeskerme stedsgesichten. De nijste wyk,Harinxmalân wurdt sûnt 2010 yn twa fazen boud. Fierders hat Snits ferskate bedriuweterreinen:It Ges,De Himmen enHoukesleat.

Ekonomy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Tonnemafabryk
Satelytfoto mei de stêden Snits en Drylts.
De Stedsgrêft by it Lytssân yn Snits
Bolwurk

De bekende kleanwinkelkeatlingC&A begûn yn1861 mei in winkel yn Snits.It sûkerwurkfabrykTonnema makketpipermunt ûnder de nammeKING. Dy namme hat, offisjeel, neat mei it Ingelske wurd foar kening te krijen: It is in ôfkoarting dy't stiet foar 'Kwaliteit In Niets Geëvenaard'. Snits hat fierder stielyndustry, masinebouw, in tou- en trossefabryk (Lankhorst), en sûnt1964 in fêstiging fan deritsslutingprodusintYoshida YKK útKurobe. Dat wie de earsteJapanske fabryk in Nederlân, en it wie de earste Europeeske festiging fan YKK. EkMitsui Sekka, in Japanske fabrikant fankeunsttriedden, hat in fabryk yn Snits. Defeemerk fan Snits, dy't al fan 'eMidsiuwen ôf bestie, waard yn1992 opheft.

Ferkear

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Snits leit oan degongweiA7 fanGrins neiNoard-Hollân. De A7, as N7 yn it part bylâns Snits foarmet in part fan deRing Snits. Ek de N354 fanDe Lemmer neiLjouwert foarmet in part fan de Ringwei. De A7/N7 is part fan deE22.

Trein

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fierders hat Snits twa treinstasjons - (Snits enSnits Noard) - oan itspoar fan Ljouwert nei Starum. Der wurdt praat oer it bouwen fan in tredde spoarstasjon yn Snits, itStasjon Snits Harinxmalân yn de nije wykharinxmalân.

Bus

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

ItBusstasjon Snits leit njonken it Stasjon Snits en is in mulpunt fan busferfier yn it súdwesten fan Fryslân.

De buslinen troch Snits wurde fersoarge trochQbuzz. De folgjende linen ride troch Snits:

Wetterwegen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boppedat leit Snits oan wetterwegen, ûnder mear deHoukesleat dy't de stêd ferbynt mei de Snitser Mar en itPrinses Margrietkanaal. Yn2003 is itHoukesleat Akwadukt klear komd sadat Snits doe in folsleine rûnwei krige. Yn 2008 binne deGeaubrêgen, yn de súdlike rûnwei, ferfongen troch itGeau-akwadukt.

Ferdivedaasje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Snits is in bekend wettersportsintrum mei sa'n 130 wettersportbedriuwen en 13 jachthavens. Teffens hat it in monumintaal sintrum mei âlde hearehuzen. Yn Snits wurdt in eigendialekt sprutsen, itSnitsersk, dat heart ta deStedske dialekten.

Kultureel Kertier

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn2010-2012 is yn Snits in Kultureel Kertier gearstald. De gemeente Snits hie plannen ûntwikkele om fan de Westersingel en it Noarderkertier it sintrum fan kultureel te meitsjen. It plan, dêr't de kosten fan rûsd waarden op 25 miljoen euro, hold yn:

  • it ûnderbringen fan in teäter en in part fan it hjoeddeiske Sintrum foar de Keunsten (SfdK) yn de eardere Noardertsjerke;
  • it ûnderbringen fan oare parten fan it SfdK yn It Bolwurk, yn eardere skoalgebouwen dêrneist en yn it Van Loohûs;
  • nijbou foar in teäter mei in kapasiteit fan 600 sitplakken op it stee fan it doetiidske TPG-gebou.

It plan is útfierd troch al dy gebouwen binnen de stedsgrêft ta ien nei gebouAtrium gear te foegjen. Om ek it nije teäter hjirmei te ferbinen waard tocht om de ouwers fan de Westersingel en de Tsjerkegrêft mei in rinbrêge te ferbinen en in driuwend poadium yn de grêft te lizzen. Dy plannen binne lykwols net útfierd.

