Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Slasherfilm

Ut Wikipedy

Inslasherfilm, ekstavere asslasher-film, is infilmsjenre dat insubsjenre fan 'ehorrorfilm is. ItIngelskewurdslasher betsjut "hakker", "houwer" of "snijer". Wat dit subsjenre fan oare horrorfilms ûnderskiedt, is dat dehaadpersoan(en) te meitsjen krije mei insearjemoardner dy't almeastpsychopatyske trekken fertoant of op in oare manearnet goed by de holle is, en dy't synslachtoffers deadet meiwapens asmessen,swurden,bilen,seagen ensfh., wêrby't ornaris in soadbloed frijkomt. Nau oan 'e slasherfilm besibbe binne it subsjenre fan 'esplatterfilm (dat alhiel fiksearre is op bloed dat alle kanten útspat) en depsychologyske skriller (dy't gebrûk makket fan deselde skriktechniken, mar wêrby't de moardner alderhanne soarten wapens brûke kin).

Yn slasherfilms is de moardner meastal inmaskere persoan, waans identiteit lang ûnbekend bliuwt, wat despanning yn 'e film noch ekstra opdriuwt. De slachtoffers binne yn 'e regeltiners ofadolesinten, en faak binne dat guons dy't wat op har kerfstôk hawwe (en dêrfoar "straft" wurde moatte), of dy't der in "ferbeane" libbensstyl op nei hâlde, bgl. meidrugsgebrûk en/ofseks. Fan slasherfilms wurde gauris grutte oantallen ferfolgen makke, oant yn 'e dûbele sifers.

De âldste slasherfilm isThirteen Women, út1932. It gouden tiidrek fan 'e slasherfilm wie de1980-er jierren en de iere1990-er jierren, doe't filmrigen asHalloween,Friday the 13th enA Nightmare on Elm Street útkamen. Oare bekendeAmerikaanske slasherfilms binne:The Texas Chainsaw Massacre (1974),Scream (1996),I Know What You Did Last Summer (1997) enSaw (2004). Yn 'eNederlânske kontekst kinne foar slasherfilms oanmurken wurde:Amsterdamned (1988),Sl8n8 (2006),Sint (2010),Welp (2014) enSneekWeek (2016).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enWorks cited, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Slasherfilm&oldid=1137034"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp