Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Slangen

Ut Wikipedy
Dizze side moat nochferfryske wurde.


Slangen (Serpentes) foarmje in nau oan 'ehagedissen besibbeûnderskift fan 'ereptilen, dat ta itskift fan deskobhûdigen (Squamata) heart. Alle soarten hawwe in nei ferhâlding tige lang en tin lichem en gjin lea. Slangen binne dúdlik te ûnderskieden fan alle oare bisten en de measte oare reptilen askrokkedileftigen,skyldpodden enbrêgehagedissen. Mei guon groepen fan hagedissen is it ûnderskied net sa dúdlik.

Der besteane sa'n 3150 ferskate soarten slangen[1], wêrfan't ûngefear 15%fergiftich is[2]. Slangen bewege har altiten op it liif en de hûd is hielendal bedutsen meiskobben. Oare typyske skaaimerken binne it ûntbrekken fan beweechbereEachlidden en de oanpaste peargewize organen as delongen en denieren.

Slangen komme hast rûnom op de wrâld foar en ferskate soarten libje yn útienrinnendehabitats. Meidat sekâldbloedich binne, libje de measte soarten yn waarmere streken. In oantal soarten is oanpast oan it libjen yn ekstreem drûge omjouwings, lykaswoastinen. Der binne lykwols ek slangen dy't ûndergrûnsk libje en in soad grave of krekt oanpast binne oan in libben yn wetterige miljeus as rivieren, marren en de see.

Slangen binne troch harren lang ûnbegrepen libbenswize en gersach en harren ûnderstelde, mar faak oerskattegiftichheid in symboal fan it kwea. Yn debibel dûkt de slange sels op as in fertsjintwurdier fan deduvel yn it ferhaal fanAdam en Eva.

Der is in soad bekend oer de libbenswize, taksonomy en fuortplanting fan slangen. Slangen waarden ea as sustergroep fan de hagedissen beskôge, mar wyls is bekend dat slangen evolúsjonêr ûntstien binne út hagedissen.

Ofbylden

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Algemien
  • Cleopatra en de slange.
    Cleopatra en de slange.
  • It fangen fan in slange yn in kwekerij yn Kalkutta.
    It fangen fan in slange yn in kwekerij ynKalkutta.
  • Slangedûns fan de Hopi, wêrby't rattelslangen festhâlden wurde.
    Slangedûns fan deHopi, wêrby'trattelslangen festhâlden wurde.
  • Fergiftige slangen wurde molken.
    Fergiftige slangen wurde molken.
  • De fossile slange Eupodophis descouensi hie noch efterpoaten (mei read oanjûn).
    De fossile slangeEupodophis descouensi hie noch efterpoaten (mei read oanjûn).
  • Blynslangen hearre ta de lytste slangen fan de wrâld.
    Blynslangen hearre ta de lytste slangen fan de wrâld.
  • De plassemfan in Crotalus- soort.
    De plassemfan inCrotalus- soort.
  • Patroan fan in njirrebyt, mei de giftosken (A) en de gewoane tosken (B).
    Patroan fan in njirrebyt, mei de giftosken (A) en de gewoane tosken (B).
  • Hûd
  • Thamnophis elegans hat in ige bûnte tekening besteande út bûnte kleuren en ôfstekkende patroanen.
    Thamnophis elegans hat in ige bûnte tekening besteande út bûnte kleuren en ôfstekkende patroanen.
  • Op de búkside hat in slange (hjir Xenochrophis trianguligerus) altiten mar ien brede rige skobben, yn tsjinstelling ta hagedissen.
    Op de búkside hat in slange (hjirXenochrophis trianguligerus) altiten mar ien brede rige skobben, yn tsjinstelling ta hagedissen.
  • Sommige slangen hawwe kyltsjes op de skobben, in opsteande râne yn de lingte op de midden, hjir de kop fan de pofadder (Bitis arietans).
    Sommige slangen hawwe kyltsjes op de skobben, in opsteande râne yn de lingte op de midden, hjir de kop fan depofadder (Bitis arietans).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Suborder Ophidia (Serpentes) - Snakes, The Reptile Database
  2. Barry S. Gold, Richard C. Dart & Robert A. Barish -Bites of Venomous Snakes -Website
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Slangen&oldid=875422"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp