Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Smolensk

Ut Wikipedy
Smolensk

Смоленск

Maria-Himelfeartkatedraal yn Smolensk
Maria-Himelfeartkatedraal yn Smolensk
Bestjoer
Lânflagge fan RuslânRuslân
OblastSmolensk
Sifers
Ynwennertal320.170(2021)
Oerflak166,35 km²
Befolkingsticht.1.924 ynw. / km²
Hichtemaks. 242 m
Oar
Stifting862
TiidsôneMSK (UTC+3)
SimmertiidUTC+4
Koördinaten54° 47' N 32° 3' E
Offisjele webside
(ru)www.admcity.smolensk.ru

Smolensk (Russysk: Смоленск, útsprekke as[smʌˈlʲensk]?;Wyt-Russysk: Смаленск,Smalensk;Poalsk: Smoleńsk) is in stêd yn it westen fanRuslân (360 km súdwest fanMoskou) en leit oan de rivierDnjepr. It is it bestjoerlik sintrum fan deSmolensk. De stêd is ferneamd nei de rivier deSmolnja, mar de oarsprong fan dy namme is net sa dúdlik. De namme soe ûntstien wêze kinne útsmola dattarre ofhars betsjut. Yn de kontreien groeie in protte dinnen (Pinus), dêrom wie it fanâlds in wichtich ferwurkingssintrum fanhars. In alternative ferklearring soe itSlavyske wurdsmol wêze kinne, dat 'swarte grûn' betsjut.

Ekonomysk fan belang foar Smolensk binne elektronika, tekstylyndustry, fiedselferwurking, diamantslypjen en masinebou foar de agraryske sektor.

Debeskermhillige fan de stêd is de hilligeAbraham fan Smolensk.

Nije skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Troch syn strategyske lizzing hat Smolensk faak it toaniel fan fûle fjildslaggen west. Yn 1812 kaamNapoleon by Smolensk oan, dêr't de(Earste) Slach by Smolensk syn beslach krige, dy't wûn waard troch de Frânsken. Dy slach is letter trochLeo Tolstoj yn syn roman 'Oarloch en frede' beskreaun. Likernôch 20.000 man sneuvelen.

Nei deRussyske Revolúsje kaam Smolensk oanWyt-Ruslân. Op 1 jannewaris 1919 waard de sovjet-republyk Wyt-Ruslân útroppen yn Smolensk. Letter waard Smolensk oan de sovjetrepublyk fan deRussyske Federaasje tawiisd.

Under deTwadde Wrâldkriich wie Smolensk yn1941 wer it toaniel fan in grutte fjildslach. Meidat de stêd yn dizzeTwadde Slach by Smolensk sa lang hoekhâlde, koenen de Russen de ferdigeningslinys omMoskou hinne op oarder bringe. Foar de ferdediging fan de stêd, dêr't 93% fan de stêd by ferwoastge waard en it orzjinele ikoan (taskreaun oanLukas) ferlern gie, waard Smolensk yn 1985 de status fanheldestêd takend.

Op 10 april 2010 stoarte by it militêr fleanfjild fan Smolensk in Poalsk regearingsfleanmasine del. Alle ynsittenden, ûnder oaren de Poalske presidintLech Kaczyński, ferlearen it libben. De Poalske regearingsdelegaasje hie yn de omkriten fan Smolensk de betinking fan itbloedbad fan Katyn bywenje sillen.

  • Smolensk yn 1912
    Smolensk yn 1912
  • Stasjon fan Smolensk yn 2005
    Stasjon fan Smolensk yn 2005
  • Earnmonumint, betinking 100 jier oerwnning op Napoleon
    Earnmonumint, betinking 100 jier oerwnning op Napoleon

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Untjouwing ynwennertal Smolensk (1897-2005)
Jier189718991926193919591970197520052021
Befolking46.90056.40079.000157.000147.000211.000250.000316.500320.170

Bekende minsken út Smolensk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De duvelskleau yn Smolensk
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Smolensk&oldid=1103701"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp