Richard Walters, artystenammeSlick Rick, ekMC Ricky D enThe Ruler, (Londen,14 jannewaris1965), is inGrammy-nominearreBritsk-AmerikaanskeOld-school hip-hoprapper.
Slick Rick wenne oarspronlik ynSúd-Wimbledon,Londen,Ingelân, mar ferhuze yn1975 mei syn húshâlding neiThe Bronx yn (New York), dêr't erDana Dane moete, mei wa't er letter it tige slaggehiphop-duoKangol Crew foarme. Ricks karakteristike 'eyepatch' (eachlape, lykas by piraten) brûkt er sûnt er as bern by in ûngemak troch brutsen glês in each kwytrekke. Hy is ek bekend om it dragen fan protte enoarme gouden sieraden en diamanten juwielen en in djoere gouden tosk.
Yn1990 skeat Slick Rick in man en syn neef, dy't er ynhierd hie asbodyguard, del. Rick waard oanklage foar it twaris besykjen fan moard en yllegaal wapenbesit. Hy waard feroardiele ta 18 jier finzenis (somtiids krige er in pear oeren frij om in konsert te jaan). Russel Simons, haad fanDef Jam Recordings besocht him frij te keapjen. mar dat smiet allinne fiif jier straffermindering op.
Neidat er frijkaam yn2008 wennet er wer yn syn filla ynFeriene Steaten. Hy jout noch hieltyd konserten, ek yn it bûtenlân, mar is it meast aktyf yn de FS.