DeMartinitsjerke is part fan it Kultureel Kertier yn dy sin dat it kulturele gebrûk fan de romte troch de deselde organisaasje dien wurdt. De Iepenbiere Bibleteek is allinnich in oare kulturele ynstelling yn itselde gebiet, mar hat gjin organisatoaryske bannen.

Bouwurken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideList fan ryksmonuminten yn Snits.
De Wikipedy hat ek in sideList fan gemeentlike monuminten yn Snits.
It Krúsrak yn de Ring Snits

DeSnitser Wetterpoarte út1613 is it symboal fan de stêd Snits. Ferskate ferienings, stiftings as bedriuwen brûke de wetterpoarte as logo of ferwize yn harren namme nei de wetterpoarte. Om it jier 1550 hinne waard in begjin makke mei itstedshûs fan Snits. Yn de 18e iuw krige it stedshûs in renovaasje. By de renovaasjes krige it gebou in gevel ynrokokostyl. DeMartinitsjerke út1498 hat in kariljon mei 50 klokken. Foar 1681 hie de Martinitsjerke twa tuorren en in ruterke; hjoed-de-dei hat de tsjerke allinnich in koepeltsje. DeSint-Martinustsjerke is in let-njoggentjinde-iuwskeCuyperstsjerke mei in Maarschalkerweerd-oargel.

Tsjerken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Eveneminten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Houkesleat by deSnitswike

Op12 novimber2005 wie de lanlike yntocht fanSinteklaas yn Snits. By de Wetterpoarte leiPakjesboat 12 foar de wâl.

Musea

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Frysk Skipfeart Museum

Bioskoop

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
CineSneek

Poadia

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Muzykkorpsen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Sulveren Krystbal

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideSulveren Krystbal.

De kultuerpriis fan Snits hjit De Sulveren Krystbal. De ûnderskieding wurdt alle jierren útrikt oan immen dy't him op it mêd fan muzyk en kultuer foar Snits en omkriten ynset hat. Winners wienen ûnder oaren:

Underwiis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Bogerman-Kolleezje

In Snits binne tsien basisskoallen en trije middelbere skoallen. De basisskoallen binne:

  • Thomas fan Akwino
  • De Wyken
  • De Aldfeart
  • Bonifatiusskoalle
  • Swetteskoalle
  • Simon Havingaskoalle
  • De Fjoerflinter (fúzje tuskenDe Standerd en deJan van Nassauskoalle)
  • Julianaskoalle
  • Johannes Postskoalle
  • It Harspit
  • De Trijemêster

De trije middelbere skoallen binne:

Sûnenssoarch

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Antonius Sikehûs

Sport

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ynwenners

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ynwennertal

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Befolkingsûntjouwing fan Snits[3][4]
Jier179618501875190019201931194119501960197019801990200020102018
Ynwennertal4.8937.8869.57911.69613.64714.73717.09219.46321.06627.12928.51929.28232.13733.26033.135

Bekende Snitsers

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
sjoch ek

Ferskaat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Strjitten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Literatuer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch:Kerncijfers wijken en buurten 2021 (CBS).
  2. De Sneeker munt, ArGeos
  3. dr. J.A. Faber -Drie eeuwen Friesland. Economische en sociale ontwikkelingen van 1500 tot 1800, (Ljouwert, de Tille, 1973)
  4. De provinciale Friesche Almanak
53° 2′ NB, 5° 40′ EL
Alve Stêden fan deprovinsje Fryslân

Boalsert ·Dokkum ·Drylts ·Frjentsjer ·Harns ·Hylpen ·Ljouwert ·Sleat ·Snits ·Starum ·Warkum

wizigje
Wiken en buerten yn de stêd Snits
Wiken:
AldfeartBeammebuertBinnenstêdDe DompIt EilânDúnterpenIt GesHarinxmalânHimdykDe HimmenHoukesleatLemsterwei-EastLemsterwei-WestLjouwerterdykDe LottenNoardeasthoekNoarderhoek INoarderhoek IIPasfearPoarte fan SnitsSperkhimStasjonsbuertStedsfinneSwetteplanTinga
Buerten:
MaltaSpitaalTúndoarp
· ·Berjocht bewurkje
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Snits&oldid=1182423"
Kategoryen:
Ferburgen kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp