Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Sneuveljen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanSneuvelet)
SneuveleAllieardesoldaten byDieppe,augustus1942.

Itsneuveljen of itfallen yn 'e striid,fallen op it slachfjild, ensfh., is itferstjerren fan inpersoan as gefolch fan ynterpersoanlikgeweld yn it ramt fan inoarlochssitewaasje. Immen dy't sneuvele is, wurdt insneuvelde offallene neamd. Sokken binne faak leden fan 'estriidkrêften, mar ekboargers kinne yn in oarloch sneuvelje.

YnIngelsktaligelannen sprekt men foarmilitêren dy't sneuvele binne fankilled in action, letterlik "deade yn aksje", of frij fertaald "omkommen op it slachfjild". Dizze term wurdt faakôfkoarte ta KIA. Troch de militêre gearwurking yn 'eNATO, dêr't it Ingelsk de fiertaal is, binne dy termen sûnt de1980-er jierren ek it militêrejargon fan 'e striidkrêften fan net-Ingelsktalige lannen (lykasNederlân) binnenkrongen. In oanbesibbe term isdied of wounds (DOW), letterlik: "stoarn oan wûnen", wêrmei't ferwiisd wurdt nei immen dy't in militêre konfrontaasje oerlibbe hat mar letter oan 'e oprûneferwûningsferstoarn is. De NATO brûkt dêrfoar de ôfkoarting DWRIA, dat stiet foardied of wounds received in action: "stoarn oan wûnen oprûn op it slachfjild".

De fallenen, alteast dejingen dy't yn resinte oarloggen sneuvele binne, wurde faak betocht by plechtigebetinkings, lykas deDeadebetinking, elts jier op4 maaie, as ynNederlân dejingen betocht wurde dy't sneuvele binne yn 'eTwadde Wrâldoarloch en alle militêre konflikten dêr't Nederlân nei1945 oan dielnommen hat. In soad lannen hawwe fierders inGrêf fan de Unbekende Soldaat, dêr't bûtenlânskesteatshaden enregearingslieders bysteatsbesiken inroukrâns lizze kinne ta oantins oan 'e sneuvelden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Sneuveljen&oldid=939204"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp